D.C. Lewis die yn 1970 mei it liet Linda mei oan it Nasjonaal Songfestival, mar waard net ôffurdige nei it Eurofyzjesongfestival.[4] Letter hie er noch twa lytse hits, Zijn testament (#23 yn de Top 40 en #24 yn de Top 30) en Eva Magdalena (#33 yn de Top 40). Dêrnei trede Lewis noch in skoft op mei de Dance and Showband fan José Marcello.[5]
Yn de jierren '80 waard by Eggenhuizen fibromyalgy fêststeld. Hy stoar yn de âldens fan 53 jier oan in hertstilstân en waard beïerdige op it Arnhimske begraafplak Moscowa[6]