Springe nei ynhâld

Arnhim

Ut Wikipedy
Arnhim
Arnhem
De Rynkaai
De Rynkaai
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Boargemaster Ahmed Marcouch (PvdA)
Sifers
Ynwennertal 167.527 (1 jannewaris 2024)
Oerflak 101,54 km², wêrfan 97,82 km² lân en 3,72 km² wetter
Befolkingsticht. 1696 / km²
Oar
Stifting 1233
Ferkearsieren A12 A50 A325 N224 N325 N784
Steatsline A, Spoar fan Amsterdam nei Elten, Spoar fan Arnhim nei Nimwegen
Postkoade 6800-6846
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 59' N, 5° 55' E
Stedhûs fan Arnhim
Stedhûs fan Arnhim
Lizzing fan de gemeente Arnhim
Lizzing fan de gemeente Arnhim
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente
Kaart
Arnhim (Gelderlân)
Arnhim
Kaart
De Rynkaai
Kaart fan Arnhim

Arnhim[1] (Nederlânsk: Arnhem, Súdgeldersk: Ernem, Dútsk: Arnheim) is in gemeente en de haadstêd fan de Nederlânske provinsje Gelderlân. Arnhim leit oan de rivier de Nederryn. Arnhim hat 167.527 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en is dêrmei de twadde stêd fan de provinsje Gelderlân, nei Nimwegen. Arnhim heart ta de 15 grutste stêden fan Nederlân. De gemeente Arnhim is in part fan de Stedsregio Arnhim-Nimwegen dy't likernôch 738.000 ynwenners hat.

De namme is mooglik in gearstalling fan heem/heim "wenplak/wente" en de persoanenamme Aro of Ar(n), dy't weromgiet op it Germaanske arnu "earn", dus "plak fan Arn". Yn 893 waard it plak foar it earst neamd as Arneym. De abdij fan Prüm hie dêr yn dy tiid guon besittings. Yn de tolfde iuw kaam it foar as Arnheim en Arnem, yn 1203 as Arnheym en yn 1572 as Arem. Yn 1227 neamde de Gelderske greve Arnhim nostrum oppidum itjinge op ommuorring tsjut.[2]

Op it gebiet fan Arnhim moat neffens argeologyske fynsten 70.000 jier ferlyn al bewenne west hawwe. It gebiet moast troch neändertalers bewenne west hawwe. Fan de izertiid, 5.000 jier ferlyn wiene spoaren fan de moderne minsken fûn. Der binne oerbliuwsel fan in jagerskamp fûn.

Tichteby de stêd binne de earste spoaren fan boeren fûn dy't om 2400 f.Kr. hinne in fêst plak hiene en grêfheuvels hiene. Ut de brûnstiid wei binne pleatsen fûn yn wat hjoed-de-dei it sintrum fan Arnhim is.

âlde stêdhûs fan Arnhim (1840)

Arnhim waard (as Arneym) foar it earst yn 893 yn in register fan de besittings fan de Abdij fan Prüm neamd. It wurdt beskrean as in oan Sint Marten wijde tsjerke, mei omlizzend lânguod.

De stêd krige yn 1233 stedsrjochten fan greve Otto II fan Gelre, de greve fan Sutfen, nei foarbyld fan Sutfen. De krekte tekst dêrfan leit yn it Duvelshûs dat no part is fan it gemeentehûs.

Arnhim is net boud oan de Ryn, mar op it hegerlizzende part by de Sint-Jansbeek. Arnhim ûntstie op it plak dêr't de dyk tusken Nimwegen en Utert/Sutfen him spjalte. Sân sprinkelbeken wiene in boare fan wetter foar de stêd, en pas doe't de rin fan de Ryn om 1500 hinne troch de Arnhimmers ferlein waard kaam Arnhim oan de rivier te lizzen. De stêd groeide en hie yn de fyftjinde iuw likernôch 4000 ynwenners; der kamen in muorre en tuorren om de stêd te ferdigenjen.

Yn 1441 waard Arnhim op de jierliks gearkomste fan de Hânze talitten ta dat ferbûn fan Noarddútske stêden en waard ynparte yn it Keulske Kertier.

