Springe nei ynhâld

Reinder Brolsma

Ut Wikipedy
Reinder Brolsma
skriuwer
Reinder Brolsma
Reinder Brolsma
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 23 maaie 1882
berteplak Stiens
stoarn 23 novimber 1953
stjerplak Ljouwert
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurk
taal Frysk
streaming Realisme
prizen Harmen Sytstra-priis 1941
jierren aktyf 1903-1953

Reinder Brolsma (Stiens, 23 maaie 1882 - Ljouwert, 23 novimber 1953) wie in Frysk skriuwer en sjoernalist.

As ien fan de acht bern fan Uilke Hessels Brolsma en Jantsje Jolkes Timmerman kaam Brolsma op syn sechtjinde yn de lear by syn âldere broer Jolke om ferver te wurden. Yn 1910 festige hy him as ferversbaas yn Lichtaard. Letter wurke er as sjoernalist by de Ljouwerter Krante. Hy skreau ûnder mear de rubryk 'Gesprekken op de brug'. Op 5 maart 1910 boaske Brolsma yn Ferwert mei Janke Lieuwes Westerbaan. It pear krige trije bern. Soan Lieuwe Brolsma en pakesizzer Ulke Hessel Brolsma hawwe ek yn it Frysk fersprieden. De lêste fjirtjin dagen fan syn libben wenne Brolsma yn it St. Antonius Gasthûs. Brolsma kaam om troch selsferdrinking yn it Van Harinxmakanaal. Dy selsmoard wie mulk mei it folch fan syn hâlden en dragen yn de kriich. Yn 2001 ferskynde de libbensbeskriuwing Sa'n tûzen blauwe skriften fan de hân fan Doeke Sijens.

Yn syn soad romans, ferhalen, sketsen en toanielstikken toant er him in skerp waarnimmer fan it libben op it plattelân en fan de wenstige man en efterbuertbewenner út de stêd. Syn wurk is realistysk, mei in mylde blik op syn meiminske. Faak byldet er de minsken út yn de swiere striid om it bestean, lykas dy yn de lânboukrisis fan 1880 en 1930 troch in soad fierd wurde moasten. Hy ûntliende syn ynjouwing jamk oan de doarpsbewenners fan syn berteplak Stiens of oan syn húshâlding, bylyks syn ferhaal 'Hy' yn 'Sa seach ik Fryslan'. Brolsma wie sekretaris fan de rederikerskeamer Halbertsma yn Stiens. Syn earste publikaasje, it koarte ferhaal 'Sinnestrielen', ferskynde yn 1903 yn it tydskrift Sljucht en rjucht. Yn It Beaken, tydskrift fan de Fryske Akademy, jiergong 1971, is in beskriuwing jûn fan Brolsma's wurk. Hanskriften, brieven en soksoarte binne troch de famylje yn brûklien jûn oan Tresoar.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Twadde Wrâldoarloch liet Brolsma ta dat syn letterkundich wurk brûkt waard yn tsjinst fan it kultuerbeleid fan de Dútske besetter en syn hanlangers. Yn 1942 akseptearre er de Harmen Sytstra-priis foar Fryske letteren fan it nasjonaalsosjalistyske Ofdieling fan Folksfoarljochting en Keunsten. Op 25 foarmoanne 1942 hold er op de radio in praatsje oer it eigen wurk. Yn 1943 ferskynden twa printingen fan syn roman De stroojonker, út it Frysk yn it Nederlânsk oerset troch J.D. de Jong en H.D. Vriesema by de nasjonaalsosjalistyske útjouwerij De Schouw. Syn halden en dragen hie ta folch dat him yn 1945 foar koarte tiid in publikaasjeferbod oplein waard.

  • 1926 - It Heechhof (diel 1 fan de trilogy It Heechhof, 7de pr. yn 1993)
  • 1929 - De Skarlún (2de pr. yn 1953)
  • 1934 - Sate Humalda (3de pr. yn 2004, mei ynlieding en taljochting fan Doeke Sijens)
  • 1938 - It Aldlan (diel 2 fan de trilogy It Heechhof, 5de pr. yn 1969)
  • 1940 - Groun en minsken (6de pr. yn 1995)
  • 1941 - It widdou's bern
  • 1947 - Richt (diel 3 fan de trilogy It Heechhof, 3de yn 1993)
  • 1994 : Heechhôf-trilogy (dêryn: It Heechhôf, It Aldlân en Richt)

Novellen en ferhalebondels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1923 - It forgift
  • 1927 - Spegels
  • 1928 - De boer en de arbeider op Ekema
  • 1930 - De reamme fan it libben
  • 1931 - Neisimmer
  • 1932 - Salmsteich, in forhael út ’e rige Sate Humalda
  • 1933 - De reis nei it âlde doarp (2de pr. yn 1942)
  • 1933 - De bouwers, in forhael út ’e rige Sate Humalda
  • 1934 - Fen it Hegelân, in forhael út ’e rige Sate Humalda
  • 1934 - Trije novellen
  • 1935 - Mearke út Noardlik Fryslân
  • 1936 - Striid en oare ferhalen
  • 1940 - Mame en de greate boer
  • 1940 - Bylâns de wei (2de pr. yn 1973)
  • 1942 - Ypeus
  • 1951 - Sa seach ik Fryslân (2de pr. yn 1962)
  • 1952 - Folk fan Fryslân
  • 2002 - Ut stêd en doarp, tsien ferhalen
  • 2011 - Spegel fan Fryslân
  • 1931 - Under it skaed fen justysje
  • 1934 - Estafette
  • 1936 - Pension “Nij Frisia”
  • 1937 - Trammelantsje
  • 1939 - De Nôtharne

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]