Springe nei ynhâld

Bretonnen

Ut Wikipedy
Bretonnen

Ferneamde Bretonnen. Bopp. rige f.l.n.rj.: Auguste Brizeux, Nolwenn Leroy, Glenmor, Anna fan Bretanje, Ernest Renan; 2e rige: Jacques Cartier, Régis de l'Estourbeillon, Paul Le Guen, Armand de Kersaint, Guy Ropartz; 3e rige: Théodore Botrel, Frâns II fan Bretanje, Jules Verne, Alan Stivell, Charles Le Goffic; 4e rige: Yvan Le Bolloc'h, Anatole Le Braz, Jeanne Malivel, Émile Hamonic, Armand Tuffin de la Rouërie; 5e rige: Morvan Marchal, Nominoë, François-Marie Luzel, Cécile Corbel, François Jaffrennou; 6e rige: J.M. Huon de Kermadec, Abeozen, Salomon fan Bretanje, Jean-François Le Gonidec, T.C.H. Hersart de la Villemarqué.
flagge
populaasje
oantal 6.100.000 (2008)
taal Bretonsk en Gallo (ek Frânsk)
godstsjinst roomsk-katolisisme
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid gjin spesifike erkenning
fersprieding
Frankryk:   6.000.000
Bretanje (regio):   2.857.000
Loire-Atlantique:   1.165.000
Parys en omkriten:   1.500.000
Le Havre:        70.000
rest fan Frankryk:      408.000
Kanada:        14.300
oare lannen:        86.000

De Bretonnen (Bretonsk: Bretoned; Frânsk: Bretons) binne in folk dat lânseigen is op it skiereilân Bretanje, in lânfoarm dy't fan it fêstelân fan Noardwest-Jeropa yn westlike rjochting útstiket yn 'e Atlantyske Oseaan. De Bretonnen binne Kelten en stamje ôf fan lju dy't yn 'e fyfde en sechsde iuw it eilân Grut-Brittanje ûntflechten foar de Angelsaksyske ynvaazje om har oare kant It Kanaal nei wenjen setten yn wat doe noch Armoarika hiet. Yn 'e Midsiuwen foarme Bretanje in ûnôfhinklike steat, earst it Keninkryk Bretanje en letter it Hartochdom Bretanje, dat yn 1532 anneksearre waard troch it Keninkryk Frankryk. Sûnt foarmje de Bretonnen as etnyske groep in minderheid yn Frankryk. Se sprekke fan âlds twa rivalisearjende talen: it Keltyske Bretonsk en it Romaanske Gallo. Geandewei de njoggentjinde en de tweintichste iuw hat lykwols it meastepart fan 'e Bretonnen it Frânsk as memmetaal krigen. Bretonnen binne yn grutte mearderheid kristenen, wêrby't oant de 1970-er jierren fral de Roomsk-Katolike Tsjerke tige ynfloedryk wie.

It etnonym 'Bretonnen' is ôflaat fan it toponym 'Bretanje'. Dat komt fan it Frânske Bretagne, dat weromgiet op it Latynske Britannia, it "Lân fan 'e Brittanjers". Dy oantsjutting wie yn 'e Romeinske Tiid inkeld yn gebrûk foar it eilân Grut-Brittanje, wêrfan't it grutste diel doedestiden de Romeinske provinsje Brittanje (Britannia) foarme. Uteinlik giet it Latynske Britannia werom op in Gryksk wurd, Πρεττανικη, Prettanike, of Βρεττανίαι, Brettaniai. Dy oantsjuttings waarden brûkt troch Pyteäs, in ûntdekkingsreizger út 'e Grykske koloanje Massalia, dy't om 320 f.Kr. hinne de kustlinen fan 'e Britske Eilannen ferkende. Hy naam it wurd oer fan in tige gongber endonym út 'e talen fan 'e Brytoanyske Kelten, dat rekonstruëarre is as *Pritanī.

De lizzing fan Bretanje yn West-Jeropa.

It heitelân fan 'e Bretonnen is it skiereilân Bretanje, dat fan it fêstelân fan Noardwest-Jeropa ôf nei it westen ta útstiket, de Atlantyske Oseaan yn. It wurdt yn it noarden ôffrede troch It Kanaal, yn it westen troch de Keltyske See en yn it suden troch de Golf fan Biskaje. Yn it easten sit it fêst oan 'e rest fan Frankryk, wêrby't it (fan noard nei súd) grinzget oan histoaryske kriten Normanje, Maine, Anzjû en Vendée. Geografysk kin Bretanje opdield wurde yn Opper-Bretanje, dat rûchwei de eastlike helte foarmet, en Neder-Bretanje, de westlike helte. Bestjoerlik is it skiereilân sûnt 1790 opdield yn fiif Frânske departeminten: Côtes-d'Armor, Finistère, Ille-et-Vilaine, Morbihan en Loire-Atlantique. De earste fjouwer dêrfan binne sûnt 1957 feriene yn 'e bestjoerlike regio Bretanje (net te betiizjen mei it hiele skiereilân). Loire-Atlantique, dat de histoaryske haadstêd Nantes (Bretonsk: Naoned; Gallo: Nauntt) omfettet, bleau dêr lykwols bûten en waard ynstee yndield by de regio Lân fan 'e Loire.

