Springe nei ynhâld

Sibylle van Griethuysen

Ut Wikipedy
Sibylle fan Griethuysen

Sibylle van Griethuysen (Buren, 1621 - Veenendaal, 1699) wie in Nederlânsk dichteresse út Kollum, neamd yn it wurk fan Gysbert Japix as 'dy blomm' in Peerl fen Grinzerlân'.

Sibylle waard berne as njoggende en lêste bern fan in ienfâldige glêsmakker. Op har 17e jier troude Beliken sa't sy thús neamd waard, mei Upke Hermans Wytzema, in Fryske apteker mei wa't sy har yn Kollum nei wenjen sette. Se learde Frânsk en Latyn, lei har ta op de stúdzje fan de letterkunde yn dy talen en skreau op fersyk fan de Ljouwerter drukker en útjouwer Claude Fonteyne, lofdichten foar de boeken dy't hy útjoech.

Dy lofdichten op bestelling wienen, út soarte, tige froed en deugdsum. Har earste frije dichtwurk lykwols, dat hja op har 25e skreau, joech fuortendaliks in protte opskuor. It pear wie wilens nei Appingedam ferhuze, dêr't op dat stuit striderij wie tusken twa grifformearde predikanten. Fan Griethuysen beskreau de kwestje yn in stikeldicht mei de titel: Spreeckende schildery.

It pear wenne noch oant yn 1654 yn Appingedam, eardat sy yn 1654 nei Grins ferfearen. Yntusken hie Sibylle har mear rjochte op lju fan in heger seedlik en yntellektueel nivo en hie sy kunde krigen oan Hollânske dichters sa as Constantijn Huygens, Jan Vos, Hendrik Bruno en Joan Blasius, mei wa't hja korrespondearre en gedichten útwiksele.

Nei de dea fan har man gong se werom nei Buren. Op 16 augustus 1674 boaske se twads oan Reynier Cornelis Groenevelt, in begoedige widner, mei in protte ynfloed, út Veenendaal. De tsjerke dêr't it houlik ynseinige waard, de Alde (of Sint-Salvator) Tsjerke oan de merk yn Veenendaal, is ek it plak dêr't Sibylle yn 1699 en har man, acht jier earder beïerdige waarden.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]