Springe nei ynhâld

Tommy Cooper

Ut Wikipedy
Tommy Cooper
Byld fan waaks fan Tommy Cooper by Madame Tussaud yn Blackpool, Lancashire
Byld fan waaks fan Tommy Cooper by Madame Tussaud yn Blackpool, Lancashire
persoanlike bysûnderheden
echte namme Thomas Frederick Cooper
nasjonaliteit Britsk
berne 19 maart 1921
berteplak Caerphilly
stoarn 15 april 1984
stjerplak Londen
etnisiteit Welsk
wurkpaad
berop/amt komyk,
yllusjonist
jierren aktyf 1947-1984
Stânbyld fan Tommy Cooper yn Caerphilly

Thomas Frederick (Tommy) Cooper (Caerphilly (Wales), 19 maart 1921Londen, 15 april 1984) wie in Welsk komyk en yllusjonist. Hy krige al betiid yn syn karriêre yn de gaten dat er by it mislearjen fan syn trúks op syn minst likefolle súkses by it publyk hie as by it wol slachjen dêrfan.

Hy tsjinne earst sân jier yn it Britske leger, foardat er úteinlik syn gûchelfeardichheden ûntwikkele en lid waard fan The Magic Circle. Hoewol't er in skoft op toernee wie mei syn magyske act, dy 't spesjalisearre wie yn gûcheltrúks dy 't liken te "mislearjen", waard er ynternasjonaal bekend doe't syn karriêre him ferlei nei de telefyzje, mei programma's foar London Weekend Television en Thames Television. Tsjin 'e ein fan 'e jierren 1970 smookte en dronk Cooper swier, wat syn karriêre en syn sûnens oantaaste, wêrtroch't er gjin nije programma's mear presintearje koe en allinne noch as gaststjer yn oare amusemintsprogramma's optrede. Op 15 april 1984 ferstoar Cooper yn de âldens fan 63 jier nei in hertoanfal, live op telefyzje.

As ien fan de bekendste Britske komiken ea, makke Cooper der in keunst fan om syn gûcheltrúks op ûnneifolchbere wize mislearje te litten. Hoewol't er der skynber neat fan koe wie er yn 't echt in betûft yllusjonist. De mislearrings wiene in fêst ûnderdiel fan syn grappen.

In hannelsmerk fan Cooper wie in fjoerreade fez dy't er by elts optreden op hie. Fierders brûkte er in protte útdrukkings dy't dreech oer te setten binne (Ingelsk: catchphrases): "Just like that! Not that -- that!", "Whisky, sample, sample, whisky, sample...".

Hy makke yn heech tempo grappen dy't eigentlik hiel flau wiene, mar troch Coopers presintaasje dochs wer wol tige grappich. Wichtich part fan de shows wie dat er sels it hurdst om syn grapmakkerij lake.

  • Ik frege in kear oan 'e dokter: "Ik haw de lêste tiid pine op ferskate plakken, wat moat ik dêr oan dwaan?" Dokter: "Net nei dy plakken tagean".
  • Ik wie lêstens wer by de dokter. Ik til myn earm op en ik sis: "Dokter, ik haw in ferskuorrende pine at ik dit doch." Dêrop seit hy: "No, doch dat dan net."
  • Ik gong in kear nei de dokter. Hy seit: "Geane jo mar efkes op de bank lizzen". Ik freegje: "Wêrom?" Hy seit: "Ik moat de flier noch oanfeie"".
  • Myn frou frege okkerdeis: "Fynsto it goed at ik myn hier yn in puntsje draach? Want foar in hiele bôle haw ik net genôch".
  • Myn hûn naam ferline wike in hap út myn knibbel. De dokter frege: "Hast der wat opdien?" Ik sei: "Nee, hy fûn it sa lekker genôch."
  • Ik dreamde dat ik in hin oan 't plôkjen wie en de oare moarns wie myn wiif keal.
  • Ik haw fan 't simmer nei Margate op fakânsje west, in freon hie dat oanrikkemandearre omdat dat goed wie foar reumatyk en ha it dêr yndied ek krigen.

Tommy Cooper yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tommy Cooper hat ek in kear op de Nederlânske telefyzje west: op 16 july 1982 spile er mei yn de Lotto Show fan Willem Ruis. Syn lêste fideo, dêr't er in hertoanfal yn krige, waard yn Nederlân útstjoerd yn 1985, en waard yn 2009 werhelle yn it programma "De wereld draait door".

It priveelibben fan Tommy Cooper ferrûn hast krektlike gaoatysk as syn optredens. Nei syn houlik mei Gwendolyn Henty, dêr't twa bern út foartkaam binne, hie er in lange ferhâlding mei Mary Fieldhouse. Tegearre lutsen sy it lân troch, 52 wiken yn 't jier optredend, want Cooper wie in workaholic. Boppedat wie Cooper in swiere drinker. Mary seach syn drankprobleem wol, mar koe him net helpe.

Cooper is op de planken stoarn, foar in grut publyk, oan in hertoanfal. Doe't er ynelkoar sakke tocht men earst dat it by de show hearde.

Mei Eric Morecambe, Peter Cook en Les Dawson ferskynde er op in yn 1998 útjûne postsegel-searje wijd oan legindaryske komiken.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]