Yn 'e Aldheid stie it skiereilân Bretanje by de Romeinen bekend as "Armoarika". Tsjin 'e ein fan 'e fjirde iuw, doe't de stadige fal fan it Romeinske Ryk geande wie, kamen de earste lju út 'e Romeinske provinsje Brittanje oer om har yn Armoarika nei wenjen te setten. De kolonisten wiene benammen ôfkomstich út Cornwall, Devon en Wales, dielen fan it eilân Grut-Brittanje dêr't it Latyn de lânseigen Brytoanyske talen noch net ferkrongen hie. De lânferhuzers brochten sadwaande harren eigen taal mei, dy't yn Bretanje woartelskeat en him ûntwikkele ta it Bretonsk.

De gebieten bewenne troch de Brytoanyske Kelten yn 'e 6e iuw. De see wie foar harren net in barriêre, mar eat dat it mooglik makke om kontakten te ûnderhâlden.

De skiednis efter de lânferhuzing fan 'e Brittanjers nei Armoarika is ûndúdlik, hoewol't it barren wol yn it ramt fan it Grutte Folkeferfarren pleatst wurde kin. Midsiuwske Bretonske, Anzjevynske en Welske boarnen lizze lykwols in bân tusken de lânferhuzing fan 'e Brittanjers en it mooglik mytyske figuer fan Conan Meriadoc. Dat wie neffens Welske boarnen in prins dy't mei in leger út Grut-Brittanje oerkaam op befel fan 'e Romeinske usurpator Magnus Maksimus. Dyselde stjoerde nammentlik in diel fan syn Brittanyske troepen nei Galje om syn oanspraken op 'e troan fan it Romeinske Ryk krêft by te setten, en joech syn ûnderhearrigen yn Armoarika lân om har op te fêstigjen. Dat ferhaal waard befêstige troch de greven fan Anzjû, dy't harren ôfstamming weromfolgen nei in Romeinsk ofsier fan keizer Gratianus (de fijân fan Magnus Maksimus), dy't troch Conan op befel fan Magnus Maksimus út Armoarika ferballe waard.

It is ûndúdlik hoefolle fan dat ferhaal op wierheid berêst, mar yn elts gefal fûn it grutste part fan 'e lânferhuzing fan Brittanjers nei Bretanje nei alle gedachten plak yn 'e fyfde en sechsde iuw, as direkt gefolch fan 'e Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje. Histoarisy lykas Léon Fleuriot hawwe suggerearre dat de lânferhuzing yn twa weagen plakfûn: earst in lytse weach fan soldaten en harren húshâldings ûnder Conan Meriadoc yn 'e fjirde iuw, en letter in gruttere weach fan flechtlingen as gefolch fan 'e Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje. Yn elts gefal wie it dizze folksferhuzing dy't late ta de (wer)fêstiging fan in Keltyske taal op it skiereilân en ta it ûntstean fan in ûnôfhinklik Bretanje.

In nasjonalistyske print fan Nominoë, de grûnlizzer fan it Keninkryk Bretanje, út 1922.

Keninkryk Bretanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Keninkryk Bretanje.

De Brittannyske ymmigranten fêstigen ferskate lytse keninkrykjes yn Bretanje, dêr't troch houlikspolityk en ferovering úteinlik trije steaten fan oerbleaune: Domnonée (ferneamd nei Devon), Cornouaille (ferneamd nei Cornwall) en Broërec. Tusken 845 en 851 feriene Nominoë, dy't yn it hjoeddeistige Bretanje as "heit fan it heitelân" sjoen wurdt, de trije keninkrykjes ta ien lân dat yn 't earstoan in Frankysk fazalsteatsje wie. Om dyselde snuorje hinne waard ek de kerstening fan Bretanje foltôge. Erispoë, de soan en opfolger fan Nominoe, fersloech de Westfrankyske kening Karel de Keale yn 851 yn 'e Slach by Jengland en bewissige sa de ûnôfhinklikheid fan wat doe it Keninkryk Bretanje waard, mei himsels as earste kening. Yn 867 wûnen de Bretonnen in nije oarloch fan 'e Franken en berikte harren keninkryk syn maksimale omfang, wêrby't de Kanaaleilannen en dielen fan Normanje, Maine en Anzjû der yn opnommen waarden.

Oan it begjin fan 'e tsiende iuw kaam it Keninkryk Bretanje bleat te stean oan fûleindige ynfallen fan 'e Wytsingen, dy't laten ta ferswakking. Yn 914 waard de stêd Nantes ferovere troch de Wytsingen en yn 919 waard hiel Bretanje troch harren beset. Pas yn 937 koe Nantes troch Alan II fan Bretanje befrijd wurde. Dyselde krige dêrfoar stipe fan syn peetbroer, kening Æthelstan fan Ingelân, en ek fan Æthelstan syn omkesizzer, kening Loadewyk IV fan Frankryk. Ut tank foar dy bystân brocht Alan yn 939 hulde oan Loadewyk, wat Bretanje yn namme ta in Frânsk lien makke en yn status omleechbrocht fan in keninkryk ta in hartochdom.

