Ynternasjonaal Filmfestival fan de Bahama's
Ynternasjonaal Filmfestival fan de Bahama's | ||
plak en tiid | ||
lân | Bahama's | |
plak | Nassau | |
tiid fan it jier | septimber | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | BIFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 2004 – no | |
offisjele webside | ||
www.bintlfilmfest.com |
It Ynternasjonaal Filmfestival fan de Bahama's (Ingelsk: Bahamas International Film Festival), soms ôfkoarte ta BIFF, is in filmfestival dat elts jier yn septimber holden wurdt yn Nassau, de haadstêd fan 'e Bahama's. It evenemint waard yn 2004 oprjochte troch Leslie Vanderpool, dy't anno 2021 noch altyd de direkteur is.
As in non-profitorganisaasje set it Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Bahama's him yn foar in twafâld doel: om 'e Bahamaanske befolking en toeristen út it bûtenlân yn 'e kunde te bringen mei films dy't se oars nea sjoen hawwe soene, en om 'e Bahamaanske filmyndustry te ûnderstypjen en oan te fiterjen.
Wat dat lêste oangiet, organisearret it Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Bahama's elts jier as ûnderdiel fan it festival in workshop foar de jongerein, dêr't harren de begjinsels fan it filmjen bybrocht wurde. Tagelyk wurde jonge Bahamanen ek weiwiis makke oangeande it besetten fan 'e helpboarnen dêr't se ferlet fan hawwe om sels in film te meitsjen.
Yn 2015 waard it Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Bahama's troch MovieMaker Magazine opnommen op in list fan 'e 25 'coolste' filmfestivals fan 'e wrâld.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Bahama's
- (in) Ynformaajse oer it Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Bahama's yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |