Springe nei ynhâld

Istanbûl

Ut Wikipedy
Istanbûl
Lokaasje yn Turkije

Tiid sône :
UTC +2/Simmer UTC +3
Flagge Wapen
Logo fan Istanbûl
Logo fan Istanbûl
Basis ynformaasje
Gebiet 1,538,77  km² Stêd
Populaasje 15,462,452 (2020)
Tal ynwenners km² 6,521
Hichte 40 - 100 m
Regear
Lân Turkije
Provinsje Istanbûl
Administratife yndieling 27 distrikten
Boargemaster Ekrem İmamoğlu
Webside www.ibb.istanbul/en/

Istanbûl (Turksk: İstanbul) is de grutste stêd fan Turkije. De stêd hiet yn it ferline Konstantinopel, en noch earder Byzantium. De stêd hie eartiids de namme Tsargrad yn de Slavyske talen. Istanbûl hat likernôch 8,5 miljoen registrearre en 3 miljoen net-registrearre ynwenners. De stêd hat 27 distrikten, dy't meiïnoar de haadstêd fan de provinsje Istanbûl foarmje.

Istanbûl leit oan de Gouden Hoarn en de Bosporus. De Bosporus ferbynt de Swarte See en de See fan Marmara, hjir rint de Jeropeesk Aziatyske grins. De stêd Istanbûl leit sawol yn Jeropa as yn Aazje. Mei in ynwennertal fan likernôch 11,5 miljoen ien fan Jeropa's grutste stêden.

Istanbûl leit yn 'e oergongssône fan in seeklimaat (klimaatklassifikaasje fan Köppen: Cfb), in fochtich subtropysk klimaat (klimaatklassifikaasje fan Köppen: Cfa) nei in warm mediterraan klimaat (klimaatklassifikaasje fan Köppen: Csa), mei waarme, relatyf drûge simmers, koele, wiete winters en mylde, wiete oergongsjiertiden. Yn de winter komme froast en sniefal ek dan wol foar. De trochsneed jierlikse delfal is 850 mm (700 mm yn it suden en 1.200 mm yn it noarden). De measte delfal falt yn de winter (faak as snie) en yn de hjerst, en de minste delfal falt yn de simmer en yn de maaitiid. De trochsneed temperatuer yn it jier is 13,9 °C. De trochsneed temperatuer yn 'e simmer is sa'n 23 °C en yn de winter sa'n 5 °C.  De leechst fêststelde temperatuer wie -16,1 °C op 9 febrewaris 1929. De waarmste dei wie 41,5 °C en waard op 13 july 2000. Ekstreme temperatueren boppe 35 °C en ûnder -5 °C binne seldsum en komme net alle jierren foar.

De orizjinele namme wie Byzantion yn it Gryksk, en hie Byzantium as Latynske namme. Byzantium wie oan de begjin in koloanje fan Griken út Megara yn 667 f.Kr., en krige de namme fan harren kening Byzas. Yn 196 n.Kr. wie Byzantium ferneatige troch de Romeinen, en dêrnei wer opboud troch de keizer fan it Romeinske Ryk Septimius Severus. Konstantyn de Grutte fûn dizze lokaasje gaadlik om in nije Romeinske stêd te bouwen, en yn it jier 330, waard Byzantium de nije haadstêd fan it Romeinske Ryk. De stêd krige de namme fan Konstantyn de Grutte Konstantinopel (Konstantinopolis yn it Gryksk).

Doe't it Romeinske Ryk opdield waard yn twa dielen, it East-Romeinske Ryk wie ferneamd as it Byzantynske Ryk, hjir wie de haadstêd Konstantinopel. Alhoewol't de stêd feroare waard troch Krúsfarders foar in skoftsje, bleau Konstantinopel syn politike, kulturele, religieuze en ekonomyske funksje behâlde. De ein fan it âlde Konstantinopel kaam doe't de Ottomanen de stêd yn 1453 feroveren.

Nei de ein fan it Ottomaanske Ryk, waard de Republyk fan Turkije stifte mei de nije haadstêd Ankara.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]