Springe nei ynhâld

Ierdoalje

Ut Wikipedy
Winning fan ierdoalje

Ierdoalje is, neist ûnder oaren ierdgas, ien fan 'e fossile brânstoffen. Ierdoalje is in flambere floeistof, besteande út in miks fan koalwetterstoffen dy't oer miljoenen jierren ûntstien binne út organyske resten dy't yn ’e rin fan de tiid op 'e seegrûn fan 'e tiid ôfset binne, benammen dea plankton. Ierdoalje is it meast ferhannele guod op ierde en dêrom fan grut belang foar de wrâldekonomy, lykas produkten dy't makke binne troch ierdoalje te raffinearjen en kreakjen. As wichtichste mondiale boarne fan enerzjy is ierdoalje fan grut strategysk belang, dat fersterke wurdt troch it beheind tal winplakken, guon fan har lizze yn polityk minder stabile lannen/gebieten.

Ierdoalje befettet de folgjende kategoryen fan koalwetterstoffen: alkanen (paraffinen), sykloalkanen (naftenen), aromaten en bitumen. Troch de ferwurking yn 'e petrochemyske yndustry wurde dy koalwetterstoffen ôfset yn fraksjes of produkten lykas de lichtere benzine en smaroalje en de swierdere diesel en stookoalje. Njonken brânstoffen wurde der ek oare grûnstoffen fan makke lykas plestik. De fyngemy brûkt ek ierdoalje as grûnstof, bygelyks foar medisinen. Hast elke organyske stof dy’t brûkt wurdt yn it deistich libben wurdt wûn of syntetisearre fanút in organyske ferbining dy’t út ierdoalje lutsen is.

It ferbrûk fan ierdoalje is benammen fanôf de jierren fyftich fan de twintichste iuw behoarlik tanommen en mei ferantwurdlik foar de wrâldwide heechkonjunktuer nei de Twadde Wrâldkriich (de "weropbou"). Geandewei is lykwols ek it bewustwêzen groeid dat dit mank giet mei miljeufersmoarging en klimaatferoaring. Dêrnjonken is der de soarch dat de foarried oalje net ûneinich is en dat de hichte berikt wurdt.