Springe nei ynhâld

Harmen Sytstra-priis

Ut Wikipedy

De Harmen Sytstra-priis wie in yn 1941 troch it nasjonaalsosjalistyske Departemint fan Folksfoarljochting en Keunsten ynstelde literêre priis dy't bedoeld wie om de Fryske letteren te earjen. De priis is ynsteld op advys fan de Fryske Rie. De priis is ferneamd nei Frysk skriuwer en skoalmaster Harmen Sytstra (1817-1862).

De priis waard yn it begjin fan de Twadde Wrâldkriich ynsteld troch de Dútsers, dêrom waard de priis as in 'ferkearde priis' beskôge. Reinder Brolsma ûntfong de priis fan 1000 gûne yn 1941 as earste, it wie foar syn boek Groun en Minsken. It is de skriuwer tige kwea-ôf nommen dat er de priis oannommen hat, hy krige nei de oarloch in publikaasjeferbod foar in jier. Twadde dy't de priis ûntfong wie R.P. Sybesma, de hichte fan de priis wie doe ferhege nei 2000 gûne. Douwe Kalma ûntfong de priis yn 1943, mar stjoerde dy letter wer werom, omdat er der bewust fan waard dat de priis him nei de oarloch net yn tank ôfnommen wurde soe. Nei't Nederlân befrijd waard, is de priis ôfskaft.