Geuzen
Geuzen wienen yn de Tachtichjierrige Oarloch striders dy't op it lân (lângeuzen) of op it wetter (wettergeuzen) de Spanjerts befochten.
Fryslân hat oan it begjin fan dy oarloch in soad te lijen hân fen ynfallen troch wettergeuzen mar ek fan lângeuzen. De geuzen foarmen ûnder lieding fan Joost fan Schauenburch, oansteld troch Willem fan Oranje as steedhâlder en legeroanfierder fan Fryslân, yn augustus 1572 in skoftke in geuzeregear. Joost fan Schauenburch stjoert de Gelderske greve Durk fan Bronckhorst mei syn mannen nei Fryslân. Dy wist Snits, Boalsert en Frjentsjer te besetten. De geuzen hawwe in soad tsjerkeskatten fernield. Yn novimber moasten se wike nei Dútslân (û.o. troch Skoatterlân) foar it regear fan Caspar de Robles, efternei sitten troch plonderende Spanjerts.
De Geuzen yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lâningen tusken augustus 1569 oant desimber 1569 yn It Amelân, Skylge, Flylân en Eanjum.
- Lâningen tusken maart 1570 en maaie 1570 yn Hallum, Flylân en Hylpen.
- Lâningen tusken septimber 1570 en febrewaris 1571 yn Eanjum, it Amelân en Warkum
- Lâningen tusken maart 1571 en augustus 1571 yn East-Dongeradiel en Ferwert
- Lâningen tusken jannewaris 1572 en 1 april 1572 yn Flylân, Seisbierrum, Makkum
- Plakken mei plonderers yn Ljouwert, Aegum, Idaerd, Friens, Grou, Irnsum, Tersoal, Hommerts, Heech, De Gaastmar, Brantgum, Ealsum, Twellingea, De Jouwer, Yndyk, Holwert en Dokkum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|