Hartochdom Bretanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Hartochdom Bretanje.

De ûnôfhinklikheid en soevereiniteit fan it Hartochdom Bretanje, dat as ûnôfhinklik lân yn West-Jeropa bestie fan 939 oant 1532, waarden fan it begjin ôf oan ûndermine trochdat de Bretonske eallju inoar yn 'e regel as wichtichste rivalen seagen, en der net foar tebekskrillen om bûnsgenoatskippen oan te gean mei útlânske machten om inoar yn 't fet te draaien. Dêrby kaam noch dat de keningen fan Frankryk it hartochdom beskôgen as behearrend ta harren ynfloedssfear; hja stjoerden dêrom gesanten dy't har allegeduerigen mei de ynterne polityk fan it hartochdom bemuoiden. Ek de kulturele ynfloed fan Frankryk wie tige sterk. Sa ferfong it Hartochdom Bretanje al yn 'e trettjinde iuw it Latyn as offisjele taal troch it Frânsk. Underwilens besochten de hartoggen fan Bretanje om tusken de klippen troch te lavearjen en sa harren ûnôfhinklikens te behâlden. Dêrfoar besochten se harren folle machtiger buorlju, it Keninkryk Ingelân en it Keninkryk Frankryk, tsjinoar út te spyljen.

It Kastiel fan 'e Hartoggen fan Bretanje yn Nantes.

Yn 'e fjirtjinde iuw rekke Bretanje dêrtroch betize yn 'e Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk. De Bretonske Súksesjeoarloch, wêryn't twa Bretonske faksjes mei stipe fan Ingelân, resp. Frankryk besochten de hartochstroan te bemachtigjen, wie in regionaal sydtoaniel fan dat grutte konflikt. Nei't de striid yn 1364 yn it foardiel fan 'e Ingelske partij, it Hûs Montfort, besljochte wie, folge in perioade fan wiere ûnôfhinklikens fan Bretanje om't Frankryk doe sa ferwakke wie dat it net iens mear besocht om 'e gong fan saken yn it hartochdom nei syn hân te setten. Troch Ingelske diplomatike flaters ferfrjemden se de Bretonnen lykwols fan har, mei as gefolch dat Arthur, greve fan Richemont (de lettere hartoch Arthur III fan Bretanje) en syn omkesizzer Peter II fan Bretanje oan 'e Frânske kant wichtige rollen spilen yn 'e lêste stadia fan 'e Hûndertjierrige Oarloch.

Anna fan Bretanje wurdt yn Bretanje ek hjoed de dei noch sjoen as in stânhêfte ferdigenster fan 'e Bretonske ûnôfhinklikens tsjin Frankryk.

Neitiid boaze de druk fan Frankryk lykwols al rillegau wer oan. De lêste regearjende hartoch fan Bretanje, Frâns II, dy't yn 1458 oan 'e macht kaam, hie allinne mar in dochter, Anna fan Bretanje, yn in tiid dat froulju net yn tel wiene en inkeld by hege útsûndering op 'e troan kamen. Dat bea Frankryk in kâns om in ein oan 'e selsstannigens fan Bretanje te meitsjen en it lân te anneksearjen. Om 'e Frânske ynfloed tebek te kringen, gie Frâns II yn 1488 in bûnsgenoatskip oan mei de fijannen fan Frankryk: keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk, kening Ferdinand II fan Aragon en kening Hindrik VII fan Ingelân. It Bretonske leger waard lykwols yn dit konflikt mei Frankryk, dat neitiid de Dwaze Oarloch neamd is, yn 'e Slach by Saint-Aubin-du-Cornier ferpletterjend ferslein troch kening Loadewyk XI fan Frankryk. Dat wie foar in grut part te witen oan 'e korrupsje fan it hof fan Frâns II en oan ynterne skelen mank de Bretonske adel, fan wa't in diel oan 'e Frânske kant tsjin 'e eigen hartoch meifocht.

De gefolgen fan 'e nederlaach wiene foar Bretanje rampsillich; ynstee dat de Frânske ynfloed weromkrongen waard, boaze dy allinnich mar fierder oan. By fan it Ferdrach fan Verger, dat Frâns II twongen wie te ûndertekenjen, moast hy himsels ûnderwerpe as in fazal fan Karel VIII fan Frankryk. Boppedat wie fan dat stuit ôf foar in houlik fan syn dochter Anna de goedkarring fan 'e Frânske Kroan nedich. Doe't dyselde yn 1490 dochs úthylke waard oan Maksimiliaan I, late dat ta in nije oarloch mei Frankryk. Karel VIII belegere Rennes en liet it houlik annulearje, om't it nea konsummearre wie. Ynstee naam Karel VIII doe sels Anna ta frou. Doe't er yn 1498 kaam te ferstjerren sûnder libbene bern produsearre te hawwen, moast Anna trouwe mei syn neef en opfolger Loadewyk XII. Anna fan Bretanje besocht om 'e nocht de ûnôfhinklikens fan Bretanje te frijwarjen, en kaam yn 1514 te ferstjerren. Hja waard opfolge troch har dochter, Klaudia fan Frankryk, dy't lykwols inkeld yn namme regearre, mei't de wiere hearskippij by de keningen fan Frankryk bleau. Nei't sy yn 1524 ferstoarn wie, waard it Hartochdom Bretanje yn 1532 troch Frâns I fan Frankryk formeel troch Frankryk anekksearre.

