Eije Wijkstra
IJe IJes Wijkstra (ek IJje en Eije) (Doezum, 4 july 1895 – Eindhoven, 6 juny 1941) waard bekend as dieder fan in fjouwerfâldige moard yn 1929 by Doezum.
IJe
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wijkstra waard berne as jongste fan fiif bern fan IJe Hendriks Wijkstra en Sjouktje Derks van Bolhuis. Syn heit wie los-arbeider, dat hy hie gjin fêst wurk en gjin fêst ynkommen. It skynt dat syn beide âlden min mei-elkoar koene; se hienen skeel oer it leauwe en der waard ek wol slein.
Nei de legere skoalle gie IJe yn de lear as mitselder. Tegearre mei syn heit soe er ek streupt hawwe, yn alle gefallen koe er goed omgean mei in gewear.
IJe kin as betûft foeger aardich syn brea fertsjinje. Hy bleau by syn mem yn 'e hûs en soe anargist west hawwe. Hy moat neat hawwe fan guon dy't boppe him steane. IJe miende sels dat er te lijen hie fan in senuwsykte. Neffens eigen sizzen hat er ienris in senuwdokter yn Grins rieplachte en dy soe him in skoftke behannele hawwe. Yn dy tiid spile er harmonika en mocht er graach lêze, ûnder oaren wat wurk fan Friedrich Nietzsche.
Wykstra stie net op in minne namme en hie komselden mei justysje yn oanrekking west. Guon miene dat syn kontakten mei de beruchte Durk Tabak fan Stynsgea en Jan Hut fan Drachten him gjin goed dien hawwe. Mei harren spile Wykstra wol op brulloften en feesten.
Aaltsje en de moarden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1928 krijt er in ferhâlding mei Aaltje Wobbes-vander Tuin, it wiif fan syn freon Hendrik Wobbes út Opende, dy't fêst sit foar stellerij. Neffens de oerlevering hat Aaltsje in soad ynfloed op IJe. Hy bliuwt 14 dagen by har. In skoftke letter giet Aaltje by IJe yn en lit se har seis bern sitte. Mem Wykstra kin der net oer en giet fuort.
Fanwegen it oan harren lot oerlitten fan de bern, wol Justysje yn Grins Aaltsje hearre. De boargemaster fan Gruttegast wurdt hjitten om Aaltsje te arrestearjen en nei Grins bringe te litten. Blykber foarsjocht de boargemaster swierrichheden, want hy stjoert leafst fjouwer fjildwachters, twa gemeentlike (Aldert Meijer en Mient van der Molen) en twa ryksfjildwachters (Jan Werkman en Herman Hoving).
Op 18 jannewaris 1929 wachtet Wijkstra de fjildwachters op mei in revolver en in karabyn. Neffens de ferhalen frear it dy deis 18 graden. It slagget IJe om alle fjouwer plysjes del te sjitten, by trije fiket er letter de kiel noch troch. Hy rekket sels licht ferwûne, stekt it hûs yn de brân, bringt Aeltsje ûnder by in neef en flechtet nei Grins. Op wei nei it sikehûs wurdt er oanhâlden.
Nei de moard
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn april 1929 wurdt er troch de rjochtbank in Grins ta libbenslang feroardiele foar trije kear deaslach en ien kear moard. Ek yn april skriuwt Wykstra syn libbensferhaal op fersyk fan in reklassearringsamtner. Yn heger berop makket it Hôf yn Ljouwert der op 26 maaie 1930, 20 jier fan foar fjouwer kear deaslach. Yn 1941 wurdt Wykstra fan de Ljouwerter finzenis oerpleatst nei it Rykskranksinnigegesticht te Woensel (Eindhoven). Dêr komt er in pear wike letter te ferstjerren oan de gefolgen fan tuberkuloaze. Hy wie doe 45 jier. Op 10 juny 1941 waard er te Eindhoven beïerdige.
Aaltsje Wobbes wurdt ta in jier finzenis feroardiele út reden fan it fertutearzjen fan har bern.
It drama yn Doezum joech in protte opskuor. De begraffenis fan de fjouwer plysjes waard in nasjonaal barren en yn it gemeentehûs te Gruttegast waard in plakette oanbrocht, ta oantins fan de fjouwer fjildwachters.
Boeken en film
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It libben fan Wykstra is fêstlein yn ferskate boeken, ûnder oaren troch Rink van der Velde. Dit boek waard yn 1980 ferfilme troch Pieter Verhoeff, mei as de titel Het teken van het beest.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Libbe Henstra, Het teken van het beest. IJe Wijkstra en de geschiedenis van de viervoudige politiemoord, 18 januari 1929, proefskrift maart 2012.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Smartlap oer Wykstra op Youtube, mei orzjinele foto's
- It weromsjen fan IJe Wijkstra sels yn 1929
- Tresoar Offisjele stikken IJje Wijkstra
- Henstra, Libbe (2012) ..Het teken van het beest : IJje Wijkstra en de geschiedenis van de viervoudige politiemoord, 18 januari 1929
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|