1573
Appearance
Iuwen: | 11e | 12e | 13e | 14e | 15e | 16e iuw | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e |
Jierren: | 1568 | 1569 | 1570 | 1571 | 1572 | 1573 | 1574 | 1575 | 1576 | 1577 | 1578 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder | 1573 MDLXXIII |
Ab urbe condita | 2326 |
Armeenske kalinder | 1022 ԹՎ ՌԻԲ |
Etiopyske kalinder | 1565 – 1566 |
Hebriuwske kalinder | 5333 – 5334 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1628 – 1629 |
- Shaka Samvat | 1495 – 1496 |
- Kali Yuga | 4674 – 4675 |
Iraanske kalinder | 951 – 952 |
Islamityske kalinder | 981 – 981 |
Juliaanske kalinder |
1573 MDLXXIII |
Sineeske kalinder | 4269 – 4270 己申 – 庚酉 |
1573 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Juliaanske kalinder foar 1573.)
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 11 desimber 1572-13 july - De stêd Haarlim wurdt belegere troch Spaanske troepen. Mank de ferdigeners spilet Kenau Simonsdochter Hasselaer neffens de leginde in heldinnerol.
- maityd-novimber - De hartoch fan Alva wol sels it ferset yn de Nederlannen brekke. Hy rekket deilis mei de nije Spaanske lânfâd, Juan de la Cerda, hartoch fan Medinaceli. As súkses útbliuwt, en kening Filips II fan Spanje merkt dat Alva en Medinaceli net mei-inoar troch ien doar kinne, ropt er harren beiden werom nei Spanje.
- april - It Spaanske leger ûnder Don Freark, de soan fan 'e hartoch fan Alva, weroveret hast alle stêden yn Oerisel en Gelderlân.
- 13 july - It Belis fan Haarlim, in ûnderdiel fan it Spaanske besykjen om 'e Opstân yn 'e Nederlannen te ûnderdrukken, einiget mei de oerjefte fan 'e stêd Haarlim oan 'e Spaanske fjildhear don Freark. Nei de oerjefte wurde it meastepart fan 'e soldaten fan it út geuzen en hierlingen besteande garnizoen fan 'e stêd, mei dêropta in grutte groep foaroansteande oranjesinnige boargers (yn totaal sa'n 2.000 minsken) troch de Spanjerts fermoarde.
- 8 oktober - In driigjend Spaansk belis fan Alkmar wurdt troch de wettergeuzen ôfslein (dêrfandinne de útspraak "by Alkmar begjint de fiktoarje"). As tank jout Willem fan Oranje de stêd it ivichduorjende rjocht ta it hâlden fan de Tsiiswaach.
- 11 oktober - Yn 'e Slach op de Sudersee ferslane de wettergeuzen in Spaanske float.
- sûnder datum - Amersfoart wurdt troch Spaanske troepen ynnomd.
- 1 desimber - De hartoggen fan Medinaceli en Alva wurde op eigen fersyk ferfongen troch don Luis de Requesens y Zúñiga.
- 18 desimber - De hartoch fan Alva ferlit de Nederlannen.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 17 jannewaris - Marcus Lycklama à Nijeholt, Frysk politikus, abbekaat en rjochtsgelearde († 1625)
- 22 desimber - Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz, steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte († 1632)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 16 july - Wigbolt Ripperda, Steatsk militêr (* ±1535)
- 29 july - Ruy Gómez de Silva, prins fan Éboli, Spaansk ealman en politikus (* 1516)
Jierren: | 1568 | 1569 | 1570 | 1571 | 1572 | 1573 | 1574 | 1575 | 1576 | 1577 | 1578 |
Iuwen: | 11e | 12e | 13e | 14e | 15e | 16e iuw | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|