Fidel Castro
Fidel Alejandro Castro Ruz ( audio) (Birán, 13 augustus 1926 - Havana, 25 novimber 2016) is de eardere diktator fan de republyk Kuba. Hy wie ek de heechste militêre befelhawwer dêr't er syn titel El Comandante oan ûntlient. Ynearsten abbekaat liede hy mei súkses de guerilja tsjin it rezjym fan Batista (1956-1958). Neidat er de macht oernomd hie, fierde hy as earste yn Súd-Amearika in revolúsjonêre op marksistyske least skoeide polityk en brocht in protte wêzentlike feroarings ta stân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Castro waard op 13 augustus 1926 berne as soan fan in rike plantaazjehâlder. Al ûnder syn stúdzje rjochten yn Havana (1945-1950) rekke hy belutsen by revolúsjonêre groepearrings dy't harren fersetten tsjin de troch de Feriene Steaten stipe generaal Fulgencio Batista.
Yn 1953 organisearre Castro in wapene oerfal op in polysjekazerne dy't mislearre en dêr't Castro by finzen nomd waard. Foar syn oandiel krige er 15 jier finzenisstraf. In amnestyregeling besoarge him lykwols nei twa jier de frijheid. Under syn dêropfolgjende ballingskiptiid yn Meksiko en de Feriene Steaten wurke hy mei oan de foarming fan in revolúsjonêre beweging (Revolúsjonêre Beweging fan de 26ste july) dy't de striid mei Batista oan gean moast. Op 2 desimber 1956 lanne Fidel Castro en 81 oaren, wêrûnder syn broer Raúl Castro en Che Guevara op de súdkust fan Kuba. Nei in twa jier duorjende striid waard Batista úteinlik ferdreaun op 1 jannewaris 1959.
Op 16 febrewaris 1959 waard Castro premier fan Kuba. Syn ferhâlding mei de Feriene Steaten soe troch de prosessen dy't oanhingers fan Batista en alderhanne ûnteigeningen swier op de proef steld wurde. In besiik fan Castro oan Washington smiet allinnich fan beide kanten animositeit op. Hjirtroch kearde hy him ta de Sowjet-Uny foar help en sleat in ferdrach û.o. oer de ymport fan oalje. Foar de Feriene Steaten is dat oanlieding om alle diplomatike bannen mei Kuba te ferbrekken. De help dy't Kuba fan Moskou kriget bliuwt net ta oalje beheind, mar omfiemet ek ekonomyske en militêre stipe. Kastro sels wurdt in oanhinger fan it marksistysk-leninistyske gedachteguod.
It Bargebaai-ynsidint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei stipe fan de CIA fieren Kubaanske ballingen op 17 april 1961 in ynvaazje út op Bahía Cochinos (Bargebaai) mei as doel it bewâld fan Fidel Castro om te werpen. De ballingen liede lykwols in siere nederlaach en twa Amerikaanske marineskippen wurde dêrby ta sinken brocht. Castro, dy't by de gefjochten oanwêzich wie, seach hjirnei syn reputaasje as 'held fan de revolúsje’ ûnder de befolking mei sprongen foarútgean.
Doe't de Feriene Steaten yn 1962 murken dat de Sowjet-Uny stikum in geheime raketbases op Kuba bouden, besleaten hja ta in blokkade rûnom it eilân. De spanning stige, mar Moskou rop lang om let harren mei raketten laden skippen werom. In kearnoarloch wie op it lêste stuit ôfkeard.
De Feriene Steaten soenen noch ferskate kearen besykje om Kuba en harren regearing te ferswakjen en Kastro fan it libben te berôvjen. Castro, dy't him op 3 desimber 1976 ta presidint beneame lit, bleau lykwols fêst yn it seal sitten. De agressive Amerikaanske polityk waard troch him op snoade wize brûkt om by de Kubanen in ienigensgefoel te kweken. Sels de ekskommunikaasje fan Fidel Castro troch Paus Johannes XXIII wie foar de katolike Kubanen gjin oanlieding om harren fan 'El Líder Máximo' te ûntdwaan.
Mei help fan de Sowjet-Uny krigen de Kubanen huzen, ûnderwiis, medyske soarch en ferdwûn de earmoede. Nei it útinoar fallen fan de Sowjet-Uny moast Castro nije boarnen fan ynkomsten fine. Dêr slagge hy net goed yn en Kuba rekke yn in djipe ekonomyske krisis. De earder sa ferneamde kwaliteit fan ûnderwiis en sûnenssoarch rûn hurd tebek en ek de fiedselfoarsjenning hapere. En yn eigen lân nimt de opposysje tsjin syn bewâld ta. Mar nettsjinsteande alle swierrichheden dêr't er mei te krijen hat hâldt Castro de macht fêst yn hannen. Troch Amnesty International wurdt er beskuldige fan it skeinen fan minskerjochten.
Yn it tiidrek fan Castro hawwe om-ende-by ien miljoen Kubanen harren lân om politike of ekonomyske redenen ferlitten en binne nei de Feriene Steaten ferfearn. Dizze ekonomysk sterke kloft hat in grutte ynfloed op de Kubaansk-Amerikaanske relaasjes.
Healwei 2006 krijt Kastro problemen hie mei syn sûnens. Hy lit him troch syn broer Raúl Castro ferfange en moat yn it sikehûs swiere operaasjes ûndergean. Op 19 febrewaris 2008 lit er it folk fia in brief witte dat er gjin nije amtstermyn as presidint en oerbefelhawwer oangean sil, wêrmei't in ein kaam oan syn liederskip.
- Kubaansk politikus
- Presidint fan Kuba
- Diktator
- Kubaansk abbekaat
- Kubaansk revolúsjonêr
- Kubaansk generaal
- Kubaansk guerriljastrider
- Kubaansk polityk aktivist
- Kubaansk kommunist
- Kubaansk misdieslachtoffer
- Persoan dy't in moardoanslach oerlibbe hat
- Kubaansk persoan fan Kanarysk komôf
- Kubaansk persoan fan Galisysk komôf
- Persoan berne yn 1926
- Persoan stoarn yn 2016