1920-er jierren
1920-er jierren | ||
Vivian Marinelli jout Amerikaanske basketbalspilers les yn it dûnsjen fan 'e charleston (1926). | ||
<< 1910-er jrn • 1920-er jrn • 1930-er jrn >> | ||
1920 • 1921 • 1922 • 1923 • 1924 1925 • 1926 • 1927 • 1928 • 1929 |
De 1920-er jierren, ek oantsjut as de tweintiger jierren en de jierren ’20, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1921 en duorre it oant en mei 31 desimber 1930, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1920 oant en mei 31 desimber 1929. Dit earste desennium fan it Ynterbellum krige yn it Ingelsk de bekende bynamme fan 'e Roaring Twenties, letterlik de "Brullende Tweintiger Jierren", in oantsjutting dy't ferwiist nei de ekonomyske oplibbing nei de ferskrikkings fan 'e Earste Wrâldoarloch, de maatskiplike en kulturele fernijings yn it Westen en de algemiene positive ynstelling dy't it desennium dominearre. Wylst guon dielen fan 'e wrâld, benammen yn East-Jeropa, ôfglieden nei faksisme mei totalitêre rezjyms, oerhearske yn Noard-Amearika en West-Jeropa oer it algemien it optimisme. Dêr kaam abrupt in ein oan mei de beurskrach fan 1929, dy't it begjin fan 'e Grutte Depresje en de oergong nei de 1930-er jierren foarme.
Oersjoch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tweintiger jierren wiene it earste desennium fan it Ynterbellum, doe't de ferskrikkings fan 'e Earste Wrâldoarloch en de Spaanske gryp noch mar krekt efter de rêch wiene. De lju woene dy snuorje it leafst sa gau mooglik ferjitte en de ekonomyske oplibbing holp dêrby. Fral de Feriene Steaten profitearren fan in heechkonjunktuer dy't ferlykber wie mei dy yn 'e fyftiger en sechstiger jierren, nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Mar tagelyk tierde ek de misdie dêr wielderich; de tweintiger jierren wiene nammentlik yn 'e Feriene Steaten ek de tiid fan 'e Drûchlizzing, dy't duorre fan 1919 oant 1933. Dat stelde foaroanmannen fan 'e organisearre misdie, lykas Al Capone, Lucky Luciano en Bugsy Siegel, by steat en meitsje harren fortún mei de smokkel en swarthannel yn alkoholhâldende drank.
Súd-Amearika makke yn 'e tweintiger jierren in oalje-boom troch, dy't fan Fenezuëla de op ien nei grutste ierdoalje-eksporteur fan 'e wrâld makke. Yn West-Jeropa gie it ek goed mei de ekonomy, hoewol't Dútslân, de oanstichter (en ferliezer) fan 'e Earste Wrâldoarloch, suchte ûnder de swiere lêst fan ferhelbetellings dy't de Alliëarden dat lân by it Fredesferdrach fan Versailles oplein hiene. Dat late dêr al yn 1923 ta hyperynflaasje, mei as gefolch in ûnfermogen om oan 'e skulden te foldwaan, wat wer oanlieding joech ta de Besetting fan it Ruhrgebiet troch Frankryk en Belgje. Ek oare lannen kampten yn 'e tweintiger jierren mei de gefolgen fan 'e Earste Wrâldoarloch. Sa hie Itaalje, dat oan 'e Alliëarde side fochten hie, in grutte priis oan jild en minskelibbens betelle, mar, nei de miening fan in grut diel fan 'e befolking, amper dield yn 'e oarlochsbút. Sa wie gjin inkele Dútske koloanje oergien yn Italjaanske hannen. In protestbeweging fan ûntefreden oarlochsfeteranen woeks út ta in faksistyske revolúsje dy't yn 1922 Benito Mussolini oan 'e macht brocht.
Yn 'e Sovjet-Uny wiene de kommunisten ûnder lieding fan Vladimir Lenin en Leon Trotski yn dyselde snuorje noch dwaande om nei de Oktoberrevolúsje en de Russyske Boargeroarloch harren macht te fêstigjen oer it hiele grûngebiet fan it eardere Keizerryk Ruslân. Nei de dea fan Lenin, yn 1924, ûntstie der in ynterne machtsstriid, dy't úteinlik wûn waard troch de folslein ûnmeilydsume Josef Stalin. De útwreiding fan it kommunistyske gedachteguod oer East-Jeropa brocht dêr as reäksje de opkomst fan it faksisme tewei. Yn dat ramt moat it ferfal ta diktatuer sjoen wurde fan lannen as Poalen, dêr't maarskalk Józef Piłsudski sûnt 1926 fan efter de skermen de macht yn 'e hannen hie, Litouwen, dêr't Antanas Smetona yn 1926 in steatsgreep útfierde, en Joegoslaavje, dêr't kening Aleksander I yn 1928 de keninklike diktatuer útrôp.
Op kultureel en maatskiplik mêd brochten de tweintiger jierren in hiele rige fernijings, dy't mooglik makke waarden troch de ekonomyske oplibbing, en dy't it dúdlikst sichtber wiene yn grutte stêden as New York, Chicago, Parys, Berlyn en Londen. Yn it foarste plak wie der in weromkear nei de 'normale sitewaasje' nei de hyper-emosjonele steat fan heitelânsleafde dy't mank gien wie mei de Earste Wrâldoarloch. Fierders wiene de tweintiger jierren de bloeitiid fan in nij muzyksjenre, jazz, en fan in dûns op dy muzyk, de charleston. Op it mêd fan 'e arsjitektuer foarme dizze tiid it hichtepunt fan 'e art-deco. Yn 'e keunst kaam it surreälisme op. Foar froulju kamen foar it earst knibbellange jurken en rokken yn 'e moade, in styl dy't earder net maatskiplik akseptabel west hie om't dêrtroch de ûnderskonken en ankels bleat litten waarden. Ek droegen, fral jongere, froulju harren hier skouderlang (of noch koarter), mei in ponny.
Oare fernijings yn 'e tweintiger jierren giene de ynfiering fan nijsoartige technology oan, lykas auto's, tillefoanen, radio's en húshâldlike apparaten, hoewol't soks foarbeholden wie oan 'e riken. Wol waard it foar lju út alle geledings fan 'e maatskippij mooglik om nei de bioskoop te gean om in stomme film te sjen. De yndustry woeks hurd oan, wat late ta gruttere meganisaasje. De media begûnen har foar it earst ta te lizzen op ferslachjouwing omtrint ferneamde persoanen, lykas filmstjerren en sporthelden. De measte lannen dy't dat noch net earder dien hiene, fierden fierders nei 1918 it frouljuskiesrjocht yn, mei't dat de froulju net mear mei goed fatsoen ûntsein wurde koe nei harren stipe oan 'e oarlochsynset fan 'e Earste Wrâldoarloch en harren ferdraggen fan alle lijen dat dy striid feroarsake.
De tweintiger jierren einigen mei de beurskrach fan 1929, dy't abrupt in ein makke oan alle optimisme en ekonomyske wolfeart, en de wurkleazens en earmoede fan 'e Grutte Depresje ynlette, dy't yn Jeropa en Noard-Amearika it folgjende desennium, de 1930-er jierren, dominearje soene.
Wichtichste foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 23 jannewaris - Nederlân wiist de útlevering fan 'e Dútske keizer Willem II, sa't dat easke wurdt troch de Alliëarden, ôf.
