Springe nei ynhâld

Misdriuw

Ut Wikipedy

In misdriuw is yn it Nederlânske strafrjocht in relatyf swier strafber feit. Minder swiere strafbere feiten wurde oertrêdings neamd. Yn it deistich taalgebrûk wurden de termen "misdriuw", "oertrêding" en "strafber feit" nochal ris trochinoar helle: "misdriuw" en "oertrêding" wurde dan faak as synonym beskôge en yn it stee fan "strafber feit" brûkt.

De measte misdriuwen steane yn it Nederlânske strafrjocht omskreaun yn it Wetboek fan Strafrjocht. Dêrnjonken wurde ek guon misdriuwen fermeld yn bysûndere wetten, lykas de Wegenverkeerswet 1994, de Opiumwet, de Wet Wapens en Munitie en de Wet op de Economische Delicten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.