Springe nei ynhâld

Wild Bill Hickok

Ut Wikipedy
Wild Bill Hickok
persoanlike bysûnderheden
echte namme James Butler Hickok
oare namme Wild Bill Hickok
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 maaie 1837
berteplak Homer (Illinois)
stoarn 2 augustus 1876
stjerplak Deadwood (Súd-Dakota)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt koetsier, sheriff, marshal,
ferkenner, skerpskutter, akteur
aktyf as spion, gokker
jierren aktyf 18551876
reden
  bekendheid
ikoan fan it Wylde Westen
offisjele webside
www.nebraskahistory.org/.../hickok

Wild Bill Hickok (wiere namme: James Butler Hickok; Homer (Illinois), 27 maaie 1837Deadwood (Súd-Dakota), 2 augustus 1876) wie in Amerikaansk gokker, revolverman, plysje en ikoan fan it Wylde Westen. Hy wie hikke en tein op in boerespultsje yn Illinois, mar gie mei achttjin jier nei Kansas, dêr't er him by de Jayhawkers joech. Hy wurke as boer, fuorman en stâlfeint, focht (en spionearre) foar it Noarden yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, en waard neitiid yn it Wylde Westen ferneamd as gokker, revolverman, marshal, sheriff, ferkenner foar it Amerikaanske Leger en skerpskutter. Hickok wie belutsen by ferskate beruchte sjitpartijen. Hy kaam úteinlik oan syn ein doe't er fan efteren yn 'e holle sketten waard troch in gokker dy't er earder ferslein hie mei poker. De kaarten dy't er op dat stuit yn 'e hân hold, kamen neitiid bekend te stean as de "deademanshân".

Nammen en bynammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wild Bill Hickok waard berne as James Butler Hickok, mar yn 1858 begûn er de namme William Hickok te brûken, en yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch gied er troch foar William Haycock. Yn 1861 begûn er himsels "Wild Bill" ("Wylde Bill") te neamen. Doe't er letter (sterke) ferhalen oer syn libben fertelde, woed er hawwe dat er al yn syn tiid by de Jayhawkers yn Kansas "Shanghai Bill" neamd waard fanwegen syn lingte en ranke lichemsbou (shanghai wie doedestiden Amerikaansk-Ingelske sprektaal foar "kattepûl"). Yn Nebraska waard er, benammen troch David McCanles en dy syn freonen, by wize fan bespotting "Duck Bill" ("Einesnaffel") neamd.

Wild Bill Hickok waard yn maaie 1837 berne yn Homer, yn 'e Amerikaanske steat Illinois (dat no Troy Grove hjit), as de soan fan William Alonzo Hickok, in boer en abolysjonist, en dy syn frou Polly Butler. Beide âlden wiene fan etnysk Ingelsk komôf. Syn heit soe Hickok syn bertehûs (dat no net mear bestiet) brûkt hawwe as in halteplak foar it Undergrûnske Spoar. Hickok wie de fjirde fan seis bern yn 'e húshâlding fan syn âlden. Syn heit kaam te ferstjerren yn 1852, doe't Hickok 15 jier wie. Oer Hickok syn jonkheid is fierders net folle bekend, behalven dat er al ier goed mei in revolver omgean koe en yn syn bertekrite wiid en siid bekendstie as in skerpskutter mei dat fjoerwapen.

Yn 1855, doe't er achttjin jier wie, rekke Hickok op in dei slaande deilis mei in Charles Hudson, wêrby't se allebeide yn in kanaal rûgelen. Om't er miende dat er Hudson fermoarde hie (wat letter net wier bliek te wêzen), naaide Hickok doe út. Hy bedarre yn Leavenworth, yn wat doe noch it Territoarium Kansas wie (no de steat Kansas). Dêr sleat er him oan by it 'Leger foar in Frije Steat' fan generaal Jim Lane, better bekend as de Jayhawkers. Dat wie in wapene milysje fan figilantes dy't yn dy omkriten slavehâlders út it Suden oanfoel as middel om Kansas as in frije steat (ynstee fan as slavesteat) yn 'e Uny opnommen te krijen. Wylst er by de Jayhawkers wie, kaam Hickok yn 'e kunde mei de tolvejierrige William Frederick Cody, dy't letter ferneamd wurde soe ûnder de namme 'Buffalo Bill'. Nettsjinsteande syn jonkheid wie dy doe al ferkenner foar it Amerikaanske Leger yn 'e Lytse Boargeroarloch tsjin 'e mormoanen yn Utah.

Wild Bill Hickok.

