Prins fan Oranje
Prins fan Oranje is in erflike titel, dy't sawol troch it keningshûs fan Oranje-Nassau as troch it hûs Hohenzollern droegen wurdt. Oarspronklik wie de titel ferbûn oan it selsstannige prinsdom Oranje (Orange) yn it suden fan Frankryk.
De titel kaam ynearsten allinnich de manlike neisieten fan Willem fan Oranje ta. Doe't de Fryske steedhâlder Johan Willem Friso op 14 july 1711 by Moerdijk ferdronk, ûntstie der in skeel oer de erfnis. Sawol prins Willem IV as kening Frederik fan Pruisen makken oanspraak op de titel. Dat konflikt waard yn 1732 oplost mei it Traktaat fan Partage. De kening fan Pruisen hie al yn 1713 ôfstân dien fan syn rjochten op it prinsdom Orange yn Frankryk. No dienen ek de Nassau's ôfstân. Lykwols holden beide aadlike huzen it rjocht op de titel Prins fan Oranje. Oant de wetswiziging fan 1983 mochten allinne manlju de titel Prins fan Oranje drage.
Fan | Oant | Namme | Opmerking |
---|---|---|---|
1815 | 1840 | Willem | de lettere Willem II; soan fan Willem I |
1840 | 1849 | Willem | de lettere Willem III; soan fan Willem II |
1849 | 1879 | [Willem | stoar als kroanprins; soan fan Willem III |
1879 | 1884 | Alexander | stoar als kroanprins; soan fan Willem III |
1884 | 1980 | gjin | titel oant 1983 foarbehâlden oan de mannilike neiteam |
1980 | 2013 | Willem-Alexander | Soan fan Beatrix |
2013 | Catharina-Amalia | dochter fan Willem-Alexander, earste Prinsesse fan Oranje |