Rijswijk (Súd-Hollân)
Rijswijk | ||
Alde Tsjerke yn it âlde sintrum fan Rijswijk | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
Boargemaster | Huri Sahin (GrienLinks) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 59.638 (1 jannewaris 2024)[1] | |
Oerflak | 14,49 km², 13,96 km² lân, 0,53 km² wetter | |
Befolkingsticht. | 4.272 ynw./km² | |
Stêdekloft | Haachlannen | |
Hichte | 0 m | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A4 A13 Alde line | |
Postkoade | 2280-2289 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 3' N, 4° 20' E | |
Offisjele webside | ||
www.rijswijk.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Gemeentekaart fan Rijswijk |
- Dizze side giet oer de Súdhollânske stêd. Foar oare betsjuttings, sjoch: Rijswijk.
Rijswijk (soms ferfryske ta Ryswyk) is in stêd en gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De stêd leit ynklamme tusken De Haach yn it noarden, westen en súdwesten, Foarburch yn it noardeasten en Delft yn it súden. De gemeente is diel fan de Metropoalregio Rotterdam-De Haach.
Rijswijk hat 59.638 ynwenners (1 jannewaris 2024).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dêr hat op it plak fan Rijswijk bewenning west sûnt it Neolitikum likernôch 3700 f.Kr.. Dy bewenners wiene jager-samlers. Der binne fynsten dien út dy tiid en út 'e Izertiid dêrnei. De Romeinen oermasteren it gebiet yn 12 f.Kr. dêr't de stamme fan 'e Kananefaten wennen. De Romeinen stiften flakby it Forum Hadriani op it plak fan it hjoeddeistige Foarburch. Dat luts in ssoad nije bewenners oan. De Romeinen leine in dyk en it Kanaal fan Korbulo parallel faninoar dat dwers troch it grûngebiet fan it hjoeddeistige Rijswijk rûn. Yn 1963 en yn 2005 waarden yn Rijswijk Romeinske twa mylpeallen fûn. Op it plak ûntstie in agraryske delsetting.
Nei de Romeinske tiid rekke it gebiet ûntfolke en dêr wie net folle bewenning fan betsjutting oant de 13e iuw. Rijswijk waard foar it earst yn 1267 nemad as parochy. De namme komt yn ferskate staveringsfarianten foar: Riiswiic, Risuuic, Riswic, Ryswijc, Rijswijc, Risewiic en Rysewiic. De namme is in gearstalling fan ris (twige, leat riishout, of faaks yn dit gefal "frisselwurk"") en wic (delsetting). De foarrinner fan de Alde Tsjerke komt út 'e twadde helte fan de 13e iuw.Troch de Grutte Lânoanmakkerij ûntstie der in stripeferkaveling en ûntstie der lintbebouwing mei benammen pleatsen. De feehâlderij, mar ek turfstekken en stienbakkerij wiene boarnen fan libjen yn Rijswijk.
Yn 'e 12e en 13e iuw joegen de greven fan Hollân as ambachtshearlikheid yn lien oan de hearen fan Rijswijk. Yn dy snuorje waarden der in fjouwertal boargen boud: Hodenpijl (of Te Blotinghe), Den Burch, Te Werve en Steenvoorde. Foar it bouwen waarden stiennen fan it âlde Romeinske Forum Hadriani brûkt. Yn 1436 fêstige in ôfspjalting fan de reguliere kanunniken yn Rijswijk. Oan 'e ein fan de 15e iuw hie Rijswijk likernôch 100 hûzen mei 500 ynwenners.
De hearlikheid Rijswijk kaam yn 1544 yn besit fan Willem fan Oranje dy't it 13 jier letter omruile mei de katolike Cornelis Suys foar besittings yn Monster.
Yn 'e 16e iuw hie it plak 1000 ynwenenrs, mar krige te lijen fan de strideraasjes yn 'e Tachtichjierrige Kriich doe't it oan 'e frontliny kaam te lizzen en waard it doelwyt fan omswervjende hierlingen. It lân rekke ûnder wetter by it ûntsetten fan Leien. Nei 1578 bedarre it kriichsgeweld wer wat.
De Byldestoarm gie Rijswijk foarby, dochs de tsjerke kaam yn hannen fan de kalvinisten. Rijswijk rekke dêrnei tangele yn 'e striid tusken remonstranten en kontraremonstranten, mar krige mei it skeel tusken Johan van Oldenbarnevelt en Maurits fan Oranje in politike kleur.
Steedhâlder Freark Hindrik fan Oranje kocht yn 1630 it lângoed Ter Nieuwburg yn Rijswijk en liet dêr in grut paleis bouwe. Dat foarbyld waard gau folge. Gegoede en machtige lju lieten yn Rijswijk en omkriten in bûtenpleats bouwe. Bytiden waard in pleats ferboud, en oare kearen waard in hearehûs boud. Yn 1697 waard de Frede fan Rijswijk tekene yn it lângoed Ter Nieuwburg. It bouwen fan de bûtenpleatsen late ta it tanimmen fan de bouniverheid yn Rijswijk. Ek de tekstyl waard in wichtige ekonomyske faktor, mar de lânbou en feehâlderij bleaune de wichtichste ekonomyske faktors.
Yn de 18e iuw woeks de ekonomy stadichoan troch. It bouwen fan bûtenpleatsen gie noch hieltyd troch. Guon dêrfan bloeiden, mar oaren rekken yn it neigean. De revolúsjonêre ideeën út Frankryk wei kamen ek yn Nederlân. Yn Rijswijk ûntstie ek in patriotteselskip.