Arnhim yn 1572

Yn 1543 kaam Gelre ûnder keizer Karel V en waard part fan it Habsburchske Ryk. Ynearsten waard Arnhim ien fan de fjouwer haadstêden fan it hartochdom, mar ûnder Karel V waarden de rekkenkeamer en it Hôf fan Gelre en Sutfen yn Arnhim fêstige en de stêd waard sadwaande de facto haadstêd fan Gelre. Yn de njoggentjinde iuw waard de status pas offisjeel. As gefolch fan de tachtichjierrige Kriich waard it hartochdom Gelre opspjalte en kamen de trije noardlike kertieren oan de Uny fan Utert (1579) en dêrnei oan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.

Yn 1820 hie Arnhim noch 9000 ynwenners; yn 1859 wie dat tal groeid ta krapoan 24.000. Benammen yn de twaddde helte fan de njoggentjinde iuw, doe't der goede spoarferbinings kamen, waard it gebiet om Arnhim en Nimwegen tige populêr ûnder de begoedige Hollânske boargerij en pensionearden dy't weromkamen út Nederlânsk-Ynje. Dy minsken ferhuzen út it westen fan Nederlân wei nei it easten, en makken fan Arnhim in stêd mei elitêre útstrieling. Arnhim waard yn dy tiid ek wol it 'Haachje fan it Easten' neamd. (It Hearrenfean waard earder ek wol it 'Fryske Haachje' neamd.) Ut dy tiid komt bygelyks it konsertgebou Musis Sacrum. Doe't de groei wat stagnearre, waarden der parken oanlein om toeristen te lûken. Arnhim hat noch altyd moaie parken: Sonsbeek yn it sintrum, Zijpendaal en Klarenbeek yn it noarden, Angerenstein yn it easten en Mariëndaal yn it westen. Mei it protte oare grien hat it Arnhim de bynamme Parkstêd oplevere.

Befrijing fan Arnhim op 14 april 1945
Sint-Jansbeek yn it sintrum fan Arnhim
Hûs Sonsbeek mei Park Sonsbeek noardlik fan it âlde sintrum

De stêd rekke yn de Twadde Wrâldoarloch foar in grut part skansearre. De Slach om Arnhim (septimber 1944) is de tragyske skiednis fan Poalske en Britske parasjutisten dy't efter de Dútske linys dropt waarden om de Rynbrêge yntakt yn hannen te krijen; dêrfan komt de útdrukking "[[in brêge te fier]]" dy't ek wol yn it Dútsk oerset brûkt wurdt. De Britske luitenant-kolonel John Frost koe de brêge oermasterje, mar de fersterking fan Britske loftlanningstroepen rûn fêst by it Elisabethsgasthûs. It Amerikaanske leger hold yn Elst ho, en de Slach om Arnhim waard ferlern. De Dútsers waarden deabenaud foar in werhelling, en op 24 septimber waarden de 95.000 ynwenners fan Arnhim twongen harren stêd te ferlitten. Op de hoeke fan de Apeldoarnskekwei en de Jansbûtensingel, foar bioskoop Rembrandt oer is dêrfoar in lytse tinkplaat oanbrocht. De besetters hawwe doe systematysk huzen leechrôfd en de meubels nei ferwoastge stêden yn Dútslân stjoerd. Doe't de Arnhimmers nei de kriich weromkamen, bliek de stêd fernield en plondere te wêzen. In soad gebouwen yn it historyske stedssintrum, lykas de Eusebiustsjerke, leinen yn pún. De slach om Arnhim wurdt alle jierren betocht by it Airborneplein yn de oprit fan de brêge.

De Rynbrêge waard op 16 septimber 1978 omneamd ta John Frostbrêge. In plakette en de skildering fan de brêge yn de rezjimintskleuren fan de Airbornedifyzje bringe dy striid yn it sin.