Flessen mei chouchenn, in Bretonske drank, in soarte fan mea.

Provinsje Bretanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e perioade fan 'e fyftjinde oant en mei de achttjinde iuw makke Bretanje op ekonomysk mêd in gouden tiidrek troch. It skiereilân lei oan 'e hannelsrûten fan en nei Londen, Spanje en de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen en it ûnderfûn in ûnbidige protte foardiel fan 'e skepping fan it Frânske koloniale ryk. Havenstêden as Brest en Saint-Brieuc kamen yn dy tiid op, en Lorient, dat oarspronklik stavere waard as L'Orient ("de Oriïnt"), in ferwizing nei de hannel dêr't it foar bedoeld wie, waard stifte yn 'e santjinde iuw. Saint-Malo stie yn dy tiid bekend as in skûlplak foar kapers en seerôvers, wylst Brest him ûntjoech ta in marinehaven en Nantes ryk waard fan 'e Atlantyske slavehannel. It Bretonske binnenlân stie bekend om 'e produksje fan himpen tou, kanvas en linnense lekkens.

It colbertisme, in Frânske politike filosofy dy't de skepping fan in lânseigen Frânske yndustry oanfiterje woe (neamd nei de minister fan Finânsjes fan kening Loadewyk XIV, Jean-Baptiste Colbert), hie Bretanje net folle oan. Fierwei de measte keninklike fabriken waarden yn oare provinsjes fêstige. Ferskate oarloggen tusken Frankryk en Ingelân laten boppedat ta de beheining fan 'e hannel op Ingelân, mei as direkt gefolch dat de ekonomy fan Bretanje yn 'e rin fan 'e achttjinde iuw yn in resesje belâne. Oanhâldend besykjen fan it Frânske regear yn Parys om it bestjoer fan it lân te sintralisearjen, wat it bytsje selsbestjoer oantaaste dat Bretanje noch oerhie, laten dêre ta de Opstân fan it Stimpelpapier yn 1675 en de Gearspanning fan Pontcallec yn 1719. Yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw stieken in protte Bretonnen de Atlantyske Oseaan oer om harren yn Noard-Amearika nei wenjen te setten, dêr't se de Amerikaanske saak stipen yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch.

De Kanadeeske sjongster Céline Dion is fan Bretonsk komôf.

Bretanje sûnt de Frânske Revolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de Frânske Revolúsje waard yn 1789 in ein makke oan it Ancien Régime, en tagelyk waard doe de hiele bestjoerlike yndieling fan it âlde Keninkryk Frankryk oan kant reage. Dêrmei kaam ek in ein oan it bestean fan Bretanje as bestjoerlike ienheid. It skiereilân waard mei yngong fan 1790 ynstee opdield yn fiif departeminten: Côtes-du-Nord (letter Côtes-d'Armor), Finistère, Ille-et-Vilaine, Loire-Inférieure (letter Loire-Atlantique) en Morbihan. Yn 1792 wie Bretanje it sintrum fan it royalistyske en roomske ferset tsjin 'e Revolúsje ûnder in yn bloed smoarde opstân dy't bekend kaam te stean as de Chouannerie. Yn 'e Napoleontyske Oarloggen waard der yn Bretanje net fochten, mar wol waarden tsientûzenen jonge manlju oproppen om yn it Frânske leger te tsjinjen, fan wa't in grut tal net of ynfalide nei hûs weromkearde.

Yn 'e njoggentjinde iuw holden de minne ekonomyske omstannichheden yn Bretanje oan. Yn dy tiid ferfearen in protte Bretonnen om itende te bliuwen nei oare dielen fan Frankryk, yn 't bysûnder nei Parys. Ek oan it begjin fan 'e tweintichste iuw sette dy ûntjouwing him noch fuort. Nettsjinsteande dat wie de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw in tiid fan modernisearring, wêrby't ferhurde wegen en spoarlinen oanlein waarden en stedske gebieten in flugge yndustrialisaasje trochmakken. Bretanje bleau maatskiplik sjoen lykwols in tige roomsk en konservatyf gebiet.

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw fûn der in oplibbing fan 'e Bretonske kultuer, plak, dy't ferbân hold mei de algemiene Keltyske Oplibbing. Dêrút kaam de oprjochting fuort fan 'e Bretonske Regionalistyske Uny (URB) en letter ek fan sesesjonistyske en pankeltisistyske ûnôfhinklikheidsbewegings dy't bannen ûnderholden mei soartgelikense organisaasjes yn Ierlân, Skotlân en Wales. De oanhing fan sokke bewegings bleau lykwols altyd hiel beheind en harren ideeën berikten pas yn 'e tweintichste iuw in breder publyk. De Seiz Breur-beweging, dy't yn 1923 ûntstie, late ta in oplibbing fan 'e Bretonske keunst en literatuer, mar de bannen fan 'e beweging mei it nazisme en de kollaboraasje mei de Dútsers ûnder de Twadde Wrâldoarloch brocht it Bretonske nasjonalisme úteinlik in slimmen slach ta.