- 26 jannewaris - Yn Dútslân wurdt by in oanslach minister fan Finânsjes Matthias Erzberger fermoarde. De dieder is de rjochtse âld-ofsier Oltwig von Hirschfeld, dy't Erzberger kwea-ôf naam dat er yn 1918 de Wapenstilstân fan Compiègne ûndertekene hie.
- 30 jannewaris - Yn Spaansk-Marokko brekt de Rifoarloch út as de Berberske befolking ûnder lieding fan Abd el-Krim yn opstân komt tsjin 'e Spaanske koloniale oerhearsking.
- 2 febrewaris - Estlân slút mei kommunistysk Ruslân it Fredesferdrach fan Dorpat, wêrby't de Estyske ûnôfhinklikheid troch it rezjym yn Moskou erkend wurdt.
- 7 febrewaris - Admiraal Aleksander Koltsjak, ien fan 'e wichtichste lieders fan 'e anty-kommunistyske Witen yn 'e Russyske Boargeroarloch, wurdt troch de Readen (de kommunisten) terjochtsteld.
- 10 febrewaris - By it Sleeswyksk Selsbeskikkingsreferindum sprekt yn 'e Dútske krite Noard-Sleeswyk in mearderheid fan 'e befolking him út foar oansluting by Denemark.
- 13 febrewaris - Switserlân wurdt lid fan it Folkebûn.
- 19 febrewaris - Nederlân wurdt lid fan it Folkebûn.
- 1 maart - Admiraal Miklós Horthy wurdt troch it Hongaarske parlemint foarearst oansteld as regint, mei't it lân sûnt de ferdriuwing fan it Hûs Habsburch in keninkryk sûnder kening is.
- 5 maart - Noarwegen wurdt lid fan it Folkebûn.
- 8 maart - Denemark en Kuba wurde lid fan it Folkebûn.
- 10 maart - Sweden wurdt lid fan it Folkebûn.
- 30 maart - Grikelân wurdt lid fan it Folkebûn.
- 17 maart - Yn Dútslân mislearret de Kapp-pûtsj, it besykjen ta steatsgreep fan 'e hege amtner Wolfgang Kapp.
- 6 april - Frânske troepen besette de Dútske stêd Frankfurt-am-Main, út protest tsjin wat it Frânske regear sjocht as de 'geregelde skeinings fan it Ferdrach fan Versailles' troch de Dútsers.
- 8 april - Portegal en Roemeenje wurde lid fan it Folkebûn.
- 24 april - Yn it ramt fan 'e Fyfde Poalsk-Russyske Oarloch tsjogge Poalske troepen ûnder maarskalk Józef Piłsudski de grins mei de Oekraïne oer nei't fredesûnderhannelings mei it kommunistyske rezjym yn Moskou mislearre binne.
- 26 april - Op 'e Konferinsje fan San Remo ferdiele de Alliëarden ûnderinoar de koloanjes fan Dútslân en de net etnysk Turkske dielen fan it Osmaanske Ryk as saneamde mandaatgebieten.
- 27 april - De mei de binnenfallende Poalske troepen fan maarskalk Józef Piłsudski gearwurkjende Oekraynske nasjonalistyske foaroanman Symon Petljoera ropt de ûnôfhinklikheid út fan 'e Oekraynske Folksrepublyk.
- 28 april - De ferovering fan Azerbeidzjan troch it Reade Leger wurdt foltôge: ein fan 'e ûnôfhinklike Azerbeidzjaanske Demokratyske Republyk.
- 3 maaie - Begjin fan 'e Grutte Iraakske Revolúsje tsjin it Britske mandatêr bestjoer.
- 21 maaie - De Meksikaanske presidint Venustiano Carranza, dy't mei de nasjonale skatkiste útnaaid is út Meksiko-Stêd, wurdt yn 'e bergen fermoarde troch pleatslike guerriljastriders. Dêrmei komt nei tsien jier in ein oan 'e Meksikaanske Boargeroarloch.
- 4 juny - Yn it Grand Trianon, yn Versailles, wurdt tusken de Alliëarden en Hongarije de Frede fan Trianon sletten. Dêrby wurdt Hongarije werombrocht fan in (foaroarlochsk) grûngebiet fan 324.000 km² ta in grûngebiet fan noch mar 93.000 km². De rest wurdt opdield ûnder Roemeenje, Joegoslaavje, Tsjechoslowakije en Eastenryk.
- 8 july - It Feriene Keninkryk reorganisearret Britsk-East-Afrika ta de Keniakoloanje.
- 11 july - De Britske minister fan Bûtenlânske Saken, Lord Curzon, docht in útstel foar in grins tusken Poalen en Ruslân dy't basearre is op 'e taalgrins tusken it Poalsk oan 'e iene kant en it Wytrussysk en it Oekraynsk oan 'e oare kant. Dy grins komt bekend te stean as de Curzon-liny.
- 12 july - Litouwen slút frede mei kommunistysk Ruslân, wêrby't de Litouske ûnôfhinklikheid troch it rezjym yn Moskou erkend wurdt.
- 16 july - Op 'e Konferinsje fan Spa, yn Belgje, wurdt oerienstimming berikt oer de swierte fan 'e ferhelbetellings dy't Dútslân oan 'e Alliëarden dwaan moat.
- 16 july - Sina wurdt lid fan it Folkebûn.
- 24 july - By it net alhiel sûnder yntimidaasje ferrûne Selsbeskikkingsreferindum yn 'e Eastkantons kiest de befolking fan 'e Dútske kriten Eupen en Malmédy foar oansluting by Belgje.
- 28 july - Poalen en Tsjechoslowakije slute in akkoart oer de omstriden grinskrite Teschen, dy't opdield wurdt.
- 10 augustus - Tusken de Alliëarden en it Osmaanske Ryk wurdt yn 'e Paryske foarstêd Sèvres de Frede fan Sèvres sletten. Dêrby ferliest it Osmaanske Ryk alle gebietsdielen dy't net etnysk Turksk binne, wêrûnder Syrje, Mesopotaamje, Palestina, de Hidjas, de Nêzjd, Noard-Jemen, West-Armeenje en Koerdistan.
- 10 augustus - De ûnôfhinklikheid fan it Keninkryk fan de Hidjas kriget ynternasjonale erkenning.
- 11 augustus - Letlân slút mei kommunistysk Ruslân it Fredesferdrach fan Riga, wêrby't de Letske ûnôfhinklikheid troch it rezjym yn Moskou erkend wurdt.
- 14 augustus - Tsjechoslowakije en Joegoslaavje slute in militêr bûnsgenoatskip.
- 16 augustus - Yn it ramt fan 'e Fyfde Poalsk-Russyske Oarloch bringe Poalske troepen it Russyske Reade Leger, dat al yn 'e foarstêden fan 'e Poalske haadstêd Warsjau stiet, yn 'e Slach om Warsjau in ferpletterjende nederlaach ta.
- 28 augustus - Troch de ratifikaasje troch alle 48 Amerikaanske steaten wurdt it Njoggentjinde Amendemint oan de Amerikaanske Grûnwet fan krêft, dat de ynfiering fan it frouljuskiesrjocht yn 'e Feriene Steaten regelet.
- 24 septimber - Tusken twa steaten sûnder ynternasjonale erkenning, de Republyk Turkije en de Demokratyske Republyk Armeenje, brekt de Turksk-Armeenske Oarloch út. Dit konflikt makket ûnderdiel út fan 'e gruttere Turkske Unôfhinklikheidsoarloch.
- 29 septimber - Belgje anneksearret formeel de saneamde Eastkantons Eupen en Malmédy.
- 10 oktober - Itaalje anneksearret de Eastenrykske krite Súd-Tiroal.