Arnhim hat nei de kriich mei in soad enerzjy de stêd wer opboud, en is no in libben sintrum fan aktiviteit. Nije wiken lykas Presikhaaf en Malburgen waarden boud. Om't dy huzen mei beheinde middels yn koarte tiid boud waarden, binne dy wiken ta oan in ophelpbeurt. De stêd wreidet noch hieltyd út op de súdouwer fan de Ryn, der wurdt û.m. wurke oan realisaasje fan 6500 wenten yn de nijbouwyk Schuytgraaf, ûnderferdield yn 25 buerten mei in hiel eigen karakter, tusken it doarp Driel en it spoar nei Elst en nei Nymwegen. Ek it gebiet om it Stasjon Arnhim Sintraal waard alhiel fernijd. Ek de súdlike binnenstêd waard fernijd. It Tsjerkeplein waard foar in part folboud en de Merke fannijs ynrjochte. Ek de Sint-Jansbeek kaam werom yn de binnenstêd.

Arnhim hat as iennige stêd yn Nederlân in trolleybus-systeem yn it iepenbier ferfier.

Arnhim leit oan beide ouwers fan de Nederryn en de westlike ouwer fan de Isel. Ferskate beken en streamen rinne troch de stêd dy't yn de Nederryn útmûnje. De stêd leit oan de súdrûne fan de Feluwe en hat dêrtroch wol 30 parken. Dy parken wiene yn de njoggentjinde iuwen almeast lânguod fan gegoede famyljes dy't harren lânguod, gauris oan de gemeente, ferkochten doe't it besit dêrfan net mear út koe. Arnhim is troch it grutte tal parken ien fan de grienste stêden fan Nederlân. Guon fan dy parken binne Park Sonsbeek, Lângoed Zijpendaal, Warnsborn, Park Klarenbeek, Park Presikhaaf en Park Angerenstein.

By de gemeente Arnhim hearre njonken de stêd Arnhim ek de doarpen Elden en Schaarsbergen, de buorskippen De Praets en 't Vlot, en parten fan de buorskippen Terlet en Deelen

Kaart fan de yndieling fan Arnhim mei it sintrum yn grien

Arnhim is ferparte yn trije stedsdielen, dy't wer ûnderferparte binne yn kertieren, 24 wiken en 81 buerten.

  • Arnhim-Sintrum is it sintrum en de âlde binnenstêd fan Arnhim en beslacht it gebiet dat fan de 10e iuw ôf oant de 19e iuw de stêd omfieme. It sintrum gebiet wurdt oan de noard- en eastkant begrinzge troch de John Frostbrêge en de singels, oan de westkant troch de Nelson Mandelabrêge en oan de súdkant troch de rivier de Ryn. De binnenstêd fan Arnhim is ferparte yn 8 kertieren, elts mei in eigen karakter en in eigen ikoan. De kertieren binne: Rijnkwartier, Rozetkwartier, Musiskwartier, Korenkwartier, Stationskwartier, Eusebiuskwartier, 7 Straatjes en Janskwartier.
  • Arnhim-Noard is it part fan Arnhim noardlik fan de rivier de Ryn, mei útsûndering fan it stedsdiel Arnhim-Sintrum. De stêd Arnhim ûntstie om de Sint-Jansbeek en hat him yn de 10e uw nei it suden ta útwreide, nei it hjoeddeistige sintrum. Yn Arnhim-Noard binne it sintraal stasjon, Sikehûs Rijnstate, ArtEZ Hegeskoalle foar de Keunsten, winkelsintrum Presikhaaf, en de Hegeskoalle fan Arnhim en Nimwegen. Arnhim-Noard bestiet út de folgjende wiken: Spijkerkwartier, Arnhemse Broek, Presikhaaf-West, Presikhaaf-East, Sint-Marten/Sonsbeek-Súd, Klarendal, Velperweg e.o., Alteveer en Cranevelt, Geitenkamp, Monnikkenhuizen, Burgemeestersweg/Hoogkamp, Schaarsbergen e.o., Heijenoord/Lombok en Klingelbeek.
  • Arnhim-Súd is it part fan Arnhim súdlik fan de hjoeddeistige rin fan de rivier de Ryn. Arnhim-Súd hat likernôch 80.000 ynwennners. Yn Arnhim-Súd binne it t multyfunksjonele stadion GelreDome, thúsplak fan fuotbalklup Vitesse en grutte eveneminten, it oerkape Winkelsintrum Kronenburg, Decathlon (Rynhal), de wenbûlevaar en de histoaryske uterwaarden Meinerswyk. Arnhim-Súd hat ek in spoarstasjon: Stasjon Arnhim Súd, tusken de wiken Elderveld, De Laar West en Schuytgraaf. Arnhim-Súd bestiet út de folgjende wiken: Malburgen-West, Malburgen-East (Noard), Malburgen-East (Súd), De Laar, Vredenburg/Kronenburg, Elden, Elderveld, Rijkerswoerd en Schuytgraaf.
Kaart fan de gemeente Arnhim

Arnhim hat lykas de rest fan Nederlân in seeklimaat.