De Sileenske diktator Augusto Pinochet wie fan Bretonsk komôf.

Yn 'e Earste Wrâldoarloch sneuvelen der 240.000 Bretonnen op it slachfjild, benammen yn 'e rinfuorgen fan it Westfront, mar berikte de striid Bretanje sels net. De Twadde Wrâldoarloch wie foar Bretanje lykwols rampsillich. It skiereilân waard yn 1940 beset troch nazy-Dútslân, dat Lorient en Saint-Nazaire brûkte as marinehavens foar de U-bootoarloch yn 'e Atlantyske Oseaan. It grutste part fan Bretanje waard nei de lânings fan 'e Alliëarden yn Normanje, op D-Day, yn augustus 1944 befrijd, mar yn Saint-Nazaire en Lorient joegen de Dútsers harren pas oer op 10, resp. 11 maaie 1945, nei't de beide stêden folslein ferwoastge wiene troch Alliëarde bombardeminten. Ek Brest en Saint-Malo wiene yn 'e striid fierhinne mei de grûn lyk makke, wylst Nantes en Rennes slimme skea oprûn hiene.

Yn 1956 waard Bretanje op 'e nij oprjochte as bestjoerlike ienheid, yn 'e foarm fan 'e regio Bretanje. Dêr waard it departemint Loire-Atlantique, mei de âlde haadstêd Nantes, lykwols bûten holden. Dat late doe daliks al ta fûleindige krityk, en dy hat oanholden oant de tsjintwurdige tiid. Nettsjinsteande it feit dat de Frânske oerheid sûnt 1789 alle war dien hie om 'e Bretonske taal en kultuer út te rûgjen, hie Bretanje syn eigen identiteit witten te hanthavenjen, al hoe skeind dy tsjin dy tiid ek wie. In nije kulturele oplibbing begûn yn 'e 1960-er jierren en ûntjoech him fierder yn 'e 1970-er jierren. Twatalige Bretonsk-Frânske skoallen waarden oprjochte, sjongers begûnen lieten yn it Bretonsk en it Gallo te sjongen en in nije generaasje Bretonsktalige skriuwers kundige him oan.

Op basis fan sifers út 2008 soene der wrâldwiid nei skatting teminsten sa'n 6,1 miljoen Bretonnen wêze, fan wa't sa'n 6 miljoen yn Frankryk wenje. De Bretonnen meitsje de grutte mearderheid fan 'e befolking út op it skiereilân Bretanje. Neffens in opinypeiling út 2008 identifisearre doe 89,4% fan 'e ynwenners fan 'e regio Bretanje him as Bretonsk (50% fielde him likefolle Bretonsk as Frânsk; 22,5% fielde him mear Bretonsk as Frânsk; 15,4% fielde him mear Frânsk as Bretonsk; en 1,5% fielde him Bretonsk en hielendal net Frânsk). Dat betsjut dat der yn 'e regio Bretanje 2.857.000 Bretonnen wenje. As men itselde persintaazje (89,4%) oanhâldt foar it departemint Loire-Atlantique, moatte dêr 1.165.000 Bretonnen wenje. Nochris 1,5 miljoen etnyske Bretonnen libje yn 'e stêdekloft fan Parys yn Île-de-France, en de havenstêd Le Havre, oan 'e mûning fan 'e Seine, hat in Bretonske mienskip fan 70.000 minsken. In oantal fan 408.000 Bretonnen yn oare dielen fan Frankryk, dat it oantal op in rûne 6 miljoen bringe soe, liket net ûnoannimlik.

De Amerikaanske akteur Sylvester Stallone is fan Bretonsk komôf.

Oer de oantallen etnyske Bretonnen om utens is minder bekend. Yn 2011 wennen der 14.300 etnyske Bretonnen yn Kanada, dy't dêr benammen konsintrearre wiene yn 'e provinsje Kebek. Bekende Kanadezen fan Bretonsk komôf binne sjongster Céline Dion en akteur Jim Carrey. Neffens de Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe yn dat lân mar 338 Bretonnen, wat in te leech oantal liket, yn acht nommen dat der yn 'e 1950-er en 1960-er jierren mear as 10.000 Bretonnen nei de Feriene Steaten emigrearre binne. Bekende Amerikanen fan Bretonsk komôf binne skriuwer Jack Kerouac en akteur Sylvester Stallone. Fan oare lannen binne hielendal gjin gegevens bekend, mar it is bekend dat der ek emigraasje út Bretanje west hat nei Latynsk-Amearika, û.m. nei Sily en de Dominikaanske Republyk. De Sileenske diktator Augusto Pinochet wie bygelyks fan Bretonsk komôf. Ek nei Martinyk, Gûadelûp en Dominika, yn it Karibysk Gebiet, hat der yn it ferline frijwat emigraasje fan Bretonnen west. In oanname fan noch 86.000 Bretonnen om utens (behalven yn Latynsk-Amearika en de Feriene Steaten ek yn Austraalje en de lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny) soe it totaal op 6,1 miljoen bringe.