- 10 oktober - De Koeweitysk-Nêzjdyske Oarloch einiget mei de weromlûking fan 'e Nêzjdyske troepen út Koeweit.
- 14 oktober - Finlân slút mei kommunistysk Ruslân it Ferdrach fan Dorpat, wêrmei't in ein komt oan 'e Earste Finsk-Russyske Oarloch. Finlân jout syn oanspraken op eastlik Kareelje op, en Ruslân stiet in pear grinsdistrikten ôf mei dêropta yn it hege noarden de saneamde Petsamo-korridor, dy't Finlân in lyts stikje kustline oan 'e Barentssee jout.
- 11 novimber - Britske troepen ûnderdrukke de Grutte Iraakske Revolúsje. Lykwols komt der no in lânseigen regear foar it mandaatgebiet Irak.
- 12 novimber - Itaalje en Joegoslaavje slute it Ferdrach fan Rapallo. Itaalje jout syn oanspraken op it fêstelân fan Dalmaasje op en kriget de soevereiniteit oer de stêd Zadar (Italjaansk: Zara) en oer fjouwer Dalmatyske eilannen. Joegoslaavje waarboarget de rjochten fan 'e etnysk Italjaanske minderheid yn Dalmaasje.
- 15 novimber - De stêd Danzig (Poalsk: Gdańsk), oan 'e Eastsee, wurdt ûnôfhinklik ûnder tafersjoch fan it Folkebûn as de Frije Stêd Danzig.
- 15 novimber - De evakuaasje fan it Wite leger fan generaal Pjotr Wrangel fan de Krim nei Konstantinopel wurdt foltôge. Dêrmei komt yn Jeropeesk-Ruslân in ein oan 'e Russyske Boargeroarloch.
- desimber - Yn Britsk-Ynje kiest it Yndysk Nasjonaal Kongres Mahatma Gandhi ta lieder.
- 2 desimber - De Turksk-Armeenske Oarloch einiget yn in oertsjûgjende Turkske oerwinning.
- 4 desimber - De ferovering fan Armeenje troch it Reade Leger wurdt foltôge: ein fan 'e ûnôfhinklike Demokratyske Republyk Armeenje.
- 5 desimber - Yn it Gryksk monargyreferindum stimt in mearderheid fan 'e befolking foar it wer ynstellen fan 'e monargy. Dêrmei kin kening Konstantyn I út ballingskip weromkeare.
- 23 desimber - Mei de ûndertekening troch kening George V fan it Feriene Keninkryk fan 'e Home Rule Act wurdt de opdieling fan it eilân Ierlân yn Ierlân en Noard-Ierlân fan krêft. Beide gebieten krije selsbestjoer.
- 28 desimber - De Italjaanske marine makket mei in bombardemint in ein oan 'e besetting fan 'e Frijsteat Fiume (Rijeka) troch Italjaanske nasjonalisten ûnder lieding fan Gabriele d'Annunzio.
- 25 febrewaris - Georgje wurdt ferovere troch it Reade Leger en wurdt diel fan 'e Sovjet-Uny. Ein fan 'e Demokratyske Republyk Georgje.
- 8 maart - Frankryk stjoert troepen om 'e Dútske stêd Düsseldorf te besetten en dêrmei Dútslân te twingen om 'e ferplichtings fan it Ferdrach fan Versailles nei te kommen.
- 7-17 maart - De Opstân fan Kronsjtadt, ûnder matroazen fan 'e Russyske marine, wurdt mei grou geweld troch it kommunistyske bewâld delslein.
- 17 maart - Yn Ruslân kundiget de kommunistyske regearingslieder Vladimir Lenin de ynfiering fan 'e Nije Ekonomyske Polityk oan, wêrby't de drastyske kommunistyske maatregels dy't de ôfrûne jierren nommen binne op it mêd fan 'e ekonomy foar in part weromdraaid wurde.
- 18 maart - Ein fan 'e Fyfde Poalsk-Russyske Oarloch. Poalen en Ruslân slute de Frede fan Riga.
- 20 maart - By it Oppersilezysk Selsbeskikkingsreferindum kiest 60% fan 'e befolking derfoar om diel fan Dútslân te bliuwen (en tsjin oansluting by Poalen).
- 7 april - Sun Yat-sen wurdt oansteld as presidint fan 'e Republyk Sina.
- 23 april - Roemeenje en Tsjechoslowakije slute in militêr bûnsgenoatskip.
- 3 maaie - Yn Opper-Sileezje brekt ûnder de Poalske minderheid in anty-Dútske opstân út.
- 21 maaie - Yn 'e Slach by Annaberg, yn 'e neite fan Oppeln (Poalsk: Opole) wurde de Poalske opstannelingen yn Opper-Sileezje ferslein troch Dútske frijkorpsen.
- 31 maaie-1 juny - By de rasse-opskuor fan Tulsa komme yn Tulsa (Oklahoma) 100 oant 300 minsken om it libben en wurde mear as 35 stedsblokken ferwuostge as in breinroere rasistyske blanke kliber de swarte stedsbuert Greenwood oanfalt.
- 7 juny - It sluten fan in militêr bystânsferdrach tusken Roemeenje en Joegoslaavje makket in nij militêr bûnsgenoatskip tusken dy beide lannen en Tsjechoslowakije kompleet. It bûnsgenoatskip kriget de namme de Lytse Entânte.
- 11 juny - Brazylje fiert it frouljuskiesrjocht yn.
- 1 july - By de Slach om Annual bringt de Berberske lieder Abd el-Krim de Spanjerts in swiere nederlaach ta, wêrby't sa'n 8.000 Spaanske soldaten sneuvelje. By de dêropfolgjende ôftocht fan 'e Spaanske troepen út it Rifberchtme komme nochris 5.000 man om.
- 22 july - De Britske premier David Lloyd George en de Ierske opstannelingelieder Éamon de Valera slute in wapenstilstân. Ein fan 'e Ierske Unôfhinklikheidsoarloch.
- 23 july - Faisal I wurdt kroane ta kening fan Irak.
- 23 july - Yn Sjanghai wurdt de Kommunistyske Partij fan Sina oprjochte.
- 2 augustus - De Russyske kommunistyske foaroanman Vladimir Lenin freget de wrâldmienskip om help fanwegen de jammerdearlike hongersneed yn it streamgebiet fan 'e Wolga.
- 14 augustus - Tannû-Tûva wurdt ûnôfhinklik fan Sina.
- 15 augustus - Yn Novosibirsk, yn Sibearje, wurdt de 'Wite Baron' terjochtsteld: de Wite kriichshear Roman von Ungern-Sternberg, dy't fan jannewaris oant en mei july in wier skrikbewâld fierd hat yn Mongoalje.
- 20 oktober - Ein fan 'e Frânsk-Turkske Oarloch. De Frânsen jouwe harren koloniale oanspraken op Silysje en Opper-Mesopotaamje op.
- 2 novimber - Mei de Ynname fan Haïl foltôget Abdûlazyz ibn Saûd, de emir fan 'e Nêzjd út it Hûs fan Saûd, de ferovering fan it Emiraat Djebel Sjammar, de sit fan it rivalisearjende Hûs fan Rasjiid.
- 9 novimber - Yn 'e Italjaanske haadstêd Rome rjochtet Benito Mussolini de Nasjonale Faksistyske Partij op.
- 14 novimber - It Hûs Habsburch wurdt troch it Hongaarske parlemint definityf ferfallen ferklearre fan 'e Hongaarske troan.
