Literatuer
Literatuer is in oantsjutting foar lykfol hokker samling fan skreaune teksten. De term wurdt lykwols faak yn ingere sin brûkt foar it skriuwen as keunstfoarm, en dêrmei ta ûnderskie fan lektuer, it skriuwen allinnich om in ferhaal oer te bringen. Mar in beskate foarm fan lektuer, bgl. teksten oangeande ien fakgebiet, wurdt dan wer "fakliteratuer" neamd (en net "faklektuer"). It by de term "literatuer" hearrende eigenskipswurd is literêr. De tûke fan 'e wittenskip dy't ûndersyk docht nei de literatuer (as keunstfoarm) is de letterkunde (of de letteren[1]).
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurd "literatuer" is in lettere ôflieding fan it Latynske littera, de „boekstêf“. It meartal litterae betsjutte dêrneist sawat as „it skreaune, „dokuminten“, „brieven“, „wittenskip(pen)“. Yn it Frânsk en Ingelsk bleau fan de wurden lettres en letters de wurdbetsjutting „wittenskippen“ bestean.
Literêre foarmen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de bekende literêre foarmen as it gedicht, poëzy, proaza en toaniel binne der ek oare teksten dy't as literêr skaaimerke wurde kinne. Dat binne: filmteksten, proazateksten dy't optocht binne (de roman), proaza dat ferwiist nei echte ferhalen of persoanen (lykas it brief, it essay, de autobiografy) en tekenteltsjes.
Fryske literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frysk literatuer begjint ornaris mei de 12e-iuwske wetboeken, yn de Sân Seelannen dat fan Fly nei Weser rûn (provinsje Fryslân, Grinslân en East-Fryslân). Tusken 500 en 800 waarden yn it gebiet fan it eardere Fryske Ryk, Anglofryske runen fûn.
Guon Friezen teagen al yn de 7e en 8e iuw nei Noard-Fryslân en setten har nei dêr wenjen op de eilannen. Yn de 11e en 12e iuw wie der in twadde weach fan Friezen dy't nei Noard-Fryslân teagen, de twadde groep sette har nei wenjen op it fêstelân fan Noard-Fryslân. Om it jier 1600 fine wy it earste bewyske fan Noardfryske literatuer.
Yn de hjoeddeiske provinsje Fryslân is der mei troch Gysbert Japiks sprake fan in trochgeande Fryske literatuer fan de midsiuwen oant hjoed de dei ta. It Fryske taalgebiet yn Grinslân en East-Fryslân waard aloan lytser, hjoed de dei wurdt der yn it Sealterlân noch Frysk praat en skreaun. Dat ferklearret de skieding tusken de trije Fryske literaturen:
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|