Nei de Frânske tiid, yn de 19e iuw, wie der in nije bestjoersoarder yn Nederlân. Foar de âlde elite wie gjin plak mear. Dat late ta it neigean fan de bûtenpleatsen. Rijswijk waard in rêstich lanlik plakje. It plak hie likernôch 3.000 ynwenners.
Yn 'e rin fan de 19e iuw krige Rijswijk in tal stasjons: stasjon Rijswijk-Wateringen (1847-1938), stasjon Kleiweg (1887-1906) en stasjon 't Haantje (1887-1903). Yn 1965 waard Stasjon Rijswijk iepene oan de Alde line.
It úttynjende De Haach, de buorgemeente, anneksearre yn 'e 193 iuw beskate hoeken fan de gemeente Rijswijk. Troch it waaksen fan De Haach yn 'e snuorje fan de Yndustrialisaasje hie dat ek ynfloed op Rijswijk. Alhoewol't oan 'e ein fan de 19e iuw Rijswijk noch hieltyd in agrarysk karakter hie, naam it belang fan de lânbou wol ôf. Ek de tekstylyndustry rekke yn it neigean yn it foardiel fan kommersjele en net-kommersjele tsjinstferliening.
Yn it begjin fan 'e 20e iuw begûnit plak lykwols fluch te groeien. De Haach besocht yn 'e 1920-er en 1930-er jierren om 'e nocht stikken fan de gemeente Rijswijk te anneksearjen. Nei in soad tsjinstân út Rijswijk wei, luts de provinsje Súd-Hollân dy planne yn. Rijswijk sels bleau ek trochwaaksen. De detailhannel makke in sterke ookomst, wylst de lânbou fierder ôfnaam.
Yn 1953 waard yn de wyk Steenvoorde nei de earste ierdoalje boarre. Dat late ta it ûntjaan fan it Rijswijkfjild yn 'e Hoekpolder. It hat fan 1954 oant 1994 oalje produsearre. De "Rijswijkkonsesje" fan it NAM omfiemet hjoed-de-dei it grutste part fan de provinsje Súd-Hollân.
Nei de Twadde Wrâldkriich moast de wenningneed bestridenn wurde. Rijswijk die dêr oan mei. It plak boude net allinnich foar syn eigen ferlet, mar ek foar de omkriten. De Haach besocht fannijs om 'e nocht alhiel Rijswijk te anneksearjen. Yn 1950 krige it plak in boargemaster, A.Th. Bogaard, dy't dêr in stokje foar stiek. Hy wie earder boargemaster fan Batavia yn Nederlânsk-Ynje en hie in soad konneksjes. Troch de wenningneed, dy't De Haach knypte, besocht dy stêd fiif buorgemeenten te anneksearjen. Bogaard koe dat keare en wie fan betinken dat in fluch waaksen fan Rijswijk de selsstannigens fan de gemeente wis wêze soe. Under syn tweintichjierrich bestjoer waard in grut part fan it âlde doarp sloopt en grutskalige nijbou yn en bûten de kearn hat it doarpsk karakter, dat oant 1950 noch hieltyd bestie, folslein ûngedien makke. Der waarden 15.000 wenten boud en it ynwennertal woeks ta 54.000. In winkelsintrum yn it plak waard nei him neamd. Troch de bouwarbernes ûnderr syn ynfloed rekke der lykwols in soad histoarysk erfguod ferlern.
It Ministearje fan Kultuer, Rekreaasje en Maatskiplik Wurk fêstige him yn 1966 yn in kantoar yn in nijboud markant heech gebou yn Rijswijk. Dat wie it earste ministearje dy't him bûten De Haach fêstige.
Stadichoan waard it waaksen fan Rijswijk hoholden om't it syn grinzen berikt at. It agrarysk gebiet wie ûnderwilens folboud mei wenwiken, yndustry- en kantoargebieten en iepenbier grien.
Yn 'e 1990-er jierren waard de spoarline, dy't it plak winlike yn twaen spjalte, ûndergrûnsk oanlein. Dat ferbettere de ynfrastruktuer fan it plak tige by tige. Yn 2002 waard it eardere fleanfjild Ypenburg, dy't sûnt 1968 amper mear brûkt waard lang om let troch De Haach anneksearre, nei 't de stedsprovinsje Haachlannen ôfwiisd waard. Yn 1988 besocht De Haach it ek, mar waard troch Rijswijk ôfwiisd.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wiken 05 en 06 wurde yn Rijswijk respektyfljk ek wl as Steenvoorde-Noard en Steenvoorde-Súd oantsjut. De nûers jouwe de CBS-wykkoade oan.
Wiken/buorskippen | Kaert |
---|---|
|
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rijswijk is te berikken oer de autodiken A4 en A13. Stasjon Rijswijk oan de Alde line fan Amsterdam nei Rotterdam. It stasjon waard yn 1965 boud. It spoar yn Rijswijk waard yn de 1990-er jierren ûndergrûnsk oanlein. Ek komt der in tram fan Tramline 17 fan de Haachske tramnetwurk HTM by it stasjon del.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Alde Tsjerke (Oude Kerk), boud yn de 15e iuw, stiet yn it sintrum fan it âlde doarp fan Rijswijk.
- Sint-Bonifatiustsjerke, katolike tsjerke fan 1897
- Museum Rijswijk
- Museum Bescherming Bevolking
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Alde Tsjerke
-
Sint-Bonifatiustsjerke
-
Jeropeesk Oktroaiburo yn 'e fierte
-
It stedhûs fan Rijswijk
-
Panorama Rijswijk mei Hoogvoorde en De Generaal'
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen, sjoch: nl:Rijswijk (Zuid-Holland) |
Súd-Hollân | |
---|---|
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht | |
· · |