- 6 desimber - De regearings fan it Feriene Keninkryk en Ierlân slute it Britsk-Iersk Ferdrach, wêrmei't definityf in ein komt oan 'e Ierske Unôfhinklikheidsoarloch. Der sil in Ierske Frijsteat oprjochte wurde dy't dominionstatus krije sil binnen it Britske Ryk.
- 14 desimber - By in selsbeskikkingsreferindum sprekt de befolking fan 'e stêd Ödenburg (Hongaarsk: Sopron), dy't súdeastlik fan Wenen leit, him út foar oansluting by Hongarije.
- 7 jannewaris - It Ierske parlemint ratifisearret it Britsk-Iersk Ferdrach. De Ierske tsjinstanners fan it opjaan fan Noard-Ierlân rinne ûnder lieding fan Éamon de Valera lulk fuort.
- 5 febrewaris - Op 'e Marinekonferinsje fan Washington, yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., slute de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Itaalje, Japan, Nederlân, Belgje, Portegal en Sina oerienkomsten oer û.m. de relative grutte fan harren marines.
- 28 febrewaris - Egypte wurdt yn namme ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk (hoewol't it yn 'e praktyk oant nei de Twadde Wrâldoarloch ûnder Britske politike en militêre ynfloed bliuwe sil).
- 22 maart - Yn Britsk-Ynje wurdt de lânseigen foaroanman Mahatma Gandhi troch it Britske koloniaal bestjoer foar it opstokeljen fan 'e befolking feroardiele ta seis jier finzenisstraf.
- 14 april - Yn Dublin, de haadstêd fan 'e Ierske Frijsteat, besette de tsjinstanners fan 'e frede mei it Feriene Keninkryk it Paleis fan Justysje, de Four Corners.
- 16 april - Dútslân en kommunistysk Ruslân slute it Ferdrach fan Rapallo, wêrby't Dútslân it kommunistyske rezjym erkend en beide lannen ôfsjogge fan ferhelbetellings oangeande de Earste Wrâldoarloch.
- 1 maaie - De Feriene Steaten en Kolombia berikke oerienstimming oer in Amerikaanske skeafergoeding oan Kolombia foar it feit dat de Kolombiaanske provinsje Panama yn 1903 mei Amerikaanske stipe ûnôfhinklik wurden is. Kolombia kriget no fan 'e Feriene Steaten $25 miljoen, útsmard oer fiif jierlikse terminen.
- 26 maaie - Sovjet-lieder Vladimir Lenin wurdt troffen troch in oerhaal. Syn taken wurde waarnommen troch Josef Stalin, de siktaris-generaal fan 'e Kommunistyske Partij fan Ruslân.
- 24 juny - De Dútske minister fan Bûtenlânske Saken Walther Rathenau wurdt by in oanslach fermoarde. Hy wie it slachtoffer in politike hetze troch tsjinstanners fan it troch him sletten Ferdrach fan Rapallo, mei kommunistysk Ruslân.
- 28 juny - Yn Dublin, de haadstêd fan 'e Ierske Frijsteat, begjinne regearingstroepen mei de besjitting fan it Paleis fan Justysje (de Four Corners), dat al sûnt mids april troch rebellen beset wurdt. Dit is it begjin fan 'e Ierske Boargeroarloch tusken de foarstanners fan in fredesferdrach mei it Feriene Keninkryk (wêrby't Noard-Ierlân opjûn wurdt), en dejingen dy't neat witte wolle fan it opjaan fan Noard-Ierlân en ynstee oan it bittere ein ta trochfjochtsje wolle.
- 30 juny - De Ierske rebellen dy't yn Dublin it Paleis fan Justysje beset hâlde, jouwe har oer.
- 5 july - Yn it Braziliaanske Rio de Janeiro brekt in legerrebûlje út, de saneamde Opstân fan de Luitenanten.
- 31 july - Yn Itaalje brekt in algemiene staking út om it regear te twingen en kom fanwegen tsjin 'e terreur dy't faksistyske groepearrings útoefenje tsjin fakbûnsleden.
- 8 augustus - Yn Itaalje slagget it de faksisten om 'e algemiene staking te brekken mei terreur tsjin 'e stakers.
- 22 augustus - Michael Collins, it haad fan it regear fan 'e Ierske Frijsteat, komt yn 'e Ierske Boargeroarloch om by gefjochten mei rebellen.
- 9 septimber - Nei de Turkske ferovering fan Smyrna op it Grykske leger, yn it ramt fan 'e oangeande Gryksk-Turkske Oarloch, wurdt in bloedbad oanrjochte ûnder ynwenners fan Gryksk en Armeensk komôf, en teffens wurdt de stêd suver platbrânt by de Grutte Brân fan Smyrna.
- 16 septimber - Yn it ramt fan 'e Gryksk-Turkske Oarloch ferdriuwt it Turkske leger de lêste Grykske troepen út Lyts-Aazje.
- 18 septimber - Hongarije wurdt lid fan it Folkebûn.
- 27 septimber - Fanwegen de nederlaach yn 'e Gryksk-Turkske Oarloch moat kening Konstantyn I fan Grikelân foar de twadde kear ôfstân dwaan fan 'e troan en yn ballingskip gean.
- 11 oktober - De Gryksk-Turkske Oarloch einiget mei in wapenstilstân yn in Grykske nederlaach.
- 28 oktober - De Italjaanske faksistyske foaroanman Benito Mussolini oarderet syn oanhingers om 'e Mars op Rome te begjinnen, mei as doel om it regear fan it lân oer te nimmen. Keningts Fiktor Emanuel III wegeret lykwols de needtastân út te roppen út eangst foar sawol in bloedbad as syn eigen ôfsetting as monarch.
- 30 oktober - Kening Fiktor Emanuel III fan Itaalje jout belies en beneamt de faksistyske lieder Benito Mussolini ta premier fan Itaalje.
- 1 novimber - De lêste sultan fan it Osmaanske Ryk, Mehmed VI, wurdt troch it regear fan 'e Republyk Turkije ôfset
- 17 novimber - De lêste sultan fan it Osmaanske Ryk, Mehmed VI, ferlit Konstantinopel en giet yn ballingskip op Britsk-Malta.
- 26 novimber - De Britske argeolooch Howard Carter ûntdekt yn Egypte it grêf fan farao Tûtanchamon yn 'e Delling fan de Keningen.
- 6 desimber - Mei it oannimmen fan 'e grûnwet troch it Ierske parlemint wurdt de ûnôfhinklikheid fan 'e Ierske Frijsteat (de foarrinner fan it moderne Ierlân) in feit.
- 16 desimber - Gabriel Narutowicz, de noch mar krekt keazen presidint fan Poalen, wurdt by in oanslach fermoarde.
- 17 desimber - De lêste Britske troepen ferlitte it grûngebiet fan 'e Ierske Frijsteat.
- 30 desimber - De Uny fan Sosjalistyske Sovjetrepubliken (USSR, koartwei de Sovjet-Uny) wurdt oprjochte.
- 10 jannewaris - Litouske troepen besette it Memellân, in kuststripe oan 'e Eastsee. It Litouske regear ferklearret it gebiet dêrmei anneksearre.
- 11 jannewaris - Frankryk en Belgje geane oer ta de militêre Besetting fan it Ruhrgebiet, om't Dútslân net mear foldwaan kin oan 'e yn it Ferdrach fan Versailles fêstleine ferhelbetellings.
- 22 jannewaris - De mynwurkers yn it Ruhrgebiet geane foar ûnbeskate tiid yn staking út protest tsjin 'e Frânske en Belgyske Besetting fan it Ruhrgebiet.
