Springe nei ynhâld

Oerol

Ut Wikipedy
Oerol
It logo fan Oerol yn 2013.
It logo fan Oerol yn 2013.
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Skylge
plak ferskaat (hiele eilân)
holden yn iepen loft
tiid fan it jier 10 dagen yn juny
bysûnderheden
oare namme Oerol Festival
soarte evenemint kultureel
bestean 1981 – no
oprjochter Joop Mulder
offisjele webside
www.oerol.nl

Oerol of it Oerol Festival is tsiendeisk kultureel evenemint dat elts jier yn 'e moanne juny holden wurdt op it Fryske Waadeilân Skylge. It bestiet benammentlik út teäterfoarstellings dy't yn 'e iepen loft op ferskate lokaasjes ferspraat oer it hiele eilân holden wurde. Oerol begûn lyts, mar is troch de jierren hinne útwoeksen ta ien fan 'e grutste lokaasjeteäterfestivals fan Jeropa. Der komme elts jier sa'n 50.000 besikers op ôf om te sjen nei Nederlânske en bûtenlânske toanielselsskippen, teätergroepen, muzikanten, oare poadiumkeunstners en teffens nei útstalde keunstwurken fan byldzjend keunstners.

De namme fan Oerol is ôflaat fan it wurd oerol dat út it Skylgerske dialekt fan it Frysk komt. Dat wurdt sprutsen op 'e westpunt fan Skylge (yn 'e midden fan it eilân sprekt men Midslânsk en yn it easten Aastersk). Oerol betsjut "oeral", mar mei as spesifike bybetsjutting de tiid fan it jier dat op Skylge fee loslitten waard om 'oeral' (d.w.s. yn 'e iepenbiere romte yn 'e natoer) te weidzjen.

Dat barde yn 'e betide maityd en de lette hjerst, as der te min gers groeide yn 'e eigen greiden fan 'e feehâlders. Net alle eilânbewenners wiene bliid mei oerol, en nei't der op Skylge ferhurde wegen oanlein wiene, kamen der al rillegau ûngemakken fan. Sa kaam it foar dat fytsers ferwûne rekken as se by tsjuster by in ko oprieden dy't him op 'e wei deljûn hie. Op dizze oarspronklike oerol-tradysje waard ûnder de besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldoarloch it near lein troch de Dútsers, en ek nei de oarloch kearde it net mear werom.

Opbou fan it TimeProject, Oerol 2008.

It hjoeddeistige Oerol waard yn 1981 oprjochte troch Joop Mulder, dy't doedestiden eigner wie fan it kafee De Stoep, yn Midslân. Troch de jierren hinne groeide it út fan in lyts eilânfeest ta ien fan 'e grutste lokaasjeteäterfestivals fan Jeropa. Dêrby kampte de organisaasje wol om 'e pear jier mei finansjele swierrichheden.

Djiptepunt datoangeande wie de edysje fan 1993, doe't festivaldirekteur Mulder by de iepening oankundige dat de ûnderhannelings mei it Ministearje fan Wolwêzen, Folkssûnens en Kultuer en Deputearre Steaten fan Fryslân op neat útrûn wiene, en dat dit sadwaande de lêste kear wie dat it festival holden waard. Nei ôfrin fan Oerol 1993 waard der by nije ûnderhannelings lykwols dochs in oplossing fûn, sadat yn 1994 gewoan wer in nije Oerol holden wurde koe.

Op 'e lêste dei fan Oerol 2004 makke Mulder bekend dat it fuortbestean fan it festival op 'e nij faai stie. Nettsjinsteande in rekôroantal besikers dat jiers (55.000), ferkearde de organisaasje wer yn finansjele need. De subsydzje fan 180.000 wie net genôch om it fuortbestean fan Oerol feilich te stellen. Mulder easke "minimaal €400.000", oars soe de edysje fan Oerol yn 2005 net trochgean. It oare jiers waard de strukturele finansjele stipe oan Oeral yndie útwreide, sadat it festival wer fierder koe.

In foarstelling fan Oerol 2002.

Yn 2017 loek Joop Mulder him werom as foaroanman fan Oerol. Op 'e edysje fan it festival fan dat jier waard er seremonieel op 'e boat nei Harns set en útwiuwd troch organisaasje en festivalbesikers. Neitiid kaam er daliks wer werom op it eilân om 'e rest fan it festival by te wenjen. Mulder wie yn 2018 as koördinator en oanjager belutsen by it keunstprojekt Sense of Place, in ûnderdiel fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018.

Ferstjerren Joop Mulder

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 9 jannewaris 2021 stoar Joop Mulder, de oprjochter fan het festival, yn de âldens fan 67 jier.[1]

Oerol hat alle jierren in tema:

  • 1996 - Het Magnetisme van de Noordpool
  • 1997 - Van Achter de Wolken Kwam de Wind
  • 1998 - Diepte van de Oceanen
  • 1999 - Voetsporen in het Zand
  • 2000 - Als het Tij Keert
  • 2001 - Omringd door Zee
  • 2002 - Eilandrijk
  • 2003 - Een Bewogen Horizon
  • 2004 - Niemandsland
  • 2005 - Eindeloze Deining
  • 2006 - Landverhuizers
  • 2007 - Sterke Verhalen
  • 2008 - Het Eiland van de Vorige Dag
  • 2009 - Het Gras tussen de Planken
  • 2010 - 10 Dagen Zilte Luchtspiegelingen
  • 2011 - 10 Dagen het Geluid van een Eiland
  • 2012 - De Wind Voert het Woord
  • 2013 - Sense of Place (mearjierrich)
  • 2014 - Sense of Place (mearjierrich)
  • 2015 - Sense of Place (mearjierrich)
  • 2016 - Tijd
  • 2017 - Rite of Spring
  • 2018 - Meertaligheid

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.


  1. Oerol-oprichter Joop Mulder overleden LC.nl d.d. 10 jannearis 2021