1572
Appearance
Iuwen: | 11e | 12e | 13e | 14e | 15e | 16e iuw | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e |
Jierren: | 1567 | 1568 | 1569 | 1570 | 1571 | 1572 | 1573 | 1574 | 1575 | 1576 | 1577 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder | 1572 MDLXXII |
Ab urbe condita | 2325 |
Armeenske kalinder | 1021 ԹՎ ՌԻԱ |
Etiopyske kalinder | 1564 – 1565 |
Hebriuwske kalinder | 5332 – 5333 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1627 – 1628 |
- Shaka Samvat | 1494 – 1495 |
- Kali Yuga | 4673 – 4674 |
Iraanske kalinder | 950 – 951 |
Islamityske kalinder | 980 – 980 |
Juliaanske kalinder |
1572 MDLXXII |
Sineeske kalinder | 4268 – 4269 戊未 – 己申 |
1572 is in skrikkeljier dat begjint mei in tiisdei. (Juliaanske kalinder foar 1572.)
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Greve Loadewyk fan Nassau beneamd as kommandant fan de wettergeuzen, neist Lumey.
- De Geuzefleat moat, nei driging fan kening Filips II fan Spanje oan keninginne Elizabeth I fan Ingelân, de Ingelske kust ferlitte.
- Amersfoart dat yn de Midsiuwen en 16e iuw troch syn geunstige lizzing slim te lijen hat fan oarlochshannelingen, wurdt troch Steatske troepen beset.
- Dendermonde wurdt troch Spaanske troepen ferwoaste.
- Veere yn Seelân kiest de kant fan de Prins fan Oranje en de Grutte Tsjerke komt yn hannen fan de herfoarmden.
- 1 april - Ynname fan Den Briel troch de wettergeuzen.
- 6 april - Flissingen slút him spontaan oan by de opstân tsjin de Spanjerts.
- 9 july - 19 katholike geastliken út Gorkum tsjin it sin fan Prins Willem I fan Oranje-Nassau troch geuzen yn Den Briel martele en fermoarde. Dizze minsken wurde bekend as de martlers fan Gorkum.
- 19 july - Earste Frije Steatengearkomst yn Dordrecht. 12 stêden dogge hjiroan mei. Hjir wurdt de basis lein foar de Steat fan de Nederlannen ûnder 'lieding' fan it Hûs fan Oranje.
- 23 july - Yn Roermond wurde 23 preesters, wêrûnder de siktaris fan de biskop, fermoarde troch troepen fan Willem fan Oranje.
- 24 augustus - Bartholomeüsnacht. Massale moard op Frânske Hugenoaten, op tou set troch Catharina de Medici (Parise bloedbrulloft).
- 1 desimber - Nei frijwillige oerjefte fan de stêd wurde 490 nei in tsjerke lokke boargers fan Naarden kâldwei fermoarde op befel fan legeroanfierder Romero. Wa't net komd is, wurdt ophong oan de beammen. Mar 60 ynwenners fan Naarden kinne ûntkomme.
- 11 desimber - Yn it ramt fan in besykjen om 'e Opstân yn 'e Nederlannen de kop yn te drukken, slacht it leger fan 'e Spaanske fjildhear don Freark belis foar de Hollânske stêd Haarlim. Dit is it begjin fan it slepende Belis fan Haarlim.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 7 novimber - Johannes Saeckma, Frysk rjochter en politikus († 1636)
- datum ûnbekend
- Arend Dickmann, seefarder
- Cornelius Drebbel, Nederlânsk útfiner fan û.o. de ûnderseeboat
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1 maaie - Paus Pius V, paus fan 1566 oant 1572
- 24 augustus - admiraal Gaspard de Coligny, lieder fan de Hugenoaten yn Frankryk; ombrocht yn de Bartholomeusnacht.
- 24 novimber - De Skotske herfoarmer John Knox.
Jierren: | 1567 | 1568 | 1569 | 1570 | 1571 | 1572 | 1573 | 1574 | 1575 | 1576 | 1577 |
Iuwen: | 11e | 12e | 13e | 14e | 15e | 16e iuw | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|