- 28 jannewaris - It Frânske regear slút it Ruhrgebiet hermetysk ôf fan 'e rest fan Dútslân en fiert mynwurkers oan út Frankryk om 'e staking fan 'e pleatslike mynwurkers te brekken.
- 28-29 jannewaris - Yn München wurdt it 1e Kongres fan 'e nasjonaal-sosjalistyske NSDAP holden.
- 5 febrewaris - Yn Itaalje lit de faksistyske premier Benito Mussolini tûzenen sosjalisten en kommunisten oppakke.
- 16 febrewaris - De Alliëarden akseptearje de Litouske anneksaasje fan it Memellân.
- 31 maart - Yn 'e Dútske stêd Essen iepenje Frânske troepen it fjoer op demonstrearjende arbeiders op it fabryksterrein fan Krupp. By dit Bloedbad fan Essen komme 13 arbeiders om en reitsje mear as 30 ferwûne, fan wa guon earnstich.
- 27 april - It faksistyske rezjym fan Benito Mussolini yn Itaalje beslist dat plakken yn Súd-Tiroal gjin Dútsktalige plaknammen mear hawwe meie. Alle nammen wurde italjanisearre.
- 24 maaie - Yn 'e Ierske Frijsteat komt in ein oan 'e bloedige Ierske Boargeroarloch troch de oerjefte fan 'e republikeinske rebellen fan Éamon de Valera.
- 5 juny - De presidint fan 'e Dútske sintrale bank, Rudolf Havenstein, makket bekend dat syn Reichsbank de fal fan 'e Reichsmark net mear keare kin.
- 9 juny - By in steatsgreep yn Bulgarije wurdt premier Aleksander Stambûliski ôfset.
- 15 juny - Yn 'e neite fan syn wenplak Slavovitsa wurdt de ôfsette Bulgaarske premier Aleksander Stambûliski troch militêren stânrjochtlik eksekutearre.
- 24 july - Grikelân en Turkije slute yn it Switserske Lausanne it Ferdrach fan Lausanne, wêrmei't in ein komt oan sawol de Gryksk-Turkske Oarloch as oan 'e Turkske Unôfhinklikheidsoarloch. Dit ferdrach, dêr't de grinzen fan 'e nije Turkske Republyk yn fêstlein binne, betsjut lykwols ek de ein foar de ûnôfhinklike steaten fan 'e Koerden en de Armenen, ta de oprjochting wêrfan't besletten wie yn it eardere Ferdrach fan Sèvres.
- 2 augustus - De Amerikaanske presidint Warren Harding beswykt oan in oerhaal. Hy wurdt opfolge troch syn fise-presidint Calvin Coolidge.
- 31 augustus - It Folkebûn ferlient oan Belgje it mandaat oer de eardere Dútske koloanje Rûanda-Oerûndy.
- 31 augustus - De Italjaanske premier Benito Mussolini stjoert troepen om it Grykske eilân Korfû te besetten, nei't oan 'e grins fan Grikelân mei Albaanje inkele Italjaanske ofsieren fermoarde binne.
- 13 septimber - By in steatsgreep yn Spanje, dy't útfierd wurdt mei goedkarring fan kening Alfûns XIII, komt in militêre diktatuer ûnder lieding fan Miguel Primo de Rivera oan 'e macht.
- 26 septimber - It Dútske regear fan kânselier Gustav Stresemann jout it ferduldich ferset tsjin 'e Frânske-Belgyske Besetting fan it Ruhrgebiet op om't it finansjeel net mear op te bringen is.
- 27 septimber - Nei ynternasjonale bemiddeling jout de Italjaanske premier Benito Mussolini de besetting fan Korfû op.
- 29 oktober - De Republyk Turkije wurdt formeel útroppen. De eardere generaal Mustafa Kemal Atatürk wurdt ta presidint keazen.
- 9 novimber - Yn München docht in espeltsje leden fan 'e marzjinale Nasjonaal-Sosjalistyske Dútske Arbeiderspartij ûnder lieding fan âld-generaal Erich Ludendorff en de Eastenriker Adolf Hitler in mislearre steatsgreep, de saneamde Bierkelderpûtsj, tsjin 'e regearings fan 'e Frijsteat Beieren en de Weimarrepublyk. De NSDAP wurdt neitiid ferbean.
- 14 jannewaris - De Alliëarden beslute om 'e stêd Rijeka (Italjaansk: Fiume), yn Istrje, dochs ta te wizen oan Itaalje. Dêrmei komt in ein oan 'e Frijsteat Fiume.
- 21 jannewaris - Yn Moskou komt de kommunistyske foaroanman Vladimir Lenin nei in nije oerhaal te ferstjerren.
- 23 jannewaris - Ramsay MacDonald wurdt de earste sosjalistyske premier fan it Feriene Keninkryk.
- 25 jannewaris-5 febrewaris - Yn Chamonix, yn Frankryk, wurdt de earste edysje fan 'e Olympyske Winterspullen holden.
- 8 febrewaris - Yn 'e Feriene Steaten wurdt foar it earst in deastraf útfierd mei help fan in gaskeamer.
- 24 febrewaris - Mahatma Gandhi, de foaroanman fan it Yndysk Nasjonaal Kongres, wurdt yn Britsk-Ynje frijlitten út Britske finzenskip fanwegen syn swakke sûnens.
- 26 febrewaris - Yn München begjint it proses tsjin Adolf Hitler, Erich Ludendorff en de oare dieders fan 'e mislearre Bierkelderpûtsj.
- 9 maart - Joegoslaavje stimt nei trije jier dwerslizzen yn mei de anneksaasje fan Fiume troch Itaalje. Yn ruil dêrfoar sjocht Itaalje ôf fan alle oare oanspraken op Istrje en Dalmaasje.
- 1 april - De rjochtbank yn München leit de nasjonaal-sosjalistyske foaroanman Adolf Hitler, foar syn oandiel yn 'e saneamde Bierkelderpûtsj, in tige mylde finzenisstraf fan fiif jier op en in jildboete fan 200 goudmark. Syn meistanner, de âld-generaal Erich Ludendorff, tsjin wa't ûnder it proses earnstich belêstend bewiismateriaal boppe wetter kommen wie, wurdt sels hielendal frijsprutsen.
- 6 april - By parlemintsferkiezings yn Itaalje, dy't mank geane mei slimme terreur fan 'e faksisten tsjin al harren tsjinstanners, wint de Nasjonale Faksistyske Partij fan Benito Mussolini 65% fan 'e stimmen.
- 1 maaie - Yn 'e Grykske haadstêd Atene wurdt troch premier Eleftherios Venizelos de Helleenske Republyk útroppen.
- 4 maaie - By Ryksdeiferkiezings yn Dútslân ferlieze alle demokratyske politike partijen oanhing. Winst wurdt boekt troch de kommunisten en de rjochts-ekstremistyske Deutschvölkische Freiheitspartei (DVFP), dêr't û.m. de nasjonaal-sosjalisten fan 'e eardere NSDAP harren by oansletten hawwe.
- 8 maaie - It Memellân wurdt troch de Alliëarden definityf oan Litouwen tawiisd.
- 14 maaie - Yn noardlik Marokko wurdt de Ynternasjonale Sône fan Tanger oprjochte.
- 23 maaie - Op it partijkongres fan 'e Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny wit Josef Stalin syn rivaal Leon Trotski hast hielendal te isolearjen. Trotski wurdt troch Stalin en dy syn trewanten beskuldige fan anty-marxistyske ôfwikings, yllegale fraksjefoarming, mensjevistyske en lytsboargerlike tinkbylden en oare misdriuwen en flaters.