 Waaroersicht foar Deelen 
Moanne jan feb mrt apr maa jun jul aug sep okt nov des Jier
heechste maksimum (°C) 14,5 19,5 24,6 29,4 31,9 34,2 39,2 37,2 32,7 26,4 19,5 15,2 39,2
trochsneed maksimum (°C) 5,4 6,5 10,3 14,9 18,6 21,3 23,4 23,0 19,4 14,5 9,3 6,0 14,4
trochsneed temperetuer (°C) 2,9 3,2 5,9 9,6 13,3 16,1 18,1 17,7 14,5 10,5 6,4 3,5 10,1
trochsneed minimum (°C) −0,0 −0,0 1,6 3,8 7,5 10,4 12,6 12,3 9,8 6,6 3,3 0,9 5,7
leechste minimum (°C) −24,2 −23,2 −17,0 −9,4 −4,5 −0,9 2,0 2,4 −0,9 −6,5 −9,9 −18,4 −24,2
delslach (mm) 79,5 63,7 60,7 43,8 62,9 69,1 86,5 83,9 73,8 73,3 79,5 91,3 868,0

Untjouwing ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Untjouwing ynwennertal fan 1795 ôf [3][4]
1795 1830 1840 1849 1859 1869 1879 1899 1909 1920 1930 1935 1949 1950 1960 1970 2001 2004 2008 2012 2017 2021
10.080 14.509 16.758 19.111 25.869 40.978 56.812 64.019 71.599 76.619 87.594 83.999 101.357 103.317 124.611 130.395 139.228 141.599 143.596 149.277 155.694 163.072

Befolkingsgearstalling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nije Stasjonstrjitte
Etnyske opmaak 2023 [5]
Komôf Persintaazje
Nederlân 64,2%
Jeropa
(ekskl. Nederlân)
8,9%
Turkije 5,2%
Yndoneezje 3,4%
Suriname 2,1%
flagge fan Nederlân Nederlânske Kariben 2,1%
Oare net-Westersken 11,7%
World Trade Centre

Yn Arnhim stiet it provinsjehûs fan Gelderlân. Tagelyk is Arnhim, mank mei Ljouwert, it sit fan it Gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert en it sit fan de Rjochtbank Gelderlân. Dêrtroch is Arnhim fanâlds in amtnersstêd.

Yn Arnhim leit it Business Park Arnhim (it eardere KEMA-terrein); in parkeftich bedriuwsterrein. Op it park steane û.o. it haadkantoar fan de KEMA, it haadkantoar fan de behearder fan enerzjynetten TenneT en in fêstiging fan de Nuon.

Arnhim is de achtste stêd yn Nederlân mei in World Trade Centre. Dat WTC stiet yn it stasjonsgebiet yn de Ryntoer, it haadkantoar fan advysburo Arcadis wurdt dêr ek hinne ferpleatst. Dêrnjonken stiet de Parktoer, dêr't it haadkantoar fan Essent yn sit. Gemy-gigant AKZO Nobel is ek in Arnhim festige, krektas fersekerar OHRA en it regionale haadkantoar fan de Postbank. Arnhim is dêrom in yndustry- en tsjinstestêd.

De measte wurklju dy't yn Arnhim wurkje komme út de Stedsregio Arnhim-Nimwegen en Noardryn-Westfalen. In soad lju dy't yn Arnhim wurkje wenje justjes oer de grins yn Dútslân om't de hûzepriis dêre goedkeaper is.

