Springe nei ynhâld

Kommanderije Dünebroek

Ut Wikipedy
Kommanderije Dünebroek yn de 17e iuw
It Reiderlân troch Ubbo Emmius út 1630 mei Dünebroek rjochts ûnder

De kommanderije Dünebroek wie in kommanderije fan de Jehanniteroarder yn it uterste súdwesten fan it Reiderlân yn East-Fryslân. Hy wie foar it ûntwetterjen fan it gea fan grut belang en hie sels in eigen syl. Fierdere eigendommen fan de kommanderije wiene in gershûs (foarwurk Dûnebroek), lykas ferskate pleatsen yn Wymeer en Marienchor. Hoewol't der pas foar it earst yn 1510 oardersusters neamd waarden, moast Dünebroek, kreksa as oare fêstigings fan de oarder yn East-Fryslân, sûnt syn stifting in dûbelkleaster west hawwe.

Oer de skiednis fan de kommanderije is net in soad bekend. It argyf rekke op in pear oerbliuwsels nei ferlern. De Jehanniters stiften dy nije kommanderije om 1300 hine. Hy waard foar it earst op 8 septimber 1319 yn it Akkoart fan Grins tusken it Jehanniter-kapittel yn Burgsteinfurt en de Fryske kommanderijen ûnder de namme Wymaria neamd yn in oarkonde. De namme ferwiist nei it tichteby lizzende doarp Wymeer yn de hjoeddeistige gemeente Bunde.

De gebouwen fan de kommanderije leine lykwols westlik fan dat doarp tichteby de midsiuwske hearrewei fan Bremen nei Grins, 900 meter fan de hjoeddeistige Nederlânske grins ôf. Op grûn fan ôfbylden fan om 1650 hinne is te sjen dat de kommanderije in twawjukkige bebouwing hie mei boppe-oan in iepen toer, mear bygebouwen en in troch in muorre omjûne tún.

Noardlik fan de kommanderije lei fan de doe trije kilometer lizzende Doalert ôf in wiid sompich gebiet, it nammejouwende Dünebrook. Dy namme wurdt foar de earste kear yn 1460 op in dêr getten klok fan de kommanderije as dünabroeck neamd en waard as Sumpf mit einzelnen Anhöhen (sompe mei guon tabehearrens) oantsjut. Yn it suden leine grutte fean- en heideflakten. De súdlike grins fan it besit fan de oarder wie de saneamde Hillige Lohne in midsiuwske ferbiningswei tusken it Grinslânske doarp Bellingwolde en it Iemslânske plak Rhede. Yn it westen begrinzge it rivierke de Lethe, dêr't de rin fan likernôch mei de Dútsk-Nederlânske grins oerienkomt, it grûngebiet fan de kommanderije.

Fierdere parten fan it besit wiene sompige gebieten, dy't de Jehanniters drûchleine en dêrnei as hea- en greidlân brûkten. Dy leine it ekonomysk grûnwurk foar it kleaster. De feehâlderij wie dêrfan it wichtichste. Foarwurken wiene yn Dünebroeker Grashaus, yn Wymeer, en nei alle gedachten ek yn Marienchor.

Fanwegen syn lizzing oan de grins mei it Iemslân (ûnder it prinsbisdom Múnster) en de Nederlannen waard de kommanderije gauris plondere. By militêre ekspedysjes yn 1492 liet de biskop fan Múnster, Hindrik fan Schwarzberg Dünebroek rôvje, en Wymeer en Weener plonderje en ôfbaarne. By it Saksyske Skeel rôven lju fan de Swarte Heap de kommanderije Dünebroek. Yn it ramt fan de reformaasje eigene de Eastfryske greve Enno II him yn 1528 Dünebroek lykas de oare stiftings fan de Jehanniteroarder yn Eastfryslân ta. Yn de Smalkaldyske Kriich plonderen troepen fan it Ryksleger fan Karel V de kommanderije.

It katolike oarderlibben fan de kommanderije Dünebroek hold sa stadichoan om 1550 hinne op. Fan doe ôf fûnen der yn de tsjerke, dy't nei alle gedachten justjes foar 1600 ôfbrutsen waard, earetsjinsten plak. It lânbesit fan de Jehanniters yn en om Dünebroek hinne waard ta greeflik guod útroppen, fan 2 febrewaris 1580 ôf yn pacht en letter yn erfpacht útjûn. Oare oerbliuwsels fan de kommanderije bleaune alteast oant 1810 bestean. Dy waarden dêrnei ôfbrutsen en ferfongen troch in lânhûs mei nijere grêften en poartegebou. Hjoed-de-dei is der noch in pleats op it terrein.

Keunsthistoaryske nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei it opheffen fan de kommanderij by de reformaasje rekken in soart parten fan de ynrjochting ferlern. Greve Enno III eigene him it grutste part fan it besit fan de kommanderije ta en ferkocht dy dêrnei. In skoft lang bleau de om 1460 hinne getten klok bewarre, dy't mooglik wurk wie fan Ghert Klinghe. It opskrift dêrfan is:

i de ere sunte johannis baptist da dünäbroeck ano dni m ccc l x.

Hy waard nei it opheffen fan de kommanderije nei de Luthertsjerke fan Lier oerbrocht en rekke yn de Earste Wrâldkriich yn 1917 ferwoastge. De yn opdracht fan kommandeur Arnold yn 1511 ta eare fan de hillige Jehannes makke sulveren tsjelk wurdt as it iennige bewarre bleaune alterark fan in Eastfryske Jehanniterkommanderije bewarre yn de Wibadustsjerke fan Wiegboldsbur. Op de tsjelkfoet binne seis bôgen oanbrocht, dêr't ien fan mei weagen fersierd is, dêr't in skip op driuwket.

  • Marc Sgonina: Dünebroek – Johanniter-Doppelkommende. Yn Josef Dolle yn oparbeidzjen mei Dennis Knochenhauer (Hrsg.): Niedersächsisches Klosterbuch. Verzeichnis der Klöster, Stifte, Kommenden und Beginenhäuser in Niedersachsen und Bremen von den Anfängen bis 1810. Part 1–4. Bielefeld 2012, ISBN 3-89534-956-9, S. 344–346.
  • Enno Schöningh: Der Johanniterorden in Ostfriesland, Auwerk 1973.
  • Gerhard Streich: Klöster, Stifte und Kommenden in Niedersachsen vor der Reformation,yn: Veröffentlichung der Historischen Kommission für Niedersachsen und Bremen, II: Studien und Vorbereitungen zum Historischen Atlas Niedersachsen, 30. Heft, Hildesheim 1986, ISBN 3-7848-2005-0.
  • Hemmo Suur: Geschichte der ehemaligen Klöster in der Provinz Ostfriesland: Ein Versuch. Hahn, Emden 1838, S. 116 ff. (werprintinge fan de útjefte fan 1838, Verlag Martin Sändig, Niederwalluf 1971, ISBN 3-500-23690-1); Textarchiv – Internet Archive.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: