See fan Marmara
Appearance
See fan Marmara | ||
geografy | ||
type wetter | binnensee | |
lokaasje | tusken East-Traasje en Lyts-Aazje | |
lân | Turkije | |
koördinaten | 40°40′ N, 28°0′ E | |
ûnderdiel fan | Middellânske See | |
sifers | ||
maks. lingte | 280 km | |
maks. breedte | 80 km | |
oerflak | 11.350 km² | |
djiptegemiddelde | 494 m | |
djipste punt | 1.370 m | |
wetterfolume | 3.378 km³ | |
De See fan Marmara is in binnensee tusken Europa en Aazje, dy't in part is fan de ferbining tusken de Swarte See en de Middellânske See. Yn it noarden is de Bosporus de ferbining mei de Swarte See en yn it súdwesten de Dardanellen de ferbining mei de Egeyske See. De see leit hielendal y Turkije. De meast foarneame stêd oan dit wetter is Istanbûl.
Yn de âldheid hjitte dizze see Propontis. Har tsjintwurdige namme hat de see krigen fan it eilân Marmara, dat dy namme krigen hat fanwege it moarmer dat dêr wûn wurdt.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sea of Marmara fan Wikimedia Commons. |