Korenmarkt is it útgeansintrum fan Arnhim

It dialekt fan Arnhim is it Súdgelderske stedsdialekt, it Arnhimsk (Ernems). It is part fand e Nederfrankyske dialektekloft. Yn it Arnhimsk wurdt de stêd Èrnem neamd. It Arnhimsk dialekt wykt lykwols ôf fan oare Súdgelderske dialekten omreden de Haachske ynfloed. Yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw lutsen rike Hagenaren nei ûtenhûzen yn it bosk om Arnhim hinne. It Haachsk aksint waard troch de pleatslike Arnhimske befolking oernommen om't dat aksint suver in heger oansjen joech. It aksint wurdt hjoed-de-dei benammen yn de folkswiken <nowiki'</nowiki> Broek, Geitenkamp, en Klarendal (útsprutsen as Klêrendâl) sprutsen.

Arnhem hat in warber útgeanslibben, mei in sterk regionale funksje. U.o.. de Korenmarkt is tige bekend om de kroegen. Ek binne der op 'e Rynkaai in grut tal hoarekagelegeheden. Yn it stadion fan Arnhim, it GelreDome, binne gauris grutte eveneminten lykas Qlimax yn novimber.

Musea en it besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Eusebiustsjerke

Der is ek in Sintrum Byldzjende Keunst yn Arnhim.

ArtEZ
Hegeskoalle fan Arnhim en Nimwegen

De Hegeskoalle fan Arnhim en Nymwegen fersoarget hbûu-opliedings. Ynternasjonaal stiet de skoalle bekend as HAN University of Applied Sciences. ArtEZ hat ek in fêstiging yn Arnhim, dêr't de oare fêstigings fan yn Ynskedee en Swol binne. ArtEZ is in hegeskoalle foar keunsten dêr't in oplieding yn muzyk, teäter/dûnsjen, boukeunst en byldzjende keunst oan folge wurde kin. ArtEZ hat trije lokaasjes yn Arnhim. ArtEZ hegeskoalle foar de keunsten en it ArtEZ-konservatoarium binne tichteby it sintraal stasjon. Hegeskoalle Van Hall Larenstein hat in fêstiging yn it njonkenlizzende Felp en is ien fan de trije hegeskoallen yn de regio Arnhim.

Dêrnjonken binne der yn Arnhim in tal middelbere skoallen, lykas it Lorentz Lyceum, it Olympus College en it Stedsk Gymnasium Arnhim. Yn de wyk Presikhaaf binne mbû-ynstellings ROC Rijn IJssel en ROC A12 fêstige. Ek hûsmannet Arnhim in ynternasjonale skoalle foar primêr en sekundêr ûnderrjocht yn de wyk Schuytgraaf.

Sportsintrum Papendal
In wedstriid fan Vitesse yn it GelreDome

It Sportsintrum Papendal is it nasjonale sportûntjouwingsintrum fan Nederlân dy't yn Arnhim fêstige is. It earste evenemint dy't yn Papendal holden waard wiene de Paralympyske Simmerspullen fan 1980. Papendal is ek it trainingsplak foar fuotbalklup SBV Vitesse en de jongereinklups. Der is ek in konferinsjeseal en in hotel by it kompleks. De thúsbasis fan SBV Vitesse is de ferneamde GelreDome mei in kapasiteit fan goed 21.000 taskôgers. Ek waard it GelreDome brûkt foar interlandwedstriden fan it Nederlânsk Alvetal, it Jeropeesk kampioenskip fuotbal fan 2000, dêr't it hjoeddeistige stadion foar boud waard, en de EK fuotbal ûnder 21 yn 2007. It GelreDome wurdt ek wol foar konserten brûkt dy't dan 40.000 taskôgers hâlde kin. SVB Vitesse spilet yn de Earedifyzje.

Introdans is in dûnsakadeemje dy't yn Arnhim fêstige is. Yn 2016 die de Omgong fan Itaalje Arnhim oan.

De yn 1935 iepene Rynbrêge dy't yn 1978 omneamd waard ta John Frostbrêge.
A- en N-diken om Arnhim hinne
A12 De Haach-Dútske grins
A50 Eindhoven-Emmeloard
A325 nei Nimwegen
A348 nei Ommen
N224 nei Seist
N225 naar Driebergen
N310 nei Elburg
N325 nei Knooppunt Felperbroek
N784 oansluting N311

Arnhim is in drok mulpunt yn East-Nederlân op it mêd fan dyk-, spoar- en wetterferkear.