Politike status

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frankryk erkent gjin etnyske minderheden en likemin skinkt it erkenning oan minderheidstalen. It is ien fan 'e mar in pear lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny dy't wegere hawwe it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden fan 'e Ried fan Jeropa te ratifisearjen. De Bretonnen binne sadwaande ien fan 'e grutste etnyske minderheden yn West-Jeropa sûnder lykfol hokker foarm fan erkenning.

Dat gie sels safier dat de boargerlike stân yn Frankryk wegere poppen yn it befolkingsregister yn te skriuwen dy't in Bretonsktalige foarnamme hiene. De offisjele riddenearring wie dat Frânske bern Frânske foarnammen hawwe moasten en dat Bretonske foarnammen "bûtenlânsk" wiene. Aldelju dy't net omlyk woene, waarden arrestearre foar it net registrearje litten fan harren bern en moasten finzenisstraffen útsitte. Bern dy't net ynskreaun wiene yn it befolkingsregister, mochten net studearje, kamen net yn oanmerking foar subsydzjes en útkearings en mochten net nei it bûtenlân reizgje om't se gjin paspoart krije koene. Guon Bretonnen fochten dy praktyk oan by de rjochter, ûnder wa Jean-Jacques en Mireille Manrot-Le Goarnig yn 1963. Dit wie sa'n grut en oerdúdlik ûnrjocht dat oare lannen har mei it ynterne Frânske belied begûnen te bemuoien. Under druk fan û.m. Belgje, Nederlân, Dútslân, Sweden en Kanada waard yn 1966 de Frânske wet oangeande foarnammen feroare, sadat Bretonnen en leden fan oare etnyske minderheden harren bern tenei nammen yn 'e eigen taal jaan koene.

Neder-Bretanje (mei de Bretonske dialekten yn kleur) en Opper-Bretanje (yn griistinten). De kaart lit it opskowen fan 'e taalgrins fan it Bretonsktalige mei it Gallo-talige diel fan Bretanje sjen sûnt it jier 900.

De talen fan 'e Bretonnen binne it Bretonsk yn it westen en it Gallo yn it easten. De beide taalgebieten wurde faninoar skaat troch in taalgrins dy't sûnt de Midsiuwen almar fierder nei it westen ta opskood is, yn it neidiel fan it Bretonsk. Op 't heden rint dy taalgrins fan Plouha oan kust fan It Kanaal mei in flauwe S-bocht fan noard nei súd dwers troch Bretanje nei it Rhuys-skiereilân oan 'e kust fan 'e Golf fan Biskaje. It Bretonsktalige diel fan Bretanje, oftewol de útein fan it skiereilân, wurdt Neder-Bretanje neamd, wylst it Gallotalige diel Opper-Bretanje hjit. De beide talen ferhâlde har ta-inoar lykas it Frysk en it Stedsk of lykas it Skotsk-Gaelysk en it Skotsk.

Oant it begjin fan 'e njoggentjinde iuw koene de beide talen har goed hanthavenje yn Bretanje, hoewol't it Latyn en letter it Frânsk dêr as skriuwtaal en as sprektaal fan 'e hegerein brûkt waard. Nei de Frânske Revolúsje fan 1789 begûn de nije Frânske oerheid it bestean fan minderheidstalen lykwols te sjen as ien fan 'e oarsaken foar de oanhâldende ûngelikensens tusken de ûnderskate maatskiplike klassen yn it lân. Dat late ta in oerheidsbelied dat derop rjochte wie om alle minderheidstalen út te rûgjen, sadat de sprekkers fan dy talen 'befrijd' wurde soen fan har oanberne foarm fan ûngelikensens. Mei oare wurden: foar etnyske minderheden en minderheidstalen wie tenei yn Frankryk gjin romte mear.

De ferdieling fan 'e Bretonsksprekkers nei persintaazje oer de histoaryske dielen fan Bretanje.

Nei ôfrin fan 'e Napoleontyske Oarloggen waarden de Bretonnen yn 'e njoggentjinde iuw sadwaande fia it ûnderwiis ûnderwurpen oan in aktive útrûgingskampanje fan harren talen. Skoalbern waarden troch de ûnderwizers swier bestraft en fernedere as se op skoalle har memmetaal sprieken. Berucht binne de buordsjes wurden dy't yn 'e skoallen ophongen waarden, mei de tekst "Il est interdit de parler breton et de cracher par terre." ("It is ferbean om Bretonsk te sprekken en op 'e flier te spuien.") Soks waard troch de Frânske steat as frijwol itselde beskôge. Hoewol't it útrûgjen fan 'e minderheidstalen net slagge, krigen sawol it Bretonsk as it Gallo al in slimme knoei fan dit belied, dat oant yn 'e 1960-er jierren folholden waard. De talen ferlearen nammentlik sa bot oan prestiizje, dat âldelju harren memmetaal net mear oerdroegen oan 'e bern.

