Springe nei ynhâld

Nynke Laverman

Ut Wikipedy
Nynke Laverman
sjonger en/of muzikant
Nynke Laverman, skildere troch Gerrit Breteler.
Nynke Laverman, skildere troch Gerrit Breteler.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nynke Laverma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 14 april 1980
berteplak Weidum
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre Pop,
Fado
sjongtaal Frysk
jierren aktyf 2004 - No

Nynke Laverman (Weidum, 14 april 1980) is in Fryske sjongster en aktrise.

Nynke is berne yn Weidum. Hja die yn Ljouwert it TWU en doe yn Amsterdam de Akademy foar Lytskeunst. Hja rûn staazje by Tryater en studearre ôf yn 2002. Nei har stúdzje presintearre hja foar Omrop Fryslân in skoftke it op-muzyk-rjochte tillefyzjeprogramma No Nynke.

Yn 2003 wie hja part fan in groep fan fjouwer teatermakkers dy't op Oerol it programma Angela Vicario brocht. Yn 2003 begûn hja oan in teaterprogramma mei Fryske fado's, Sielesâlt. Op 5 juny 2004 presintearre hja hjirfan de cd Sielesâlt mei fado-muzyk, ûnder oaren mei teksten fan J. Slauerhoff, dêr't hja yn 2006 de Piter Jellespriis foar krige. Laverman reizge troch hiel it lân en song ek yn ferskate tillefyzjeprogramma's, mar it hichtepunt wie op Keninginnedei, 30 april 2005, doe't hja part wie fan de sjo foar Keninginne Beatrix op it Malieveld yn De Haach.

Nei Sielesâlt spile Nynke yn 2005 de titelrol yn it stik Lytse Fûgel fan Tryater. Hja spilet ek in byrol mei sang yn de film Het Zwijgen, dy't yn maart 2006 útkaam. Ein 2005 kaam hja mei in nij programma, De Maisfrou. Hjirfan is yn maaie 2006 in CD útbrocht. Foar dit wurk is sy yn 2006 ûnderskieden mei de Piter Jellespriis.

Op 3 oktober 2010 krige hja in Edison, yn de kategory teater, útrikt foar har album Nomade.

Nynke Laverman skreau en song yn 2017 Seis oere thús as werkenningsmelody en soundtrack fan Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. It nûmer waard spile troch it Noard Nederlânsk Orkest. De komposysje makke se tegearre mei Sytze Pruiksma. Yn 2018 wie hja meidogger oan it filmprojekt 'Wad', yn 'e mande mei jazzmusikus Martin Fondse (komponist) en Sytze Pruiksma. Sy song yn dat ferbân ûnder oaren it liet 'On The Edge'.

Yn it sabbaticaljier 2019 ûnstie it idee foar in nij album. Op dat album, heal Frysk- en heal Ingelsktalich, sprekt Laverman har út oer it omgean mei de ierde. Spoken word is prominint oanwêzich en Laverman makket faak gebrûk fan it flústerregister fan har stim. Se wurke op mei ûnder oaren har man Sytze Pruiksma, fideokeunstner Douwe Dijkstra en dûnseres Dunja Jocic. De earste single Your Ancestor ferskynde yn septimber 2020. It album wie doe noch net útbrocht.

Ein 2020 besleat Laverman fanwegen de koroanamaatregels om it album Plant nûmer foar nûmer út te bringen en dêr in jier de tiid foar te nimmen; se neamt dat in "slow album release". Elts nûmer wurdt ynlaat troch in podcast fan Laverman, Lex Bohlmeijer en in filosoof, keunstner, aktivist of wittenskippper dy't har ynspirearre ûnder it meitsjen fan it album.[1] Dêrfoar waarden ûnder oaren Eva Rovers, Roman Krznaric, Damiaan Denys, Matthijs Schouten, André Kuipers, Jochem Myjer en Marjan Minnesma útnûge.

Sûnt 2010 is Laverman aktyf as oersetter fan toanielwurken. Se sette Macbeth fan William Shakespeare (2010) en Bridges of Madison County (2014) oer nei it Frysk foar toanielselskip Tryater. Yn 2020 fertaalde se parten fan it nij skreaune stik 'Skaad' fan Marijke Schermer foar Pier 21.

Foar har debútalbum Sielesâlt krige Nynke Laverman in Gouden plaat en de literêre Piter Jellespriis. Har tredde album Nomade waard bekroand mei in Edison.[2]

Eksterne keppelings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: