Wjirmgat
In wjirmgat, eins yn 'e wittenskip in Einstein-Rosenbrêge neamd (nei Albert Einstein en Nathan Rosen), is in hypotetyske mooglikheid om binnen de romtetiid flugger as it ljocht te reizgjen. Yn 'e normale romte kin men tusken twa punten net flugger as de ljochtfaasje reizgje, mar neffens de wjirmgatteory bestiet der in 'koartere rûte' yn it universum, dy't men jin foarstelle kin as in tunnel mei de beide úteinen op ferskillende punten yn 'e romtetiid, d.w.s. op ferskillende lokaasjes yn 'e romte, op ferskillende punten yn 'e tiid, of beide. Fia sa'n 'koartere rûte' soe it teoretysk mooglik wêze moatte om flugger fan it iene nei it oare plak te reizgjen as de faasje fan it ljocht talit; dêrfandinne: flugger-as-ljochtreizgjen. Yn teory soe soks ek tiidreizgjen mooglik meitsje. Hoewol't wjirmgatten benammen bekend binne út science fiction, is it bestean fan sokke ferskynsels konsistint mei de algemiene relativiteitsteory fan Albert Einstein. Oft se ek wurklik wier besteane, is wat dat noch ûntdutsen wurde moat.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De term 'wjirmgat' (yn 'e Ingelske foarm wormhole) waard yn 1957 betocht troch de Amerikaanske natuerkundige John Archibald Wheeler, mar it konsept fan wjirmgatten wie al yn 1928 teoretisearre troch de Dútske wiskundige Hermann Weyl. Dyselde betocht it yn ferbân mei syn analyze fan 'e massa yn termen fan it elektromagnetysk fjild.
Utlis fan de term 'wjirmgat'
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As oantsjutting komt de term 'wjirmgat' fan 'e útlis dy't foarhinne in protte brûkt waard om it konsept te fertsjutskjen: stel jo foar dat it hielal sa't de minske dat ûnderfynt, de skyl fan in apel is, en in wjirm fan 'e iene nei de oare kant fan 'e apel wol. As de wjirm oer de skyl fan 'e apel krûpt, is de koartste ôfstân foar him de helte fan 'e omtrek fan 'e apel. Mar as de wjirm ynstee dêrfan in gat ('wjirmgat') rjocht troch de apel hinne makket, is de ôfstân koarter, ntl. de diameter fan 'e apel.
Teoretyske ûnderbouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is ûnbekend oft wjirmgatten besteane. Hoewol't harren bestean mooglik is binnen de algemiene relativiteitsteory fan Albert Einstein, is foar alle bekende oplossings dêrfan dy't it bestean fan wjirmgatten talitte it bestean fan matearje nedich dy't in negative enerzjytichtens hat. Oan 'e oare kant is it net wiskundich bewiisd dat it bestean fan sokke matearje in ûnmisber betingst is foar it bestean fan wjirmgatten. Ek is it net bewiisd dat sokke spesjale matearje net bestean kinne soe. Mei't der noch gjin slutende teory oer de wurking fan kwantumgravitaasje bestiet, kin ûnmooglik mei wissichheid sein wurde oft wjirmgatten besteane of bestean kinne of net. In protte natuerkundigen binne fan tinken dat it bestean fan wjirmgatten ûnwierskynlik is, om't se teoretyske swierrichheden opsmite, lykas de mooglikheid ta tiidreizgjen, dy't troch de (bekende) wetten fan 'e natuerkunde ferbean wurde.
Tiidgatten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teoretysk soe in wjirmgat tiidreizgjen mooglik meitsje kinne. Dat soe berikt wurde kinne troch ien útein fan it wjirmgat mear faasje te jaan as de oare útein, en dy beide úteinen letter werom te bringen. Foar it ferflugge wjirmgat soe dan minder tiid foarbygien wêze as foar it wjirmgat dat stilstean bleaun is, in ferskynsel dat relativistyske tiiddilataasje hjit. As soks mooglik is, soe it betsjutte dat alles dat it stasjonêre wjirmgat yngiet, it ferflugge wjirmgat útkomme soe op in tiidstip foar't it it stasjonêre wjirmgat yngie. Sa'n soarte wjirmgat wurdt wol in 'tiidgat' neamd. It tinken ûnder natuerkundigen is dat it miskien net mooglik wêze soe om in wjirmgat op dizze wize yn in tiidmasine te feroarjen, mar guon wiskundige modellen bewize dat firtuële dieltsjes oanhâldend troch in tiidgat reizgje soene mei almar tanimmende yntinsiteit.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|