- 10 juny - Yn 'e Italjaanske haadstêd Rome wurdt de sosjalistyske foaroanman Giacomo Matteotti troch faksisten fermoarde.
- 29 augustus - De Dútske Ryksdei stimt yn mei it troch Alliëarden foarleine Dawesplan (in betinksel fan 'e Amerikaanske bankier Charles G. Dawes), dat ekonomyske herfoarmings foarstiet dy't Dútslân by steat stelle moatte om te foldwaan oan 'e ferhelbetellings.
- 17 septimber - It Italjaanske regear seit it yn 1920 mei Joegoslaavje sletten Ferdrach fan Rapallo op. Dat betsjut dat Itaalje wer oanspraak makket op 'e Joegoslavyske dielen fan Dalmaasje.
- 29 septimber - De Dominikaanske Republyk wurdt lid fan it Folkebûn.
- 16 oktober - Hûssein bin Ali, de kening fan 'e Hidjas, docht ôfstân fan 'e troan en giet yn ballingskip op Syprus. Syn soan soan Ali folget him op en set de striid tsjin 'e Nêzjdyske ynfallers fuort.
- 26 novimber - De (kommunistyske) Mongoalske Folksrepublyk wurdt oprjochte.
- 30 novimber - Frankryk makket in begjin mei it weromlûken fan syn troepen út it Ruhrgebiet.
- 7 desimber - By Ryksdeiferkiezings yn Dútslân ferlieze de nasjonaal-sosjalistyske NSDAP en de kommunistyske KPD sitten. De grutte winner is de sosjalistyske SPD.
- 20 desimber - It Dútske regear ferlient Adolf Hitler, de eardere lieder fan 'e nasjonaal-sosjalistyske NSDAP, graasje foar syn oandiel yn 'e Bierkelderpûtsj. Hy komt daliks frij. Hy hat al mei al mar twa jier fêstsitten; dy tiid hat er brûkt om it boek Mein Kampf te skriuwen.
- 24 desimber - By in steatsgreep yn Albaanje grypt de eardere premier Ahmed Zogu de macht.
- 27 desimber - De Feriene Steaten beëinigje harren besetting fan 'e Dominikaanske Republyk, dy't al fan 1916 ôf duorret.
- 3 jannewaris - De Italjaanske faksistyske premier Benito Mussolini ûntbynt it parlemint en lûkt alle macht nei himsels ta. Fan no ôf oan sil er regearje as diktator.
- 16 jannewaris - Yn 'e Sovjet-Uny wurdt Leon Trotski ôfset as folkskommissaris (minister) fan Definsje. Dit is in grutte politike oerwinning foar syn rivaal Josef Stalin.
- 31 jannewaris - Yn Albaanje ropt it parlemint de Albaneeske Republyk út. Ahmed Zogu, dy't yn desimber 1924 troch in steatsgreep oan 'e macht kaam, wurdt de earste presidint.
- 14 febrewaris - Yn 'e Dútske dielsteat Beieren wurdt it ferbod op 'e NSDAP opheft.
- 26 febrewaris - Yn it súdeasten fan Turkije brekt ûnder de Koerden de Opstân fan Sjeik Saïd út.
- 27 febrewaris - Yn Berlyn rjochtet Adolf Hitler fannijs de NSDAP op, dy't yn 1923, nei de Bierkelderpûtsj, ferbean wie.
- 6 maart - Yn 'e Eastkantons Eupen, Malmédy en Sankt-Vith wurdt de Belgyske wet fan krêft. Dêrtroch komme dy eardere Dútske gebieten foargoed by Belgje te hearren.
- 25 april - By presidintsferkiezings yn Dútslân wurdt de eardere generaal Paul von Hindenburg ta presidint fan 'e Weimarrepublyk keazen.
- 28 april - Turkske troepen smoare de Koerdyske Opstân fan Sjeik Saïd yn bloed. In soad Koerden nimme de wyk nei Irak en Perzje. Sjeik Saïd, de lieder fan 'e opstân, wurdt troch de Turken finzen nommen.
- 30 maaie - Yn Sjanghai iepenje Britske mariniers it fjoer op in demonstraasje fan 10.000 Sinezen, dy't de frijlitting fan hûndert studinten easkje dy't nei eardere protesten yn 'e Britske konsesje yn Sjanghai fêstholden wurde. By dit Bloedbad fan Sjanghai falle tsientallen deaden.
- 20 july - Itaalje en Joegoslaavje slute in rige technyske ferdraggen oer Fiume (Rijeka), Zara (Zadar) en de Italjaanske minderheid yn Dalmaasje.
- 20 july - Yn Frânsk-Syrje brekt ûnder lieding fan Sûltan al-Atrasj de Grutte Druzyske Opstân út tsjin 'e Frânske koloniale oerhearsking.
- 26 july - De Frânske oarlochsheld maarskalk Philippe Pétain wurdt nei Frânsk-Marokko stjoerd om it befel oer de Frânske troepen te nimmen dy't yn 'e saneamde Rifoarloch yn gearwurking mei Spanje de Berberske opstân fan Abd el-Krim besykje te ûnderdrukken.
- 8 augustus - De rasistyske Ku Klux Klan hâldt foar it earst in lanlike manifestaasje yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.
- 10 augustus - Yn Nederlân wurdt it doarp Borculo, yn 'e Achterhoeke, ferwuostge troch in wynhoas. Der falle 4 deaden en likernôch 80 ferwûnen, en 2.000 fan 'e 5.000 ynwenners reitsje dakleas.
- 25 augustus - De lêste Frânske en Belgyske troepen wurde weromlutsen út it Ruhrgebiet. Dêrmei komt in ein oan 'e Besetting fan it Ruhrgebiet.
- 4 septimber - Sjeik Saïd, de lieder fan 'e ûnderdrukte Koerdyske Opstân fan Sjeik Saïd, wurdt troch de Turkske autoriteiten mei 47 oare foaroanlju fan 'e Koerdyske minderheid ophongen foar de moskee fan Diyarbakır.
- 1 oktober - By in steatsgreep yn Sily komt generaal Carlos Ibáñez del Campo oan 'e macht. Hy skoot de strieman Emiliano Figueroa Larrain as presidint nei foarren.
- 16 oktober - Op in konferinsje yn it Switserske Locarno wurdt it Ferdrach fan Locarno sletten. Underdiel dêrfan is it saneamde Rynpakt, wêrby't Dútslân oan 'e iene kant en Frankryk en Belgje oan 'e oare kant ûnthjitte net besykje te sillen om 'e hjoeddeistige rin fan 'e ynternasjonale grinzen mei geweld te feroarjen. It Feriene Keninkryk en Itaalje steane garant foar it neilibjen fan dy ôfspraken. Fierders giet Dútslân akkoart mei de Demilitarisaasje fan it Rynlân, en Frankryk slút in militêr bûnsgenoatskip mei Poalen en Tsjechoslowakije.
- 18-19 oktober - De Frânske generaal Maurice Sarrail lit Damaskus, de haadstêd fan Frânsk-Syrje, bombardearje. Dêrmei wurdt de Grutte Duzyske Opstân, dy't oerslein wie nei de Arabyske dielen fan Syrje, tydlik ûnderdrukt.
- 11 novimber - Yn Nederlân brekt in regearingskrisis út as yn 'e Nacht fan Kersten troch in amendemint fan Gerrit Kersten, de fraksjefoarsitter fan 'e lytse SGP, de útjeften foar it Nederlânsk gesantskip by it Fatikaan fan 'e begrutting fan it Ministearje fan Bûtenlânske Saken skrast wurdt.
- 12 desimber - Yn Perzje komt nei de ôfsetting fan 'e Kadjar-dynasty de eardere minister fan Oarloch Reza Pahlavi as sjah op 'e troan.
- 16 desimber - It Folkebûn beslút dat de provinsje Mosûl, in omstriden gebiet tusken Turkije en Irak, by Irak bliuwt.
- 19 desimber - Abdûlazyz ibn Saûd, de emir fan 'e Nêzjd, foltôget syn ferovering fan it Keninkryk fan de Hidjas. Kening Ali fan de Hidjas moat belies jaan.
- 31 desimber - Op it partijkongres fan 'e Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny besiket in trijemanskip besteande út Leon Trotski, Grigorij Zinovjev en Ljev Kamenev de oanwaaksende ynfloed fan Josef Stalin te kearen.
- 8 jannewaris - Abdûlazyz ibn Saûd, de emir fan 'e Nêzjd, wurdt troch de hegerein fan Mekka, Medina en Djedda útroppen ta kening fan 'e Hidjas.
- 28 jannewaris - Abdûlazyz ibn Saûd foeget syn beide riken, de Nêzjd en de Hidjas, gear ta it Keninkryk fan de Hidjas en de Nêzjd (de foarrinner fan Saûdy-Araabje).
- 20 maart - Chiang Kai-shek, de lieder fan 'e Sineeske nasjonalistyske partij Guomintang, begjint mei in yngeande suvering fan syn partij om dy fan alle kommunistyske ynfloeden te ûntdwaan.
- 12 maaie - By in steatsgreep yn Poalen wurdt presidint Stanisław Wojcieckowski ôfset en lûkt maarskalk Józef Piłsudski alle macht nei himsels ta.
- 26 maaie - Mei de oerjefte fan 'e Riffynske lieder Abd el-Krim komt der in ein oan 'e slepende Rifoarloch yn Spaansk-Marokko.
- 28-31 maaie - By in steatsgreep yn Portegal wurdt presidint Bernardino Machedo ôfset en komt generaal Manuel Gomes da Costa oan 'e macht.
- 12 juny - Brazylje seit syn lidmaatskip fan it Folkebûn op.
- 9 july - By in steatsgreep yn Portegal wurdt generaal Manuel Gomes da Costa ôfset en komt de monargistyske generaal João José Sinel de Cordes oan 'e macht.
- 12 july - Yn Sina begjint de nasjonalistyske lieder Chiang Kai-shek oan in fjildtocht tsjin 'e kriichshear Wu Peifu.
- 22 augustus - By in steatsgreep yn Grikelân wurdt in ein makke oan 'e diktatuer fan generaal Theodoros Pangulos. De nije machthawwer is generaal George Kondylis.
- 23 augustus - It hommels ferstjerren op 31-jierrige leeftyd fan 'e Amerikaanske filmstjer Rudolph Valentino ropt hystearyske uterings fan roubeklach op ûnder syn fans.
- 10 septimber - Dútslân wurdt lid fan it Folkebûn.
- 19 oktober - Yn 'e Sovjet-Uny wurdt Leon Trotski út it Politburo fan 'e Kommunistyske Partij set.
- 13 novimber - It Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (KNIL) slacht yn Batavia, yn Nederlânsk-Ynje, de Yndonezyske Opstân fan 1926 del, wêrby't mear as 300 deaden falle.
- 22 novimber - Op 'e Rykskonferinsje (Imperial Conference) yn Londen wurdt besletten dat de dominions (Austraalje, Kanada, Nijfûnlân, Nij-Seelân, Súd-Afrika en de Ierske Frijsteat) binnen it ramt fan it Britske Ryk in status krije dy't gelyk is oan dy fan it Feriene Keninkryk sels. Benammen Súd-Afrika en de Ierske Frijsteat hiene dêrop oankrongen.
- 27 novimber - De oanwaaksende ynfloed fan Itaalje op Albaanje wurdt formalisearre troch it sluten fan it Ferdrach fan Tirana.
- 17 desimber - By in steatsgreep yn Litouwen wurde presidint Kazys Grinius en premier Mykolas Sleževičius ôfset. Antanas Smetona wurdt diktator, wylst generaal Augustinas Woldemaras oan it haad fan it nije regear komt te stean.
- 26 desimber - Yn Tokio wurdt Hirohito kroane ta keizer fan Japan.
- 29 jannewaris - Yn Dútslân wurdt in nij regear foarme troch kânselier Wilhelm Marx, dêr't foar it earst ek de nasjonalistyske partij DNVP yn opnommen is.
- 3-13 febrewaris - By in mislearre opstân tsjin 'e diktatuer fan presidint Antonio de Fragoso Carmona falle yn Portegal hûnderten deaden.
- 19 febrewaris - Yn Sjanghai brekt in algemiene staking út tsjin 'e oanwêzigens fan 'e Britten yn 'e konsesjes Hankou en Kiukang.
- 18 april - De nasjonalistyske Sineeske foaroanman Chiang Kai-shek rjochtet yn Nanjing in eigen regear op, dat net mear oarders oannimt fan it offisjele regear fan 'e nasjonalistyske partij Guomintang, fêstige yn Wuhan.
- 11 april - Yn Sily ropt generaal Carlos Ibáñez del Campo himsels út ta presidint. Hy fungearre al sûnt de steatsgreep fan 1925 efter de skermen as sterke man.
- 4 maaie - De Feriene Steaten lizze de stridende partijen yn Nikaragûa, de liberalen en de konservativen, in fredesproses op.
- 20-21 maaie - De Amerikaanske piloat Charles Lindbergh fljocht yn syn fleanmasine The Spirit of St. Louis as earste oer de hiele Atlantyske Oseaan, fan New York nei Parys, yn in tiid fan yn 33 oeren en 20 minuten.
- 17 july - By in rebûlje yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen komt it ta gefjochten tusken leden fan 'e sosjalistyske Schutzbund en de plysje, wêrby't hast hûndert deaden falle.
- 22 july - Belgje en Portegal slute it Ferdrach fan Luanda, wêrby't de rin fan 'e grins tusken Portegeesk-Angoala en de Belgyske Kongo fêstlein wurdt.
- 1 augustus - Yn Sina brekt de Sineeske Boargeroarloch út tusken it nasjonalistyske regear en kommunistyske opstannelingen. Dit konflikt sil mei tuskenskoften oant 1949 duorje.
- 23 augustus - Yn 'e Feriene Steaten wurde twa Italjaanske ymmigranten, Nicola Sacco en Bartolomeo Vanzetti, op 'e elektryske stoel terjochtsteld foar de moard op in boekhâlder. Dit liedt yn 'e hiele Westerske wrâld ta ferûntweardiging en demonstraasjes, om't it bewiis tsjin 'e mannen alhiel net oertsjûgjend is. Frij algemien wurdt oannommen dat Sacco en Vanzetti feroardiele binne om harren anargistyske opfettings en belutsenens by stakings. De saak wurdt dan ek sjoen as in foarbyld fan klassejustysje.
- 11 novimber - Frankryk en Joegoslaavje slute in militêr bûnsgenoatskip.
- 27 novimber - Nei oanlieding fan it militêr bûnsgenoatskip dat earder dizze moanne sletten waard tusken Frankryk en Joegoslaavje, giet Albaanje in militêr bûnsgenoatskip oan mei Itaalje.