Yn 'e 1970-er jierren ûntstie foar it Bretonsk, yn reäksje op 'e minne behanneling fan 'e taal troch de oerheid, in taaloplibbing wêrby't pleatslike autoriteiten it brûken fan it Bretonsk begûnen oan te fiterjen en twatalige skoallen iepene waarden. Foar it Gallo gou dat lykwols net. Dy taal hie de bykommende problemen dat it folle mear allinne in sprektaal wie as it Bretonsk, en ek dat it te lijen hie ûnder de taaloplibbing fan it Bretonsk, mei't dat dêrtroch terrein wint yn gebieten dêr't foarhinne Gallo sprutsen waard. Tsjintwurdich wurdt der rûsd dat it Bretonsk noch 226.000 sprekkers hat (oftewol 3,8% fan alle etnyske Bretonnen yn Frankryk), wêrfan 210.000 yn 'e regio Bretanje en it departemint Loire-Atlantique, en dêropta nochris 16.000 yn 'e stêdekloft fan Parys. Foar it Gallo wurdt it sprekkerstal rûsd op 28.000 sprekkers (0,5% fan 'e Bretonnen yn Frankryk). Dat betsjut dat foar 95,7% fan 'e Bretonnen tsjintwurdich it Frânsk de memmetaal is.

Byldhouwurken fan 'e krusiging fan Jezus binne yn in protte Bretonske doarpen te finen.

Noch it Bretonsk, noch it Gallo genietet yn Frankryk op nasjonaal nivo lykfol hokker foarm fan erkenning, lit stean in offisjele status, hoewol't beide talen yn 2004 yn in fierhinne symboalyske set troch de folksfertsjintwurdiging fan 'e regio Bretanje erkend binne as langues de Bretagne ("talen fan Bretanje").

Fan âlds wie Bretanje ien fan 'e meast religieuze dielen fan Frankryk, mei eins mar ien foarm fan religy: it roomsk-katolisisme. De kerstening fan 'e Bretonnen begûn oan 'e ein fan 'e Romeinske Tiid en waard yn 'e achtste iuw foltôge troch sindelingen fan 'e Britske Eilannen, ûnder wa Gildas. De urbanisaasje fan Bretanje, dy't nei de Twadde Wrâldoarloch úteinsette, joech de oantrún ta in oangeand sekularisaasjeproses, dat sûnt de 1960-er jierren yn opienfolgjende opinypeilings ûnder de Bretonske befolking dúdlik sichtber waard. Fan 'e fiif departeminten dêr't it histoaryske Bretanje yn ferdield is, hearden Loire-Atlantique en Côtes-d'Armor mei mar sa'n 50% roomsen yn 2006 al ta de minst roomske fan Frankryk. Inkeld Morbihan siet doe mei 70% noch boppe it Frânske lanlike gemiddelde, wylst Ille-et-Vilaine en Finistère mei 65% likernôch om dat gemiddelde hinne sieten. De rest fan 'e befolking bestiet yn alle fiif departeminten yn grutte mearderheid út agnosten en ateïsten.

In reliëf fan 'e Ankoù yn Ploudiry.

Ien fan 'e bekendste wêzens út 'e Bretonske folkloare is de Ankoù, in tsjinner fan 'e Dea dy't gauris misbegrepen wurdt as de personifikaasje fan 'e Dea sels. Ofbyldings fan 'e Ankoù binne yn Bretanje oeral te finen. Hy wurdt soms foarsteld as in skrinkelman bewuoalle yn in lykklaad mei in Bretonske mûtse op, en soms as in echte, ferstoarne minske, te witten: de lêste deade fan it jier, dy't tawijd is oan it lieden fan 'e oare ferstoarnen nei de Dea ta. De Ankoù, dy't ek wol omskreaun wurdt as de 'risper fan 'e Dea', doarmet by nacht om mei in opholden seine, dy't er foar him út smyt om syn "rispinge" te folbringen (d.w.s. om lju dy't er tsjinkomt, dea te meitsjen). Soms is er geandefoets, mar ornaris reizget er yn in wein, de karrig an Ankoù, dy't lutsen wurdt troch twa oksen en in meager hynder. Twa legere tsjinners, dy't krekt sa klaaid binne as de Ankoù, lade de "rispinge" yn 'e wein. Foarhinne leaude men yn Bretanje dat as jin it kreakjen fan 'e karrig an Ankoù hearre koene, dat in foartsjirmerij wie dy't betsjutte dat jins ferstjerren nei-oan wie.

Oare kultuerdragers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De wapenbanier fan it Hartochdom Bretanje, mei in fjild fan harmeling.
De Kroaz Du, it "Swarte Krús".
De Gwenn ha Du, de flagge fan Bretagne.

Wapen en flagge

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bekendste symboal fan 'e Bretonske identiteit is de flagge fan Bretanje. De earste Bretonske flagge wie in wapenbanier, basearre op it wapen fan Bretanje. Dat is apart om't it neffens de wetten fan 'e heraldyk mar ien kleur (tinktuer) hat, hoewol't de measte minsken dy't ûnbekend binne mei de heraldyk dat net sa sjen sille. It is nammentlik in fjild fan harmeling: wyt mei in weromkearend swart patroantsje, dat de pels fan in harmeling foarsteld (dy't winterdeis wyt is mei in swart puntsje oan 'e sturt). De heraldyk omfettet ferskaten fan sokke pelswurken, dy't neffens de heraldyske regels as ien kleur opfet wurde. It by it wapen hearrende biedwurd fan Bretanje is "Potius Mori quam Fœdari" ("Leaver Dea as Earferlies").

