Springe nei ynhâld

Novosibirsk

Ut Wikipedy
Novosibirsk
Flagge Wapen
Polityk
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Oblast Novosibirsk
Distrikt Stedsdistrikt
Sifers
Ynwennertal ↑1.473.754 (2010)
Oerflak 502,7 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 2.932 / km²
Stêdekloft (2012)
Hichte 177 m
Oar
Stifting 1893, stedsstatus 1903
Tiidsône UTC+7
Webside (ru) Webstee fan de stêd
LIzzing fan Novosibirsk

Novosibirsk (Russysk: Новосибирск, 'Nij-Sibearje') is in stêd yn Ruslân. Novosibirsk is nei Moskou en Sint-Petersburch de grutste stêd fan it lân en de grutste fan Aziatysk Ruslân.

It is de haadstêd fan de oblast (provinsje) Novosibirsk en fan it Federale distrikt Siberië. Novosibirsk leit oan de rivier de Ob en it trans-Siberysk spoar. De stêd is in wichtich ferkearsknooppunt en it wichtichste yndustriële sintrum fan Siberië. Ek op kultureel en wittenskiplik mêd hat Novosibirsk in sintrumfunksje; sa hat de Russyske Akademy fan Wittenskippen in festiging in Akademgorodok ("Akademystedsje"), krekt bûten de stêd, dêr't in protte ûnderwiis- en wittenskiplike ynstellingen byinoar brocht binne.


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]