Springe nei ynhâld

The New Yorker

Ut Wikipedy
The New Yorker
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre opinyblêd
frekwinsje 1 × yn 'e wike (47 x jiers)
bestean 1925 – no
oprjochter Harold Ross en Jane Grant
plak haadred. New York (New York)
útjouwer Condé Nast
oplaach 1.232.000 (2019)
ISSN 0028-792X
offisjele webside
www.newyorker.com
Net te betiizjen mei New York, in oar Amerikaansk tydskrift.

The New Yorker is in Amerikaansk opinyblêd dat ienris yn 'e wike útkomt, 47 kear yn it jier (dus fiif kear foar twawyklikse perioaden). It blêd waard yn 1925 oprjochte en stiet bekend om syn heechsteande sjoernalistyk. Omreden fan syn ferfyndheid wurdt The New Yorker rûnom beskôge as in blêd dat rjochte is op 'e maatskiplike elite. It tydskrift befettet artikels oer de aktualiteit en eftergrûnen, kommentaar, resinsjes fan boeken, films, tillefyzjesearjes en toanielstikken, essays, koarte ferhalen, fúljetons, poëzij, satire en cartoons. The New Yorker wurdt, oars as de namme suggerearret, ek in protte bûten New York lêzen, sawol yn 'e Feriene Steaten as om utens. It tydskrift wurdt útjûn troch Condé Nast, in ûnderdiel fan Advance Publications.

The New Yorker waard yn 1925 oprjochte troch sjoernalist Harold Ross (1892-1951) en dy syn frou Jane Grant (1892-1972). De earste edysje kaam út op 21 febrewaris fan dat jier. Ross woe in blêd begjinne mei in ferfine gefoel foar humor, dat hiel oars wêze soe as Judge, dêr't er earder wurke hie, of it âlde Life. Raoul H. Fleischmann, mei wa't Ross de útjouwerij F-R Publishing Company oprjochte, waard de útjouwer fan The New Yorker, wylst Ross sels oan syn dea yn 1951 ta haadredakteur bleau.

Yn 'e earste jierren, doe't it fuortbestean fan it tydskrift soms faai stie, liet The New Yorker him foarstean op syn kosmopolitaanske ferfyndheid, wat troch kritisy útlein waard as snobisme. Hoewol't it blêd nea syn humor ferlear, waard it al mei gauwens in platfoarm foar serieuze sjoernalistyk en in kanaal foar de publikaasje fan koarte fiksje. Koart nei de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard in hiele edysje folle mei inkeld it koarte ferhaal Hiroshima fan John Hersey. The New Yorker hat troch de jierren hinne ek wurk publisearre fan sokke foaroansteande auteurs as Truman Capote, Roald Dahl, Ernest Hemingway, Stephen King, Vladimir Nabokov, J.D. Salinger, John Updike e.o.

Lang hold The New Yorker fêst oan 'e âlde lay-out dy't suver in tradysje wurden wie. Pas ûnder it haadredakteurskip fan Tina Brown (1992-1998) waard it blêd modernisearre, wat ta in protte kontroverse ûnder de lêzers late. Brown yntrodusearre yllustraasjes yn kleur yn it blêd, wêrûnder ek foar it earst foto's (earder hiene de yllustraasjes allegear cartoons en oare tekenings west). Ek waard de regelôfstân fergrutte, sadat der minder tekst op eltse bledside stie en waard de lay-out yn algemiene sin by de tiid brocht. Fierders wreide se de ferslachjouwing oer de aktualiteit en bekende persoanen út en yntrodusearre se koarte kollums oer New York, wêrûnder ien oer it nachtlibben dy't faak op it rântsje wie.

De omslach fan 'e alder-earste edysje fan The New Yorker, mei dandy Eustace Tilley, tekene troch Rea Irvin.

Oan 'e ein fan 'e 1990-er jierren krige The New Yorker ûnder it haadredakteurskip fan David Remnick in eigen webside, dêr't (foar abonnees) in diel fan 'e ynhâld fan 'e hjoeddeistige edysje te lêzen is, mei dêropta wat stikken dy't inkeld online publisearre wurde en in grutte hoemannichte argyfmateriaal út eardere edysjes. Op 'e webside binne ek de cartoons út it tydskrift te keap, en teffens in digitaal argyf op CD-roms fan alle mear as 4.000 edysjes fan 1925 oant en mei april 2008, mei yn totaal mear as 500.000 bledsiden.

The New Yorker stiet al fan syn begjin yn 1925 ôf bekend om syn cartoons, dy't faak oer politike of sosjale ûnderwerpen geane. Bekende cartoonisten dy't foar it blêd wurke hawwe, binne û.o. Charles Addams, George Booth, Pia Guerra, Helen E. Hokinson, Lee Lorenz, Françoise Mouly, Charles Saxon en James Thurber.

Fan bysûndere betsjutting is Eustace Tilley, in weromkearend cartoonpersonaazje dat in soarte fan maskotte foar The New Yorker wurden is. Hy stie op 'e omslach fan 'e earste edysje fan it tydskrift út febrewaris 1925, tekene troch Rea Irvin as in dandy dy't troch in monôkle nei in flinter sjocht. Fan augustus fan dat jier ôf ferskynde er ek op tekenings fan Corey Ford (1902-1969) binnenyn it tydskrift. Tradisjoneel wurdt de omslach fan Irvin elts jier op 'e nij brûkt op 21 febrewaris of sa ticht by dy datum as mar mooglik is. By inkele gelegenheden is Irvin har wurk lykwols ferfongen troch in nij tekene fariaasje op 'e oarspronklike omslach.

Oplaach en lêzers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oplaach fan The New Yorker bedroech yn 2019 krapoan 1.232.000 eksimplaren. Nettsjinsteande syn namme wurdt it tydskrift yn 'e hiele Feriene Steaten lêzen. Fan 'e oplaach giet 53% nei lêzers yn 'e tsien grutste Amerikaanske stêden. Neffens ûndersyk fan Mediamark Research wie yn 2009 de trochsneed leeftyd fan in lêzer fan The New Yorker 47 jier mei in trochsneed ynkommen fan $110.000 yn it jier. Neffens in ûndersyk fan Pew Research is 77% fan 'e lêzers fan The New Yorker polityk links oriïntearre.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.