- 18 desimber - Op it 15e Kongres fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny wurde Leon Trotski en 76 fan syn oanhingers feroardiele. Syn eardere meistanners Grigorij Zinovjev en Ljev Kamenev bûge foar de partijline. Trotski sels wurdt ferballe nei Alma-Ata, yn Kazachstan.
- 19 desimber - Op it 15e Kongres fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny wurdt de Nije Ekonomyske Polityk fan Lenin ôfskaft en ferfongen troch it Earste Fiifjierreplan, dat û.m. de kollektivisaasje fan de lânbou omfiemet.
- 20 febrewaris - Op 'e 6e Panamerikaanske Konferinsje yn 'e Kubaaanske haadstêd Havana wurdt in resolúsje yntsjinne dy't stelt dat gjin inkele steat it rjocht hat om him te bemuoien mei de binnenlânske oangelegenheden fan in oar lân. Dêrmei wurdt ferwiisd nei de ynfallen fan 'e Feriene Steaten yn Haïty, de Dominikaanske Republyk en Nikaragûa. Hoewol't de resolúsje oanholden wurdt oant de folgjende Panamerikaanske konferinsje, foarmet allinnich al it feit dat er yntsjinne is in gefoelige diplomatike nederlaach foar de Feriene Steaten.
- 12 maart - Britsk-Malta kriget de status fan dominion binnen it Britske Ryk.
- 25 maart - By presidintsferkiezings yn Portegal wurdt generaal Antonio de Fragoso Carmona keazen, dy't al fan 1926 ôf oan 'e macht is. Hy wie de iennichste kandidaat.
- 27 april - Yn it nije regear fan Portegal kriget Antonio de Oliveira Salazar wiidfiemjend foech as minister fan Finânsjes.
- 20 maaie - By Ryksdeiferkiezings behellet de sosjalistyske partij SPD yn Dútslân in oerwinning.
- 25 maaie - De Amerikaanske piloate Amelia Earhart fljocht as earste frou oer de Atlantyske Oseaan.
- july - Op it 6e Wrâldkongres fan 'e Komintern swart de kommunistyske beweging alle gearwurking mei de sosjalisten ôf.
- 2 july - Yn it Feriene Keninkryk, dêr't sûnt 1918 kiesrjocht bestiet foar froulju âlder as tritich jier, wurdt no it algemien frouljuskiesrjocht ynfierd.
- 19 july - By in steatsgreep yn Egypte ûntbynt kening Fûad I it parlemint en lûkt alle macht nei himsels ta.
- 27 augustus - Yn Parys ûndertekenje 15 lannen it Briand-Kellogg-pakt, dat opsteld is troch de Frânske minister fan Bûtenlânske Saken Aristide Briand en syn Amerikaanske amtgenoat Frank B. Kellogg. Dêryn wurdt ferklearre dat oarloch ûnwettich is.
- septimber - By tafal ûntdekt de Skotske bakteriolooch Alexander Fleming penisilline, in skimmel dy't baktearjes deadet.
- 1 septimber - It Albaneesk Keninkryk wurdt útroppen, mei presidint Ahmed Zogu as kening Zog I.
- 6 oktober - Chiang Kai-shek wurdt útroppen ta presidint fan 'e Republyk Sina. Syn foech is sa wiidfiemjend dat er eins as diktator sjoen wurde moat.
- 7 oktober - Ras Tafari Makonnen (better bekend ûnder syn lettere namme Haile Selassi) wurdt kroane as negus fan Abessynje.
- 20 oktober - Yn Dútslân wurdt de ekstreem-rjochtse krantemagnaat Alfred Hugenberg keazen as nije foarsitter fan 'e nasjonalistyske politike partij DNVP.
- 26 novimber - By in swiere stoarm brekt yn Súd-Hollân de seedyk troch en strûpt de Hoekske Waard derûnder.
- desimber - Op ynstigaasje fan foaroanman Jawaharlal Nehru easket it Yndysk Nasjonaal Kongres fan 'e Britske koloniale oerheid dat Britsk-Ynje binnen in jier de status fan dominion binnen it Britske Ryk krije sil.
- 5 desimber - Yn 'e Gran Chaco, in ûnherberchsum mar ierdoaljeryk grinsgebiet fan Bolivia en Paraguay, fine skermutselings plak tusken soldaten fan 'e beide lannen.
- 5 jannewaris - Kening Aleksander I fan Joegoslaavje stelt de grûnwet bûten wurking en ropt de keninklike diktatuer út.
- 18 jannewaris - Yn 'e Nederlânske provinsje Grinslân sjit boere-arbeider Eije Wijkstra fjouwer fjildwachters dea.
- 31 jannewaris - By in útjouwerij yn Berlyn ferskynt it anty-oarlochsboek Im Westen Nichts Neues fan Erich Maria Remarque.
- 31 jannewaris - De yn ûngenede fallen kommunistyske lieder Leon Trotski wurdt út 'e Sovjet-Uny ferballe en wykt út nei Turkije.
- 11 febrewaris - De Italjaanske diktator Benito Mussolini slút mei paus Pius XI de Lateraanske Ferdraggen, wêrmei't foar it earst sûnt 1870 de formele relaasje regele wurdt tusken Itaalje en de Hillige Stoel. De wichtichste útkomst is dat Fatikaanstêd in soevereine, ûnôfhinklike steat wurdt.
- 12 febrewaris - De Fjirde Alvestêdetocht wurdt wûn troch Karst Leemburg út Ljouwert yn in tiid fan 11 oeren en 9 minuten.
- 14 febrewaris - By it saneamde Falentynsdeibloedbad, in mei grou geweld mank geande kriminele ôfrekken yn Chicago, komme sân bindeleden om.
- 28 febrewaris - De ûnoffisjele Tolhúster Alvestêdetocht wurdt wûn troch Marten van der Kooij en Ype Smid, beiden út Hylpen, yn in tiid fan 10 oeren en 32 minuten.
- 28 maart - De Sineeske diktator Chiang Kai-shek wit op de 3e Algemiene Gearkomste fan de Guomintang de hiele partij efter him te ferienjen.
- 16 maaie - Yn Hollywood wurde de Academy Awards (Oscars) foar de earste kear útrikt.
- 3 juny - Under bemiddeling fan 'e Amerikaanske presidint Herbert Hoover berikke Sily en Perû oerienstimming oer harren grinsskeel dat al sûnt de Salpeteroarloch fan 1879 geande is.
- 16 oktober - Yn Afganistan ropt Nadir Khan himsels út ta kening yn it plak fan 'e troch him ôfsette Habibûlla Gazi. Dêrmei komt in definityf ein oan 'e Barakzai-dynasty, dy't Afganistan sûnt 1835 regearre hat.
- 24 oktober - De effektebeurzen geane ûnderút: begjin fan 'e beurskrach fan 1929.
- 29 oktober - Swarte Tongersdei: de effektebeurzen stoarte folslein yn.
- 25 novimber - Yn 'e Sovjet-Uny set Josef Stalin syn eardere meistanners Nikolaj Bûcharin, Aleksej Rykov en Michail Tomski oan 'e kant, om't dy harren fersetten tsjin syn plannen foar in flugge yndustrialisaasje en kollektivisaasje fan de lânbou.
- 6 desimber - Yn Turkije wurdt it frouljuskiesrjocht ynfierd.
- 29 desimber - Yn Nederlânsk-Ynje wurde Soekarno en ferskate oare lânseigen lieders troch de Nederlânske koloniale autoriteiten oppakt en yn it tichthús smiten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|