Doe't men op in stuit de flagge mei in fjild fan harmeling as te aristokratysk begûn te sjen, waard de Kroaz Du, it "Swarte Krús", ynfierd as alternative, mear religieus tinte flagge fan Bretanje. Dat wie in wyt fjild mei in swart krús, feitliks in folslein negatyf byld fan 'e flagge fan Cornwall (dy't bestiet út in swart fjild mei in wyt krús). Yn 'e Kroaz Du waarden de kleuren fan 'e harmelingbanier kombinearre mei it krús fan it kristendom.

Yn 1923 waard lykwols in nije flagge ûntwurpen, de Gwenn ha Du (it "Wyt en Swart"), dy't basearre wie op 'e Amerikaanske flagge. Dat is in flagge dy't bestiet út in kanton (lofterboppehoeke) fan harmeling, oanfolle mei njoggen horizontale swarte en wite streken oer de rest fan 'e flagge. De fiif swarte streken steane foar de oarspronklike Bretonsktalige bisdommen en fiskaal-militêre distrikten, en de fjouwer wite streken symbolisearje de oarspronklike Gallotalige bisdommen en fiskaal-militêre distrikten. Sûnt de 1920-er jierren is de Gwenn ha Du tige populêr wurden en tsjintwurdich sjocht men de flagge oeral yn Bretanje, en by grutte sporteveneminten, lykas de Tour de France, ek yn oare dielen fan Frankryk.

It Bretonske folksliet (dat gjin offisjele status hat) is Bro Gozh ma Zadoù ("Ald Lân fan Us Foarâlden"), dat oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw skreaun waard. Yn 'e meldij en it ûnderwerp is in dúdlike ynfloed te bespeuren fan sawol it Welske folksliet Hen Wlad fy Nhadau as it Kornyske folksliet Bro Goth agan Tasow.

In Bretonske doedelsekspiler.

Bretonske folksmuzyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane twa foarmen fan Bretonske folksmuzyk: koaren dy't a kappella sjonge, in tradysje dy't kan ha diskan neamd wurdt, en in folslein ynstrumintale foarm fan muzyk (dus sûnder sang). Tradisjonele Bretonske muzykynstruminten binne de bombard, in blaasynstrumint dat wol wat wei hat fan in hobo, en twa soarten doedelsekken: de veuze en de binioù kozh. Oare, net spesjaal Bretonske ynstruminten dy't faak brûkt wurde foar it meitsjen fan Bretonske folksmuzyk, binne de akkordeön, de klarinet, de draailiere en soms de fioele. Sûnt de Twadde Wrâldoarloch is fierders de grutte heechlânske doedelsek populêr wurden, in fan oarsprong Skotsk ynstrumint dat yn Bretanje de binioù bras neamd wurdt. Dy foarm fan 'e doedelsek wurdt benammen brûkt troch de bagadoù of Bretonske doedelsekshowbands.

In fest-noz is in Bretonsk feest wêrby't in protte dûnse wurdt. Guon fan 'e dûnsen besteane al fan 'e Midsiuwen ôf, mar de fest-noz-tradysje sels is fan resinter datum, en ûntstie yn 'e 1950-er jierren. Festoù-noz wurde in protte bûten it eigentlik Bretanje holden troch Bretonnen om utens, en kinne datoangeande ferlike wurde mei de gearkomsten fan 'e Fryske kriten fan Friezen om utens. Yn desimber 2012 waard it fest-noz opnommen op 'e list fan ymmaterieel kultureel erfgoed fan 'e UNESCO.

In fest-noz yn 2007.

Der bestiet in breed ferskaat oan tradisjonele Bretonske folksdûnsen. De bekendsten binne de gavotte, de an dro, de hanter dro en de plinn. By festoù-noz wurde de measten fan sokke dûnsen útfierd yn in rige of in rûnte. Der binne lykwols ek Bretonske dûnsen foar pearkes en dûnsen mei in yngewikkelde goreografy wêrby't troch it dûnsjen fan figueren geduerich fan dûnspartner wiksele wurdt.

Oare symboalen fan 'e Bretonske identiteit binne de Keltyske triskelion, de menhirs en oare megalityske monuminten en regionale gerjochten, lykas galettes (Bretonske pankoeken), far breton (in soarte swiete pudding) en kouign-amann (bûtergebak). Regionale dranken binne sistr (sider) en chouchenn (in soarte mea).

In gongbere ôfkoarting fan Breizh, de Bretonske namme foar Bretanje, is BZH. Bretonske nasjonalisten en oaren dy't har sterk mei Bretanje ferbûn fiele, plakke gauris in BZH-sticker op 'e efterkant fan harren auto, hoewol't dat yn Frankryk by wet ferbean is. De ynternetekstinsje .bzh is in goedkard top level domain fan it ynternet, dat bedoeld is foar websiden dy't te krijen hawwe mei de Bretonske kultuer en talen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.