Arnhim hat fjouwer brêgen oer de Ryn hinne: de John Frostbrêge, de Nelson Mandelabrêge, de Andrej Sacharovbrêge en de spoarbrêge Oosterbeek. Der binne twa brêgen oer de isel] hinne: de Westervoortske brêge, dy't fan yndustryterrein Kleefse Waard nei westervoort rint en in brêge dêr't de A12 fan knooppunt Felserbroek rjochting Oberhausen rint. Oan de Arnhimske kant fan de Westervoortske brêge is it yn 1865 boude Fort Westervoort.

Der rinne ferskate provinsjale en rykswegen troch en bylâns Arnhim en om de binnenstêd is in Sintrumring dy mei 3,3 km lingte de koartste (sintrum)ringdiken is yn Nederlân. De sintrumring is in ienrjochtingsrûte tsjin de klok yn.

Spoarferkear en iepenbier ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stasjon Arnhim Sintraal
Trolleybus

Arnhim hat fjouwer spoarstasjons: Stasjon Arnhim Sintraal (sûnt 1845), Stasjon Arnhim Felperpoarte (sûnt 1953), Stasjon Arnhim Presikhaaf (sûnt 1969) en Stasjon Arnhim Súd (sûnt 2004). Sûnt 2014 is Arnhim oansletten op it nachtnet fan de NS. It Sintraal Stasjon is in wichtich mulpunt fan iepenbier ferfier yn East-Nederlân en it spoarferkear mei Dútslân. Boppedat is er ek in oerstapmulpunt foar it steds- en streekferfier yn Gelderlân.

It iepenbier ferfier yn Arnhim wurdt skaaimerke troch de pleatslike trolleybus, it iennige noch besteand etrolleybusnetwurk yn Nederlân. De stêd hie tusken 1880 en 1944 in tramnet, mar nei de Twadde Wrâlkriich kamen de trams net mear werom. Fan 1949 ôf gie Arnhim oer op de trolleybussen. De wichtichste stedsbuslinen meitsje hjoed-de-dei noch gebrûk fan de trolleybus, wylst oare stedslinen en regionaal busferfier troch CNG-bussen betsjinne wurde. It busstasjon leit op it Stasjonsplein by it Sintraal Stasjon yn it sintrum.

Ynfrastruktuer om Arnhim hinne mei de fjouwer brêgen oer de Nederryn:
1. Andrej Sacarovbrêge
2. John Frostbrêge
3. Nelson mandelabrêge
4. Spoarbrêge

Troch it ferlizzen fan de Nederryn troch hartoch Karel fan Gelre om 1500 hinne, krige de stêd in better hannelsferbining. De earste havenkraan waard yn 1449 oand e alde haven boud. Om't de Alde Haven justjes foar it ferlizzen fan de Nederryn oanlein waard, hoegde dy net ferlein te wurden. Yn 1603 waard de Nije haven oan de eastkant fan de stêd boud. Justjes súdeastlik fan de stêd spjalt de Isel fan de nederryn ôf en kringelet nei it noarden ta nei kampen dêr't er yn de iselmar útmûnet. De Nederryn streamt nei it westen rjochting Rotterdam. Oan de noard- en súdouwer binne ferskate rûnfeartboaten dy't út Arnhim wei de Isel en de Ryn befarre.

Justjes noardlik fan de stêd is Fleanbasis Deelen dy't krekt foar de Earste Wrâldkriich oanlein waard en yn de Twadde Wrâldkriich troch de Dútsers útwreide waard. Nei de kriich waard er in fleanbasis fan de Keninklike Loftmacht. Deelen wurdt sûnt 1995 allinnich noch mar brûkt by oefenings. In oar fleanfjild is it Nasjonaal Sweeffleansintrum Terlet.

Bekende Arnhimmers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hendrik Lorentz
  • Loesje begûn yn Arnhim
  • Hotel Bosch wie jierrenlang it âldste kreakpân fan Nederlân.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 150.
  2. G. van Berkel & K. Samplonius (2018)Nederlandse plaatsnamen verklaard
  3. www.volkstellingen.nl
  4. Arnhem in cijfers
  5. Arnhem in cijfers: de staat van de stad oproppen 18 maart 2023
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Arnhem fan Wikimedia Commons.
Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar
· · Berjocht bewurkje