Yn 1857 briek Hickok mei de Jayhawkers en stifte er in boerespultsje fan 160 acres (65 ha) yn Johnson County, dat no diel útmakket fan 'e himrik fan Lenexa. Op 22 maart 1858 waard er keazen as ien fan 'e earste fjouwer plysjes (constables) yn it plattelânsdistrikt Monticello Township. In jier letter, yn 1859, gied er oan it wurk foar de fuormanderij Russell, Waddell & Majors, de memme-ûndernimming fan 'e Pony Express.

Hickok rekke yn 1860 slim ferwûne doe't er as fuorman mei in lading fracht ûnderweis wie fan Independence yn Missoery, nei Santa Fe yn Teksas. Neffens syn eigen ferhaal waard it paad him op in stuit tichtset troch in brune bear mei in pear jongen. Hickok kaam fan 'e bok ôf, stapte nei foarren en besocht de bearinne yn 'e kop te sjitten. De kûgel keatste lykwols ôf op 'e skedel fan it bist, dat dêrtroch poerrazen waard en him oanfoel. Hickok waard heal ferplettere ûnder it gewicht fan 'e bearinne, en mei in twadde kûgel rekke er it bist yn in foarpoat. De bearinne biet him doe yn 'e earm, mar Hickok wist syn jachtmês te lûken en it bist de strôte troch te snijen. Sels hold er oan it treffen in yndrukte boarstkast, in stikken skouder en in brutsen en iepen earm oer. Hy wist op eigen krêft de bewenne wrâld te berikken en lei fjouwer moannen op bêd ear't er troch syn wurkjouwer nei Rock Creek Station, by Fairbury yn Nebraska, ta stjoerd waard, dêr't er fierder opbetterje koe wylst er licht wurk die as stâlfeint.

Dat frachtstasjon fan Russell, Waddell & Majors wie boud op grûn dy't it bedriuw koartby kocht hie fan in pleatslike kolonist, David McCanles, dy't pleatslik bekendstie as in bullebak dy't út 'e gong wei mei yntimidaasje syn sin besocht te krijen. Hickok krige it, nei't it skynt, mei him oan 'e stôk om't er McCanles syn mêtresse, in Sarah "Kate" Shull, "stellen" hie. Doe't McCanles op 12 july 1861 by it stasjon delkaam om it noch altyd net betelle twadde diel fan 'e ferkeappriis te ynjen, briek der in sjitpartij út. McCanles hie syn tolvejierrige soan William Monroe McCanles en twa feinten, James Woods en James Gordon, by him. Hy waard ûntfongen troch Horace Wellman, de bedriuwslieder fan it frachtstasjon, Hickok en J.W. Brink, in oare stâlfeint. Wat der krekt barde, is ûnder histoarisy noch altyd ûnderwerp fan debat, mar de útkomst wie dat McCanles, dy't Wellman bedrige hawwe soe, deasketten waard. De dieder wie mooglik Hickok, mar miskien ek Wellman sels. Wellman, Hickok en Brink waarden oanklage foar moard, mar frijsprutsen om't se út selsferdigening hannele hawwe soene.

De stjer fan Wild Bill Hickok op it Texas Trail of Fame yn Fort Worth.

Amerikaanske Boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwilens wie yn april 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbrutsen, en nei de konfrontaasje mei McCanles teach Hickok út Nebraska wei om him yn Sedalia, yn Missoery, as fuorman oan te melden by it Noardlike Leger. Tsjin 'e ein fan dat jier hied er it ta weinmaster brocht, mar yn septimber 1862 waard er om geheim holden redens út dy funksje ûntslein. Dêrnei is der in jier lang gjin dokumintaasje werom te finen oer wat er by de ein hie. Ien boarne hâldt lykwols út dat er yn dy tiid as spion foar de Feriene Steaten wurke op it grûngebiet fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika.

Ein 1863 doek Hickok wer op yn súdwestlik Missoery, dêr't er as maresjesee (provost marshal) oan it wurk gie yn Springfield. Yn dy hoedanichheid hold er by hoefolle soldaten oft pakt waarden mei alkohol op wylst se op wacht stiene, kontrolearre er oft horekagelegenheden wol fergunnings hiene om alkohol te skinken, en spoarde er skuldners op dy't it krap by kas sittende Noardlike Leger noch jild betelje moasten. Yn 1864 hie Hickok, yn 'e mande mei ferskate oare maresjesees, al in skoft gjin soldij ûntfongen. Hy naam doe ûntslach of waard oerpleatst, want dat jiers waard er troch generaal John B. Sanborn oannommen as ferkenner, foar $5 deis plus in hynder en taris.

Nei't de boargeroarloch yn april 1865 einige, swaaide Hickok yn juny fan dat jier ôf, wêrnei't er yn Springfield omhingjen bleau en syn tiid trochbrocht mei drinken en gokken. Neffens it boek History of Greene County, Missouri, dat yn 1883 publisearre waard, wie Hickok yn 1865 "fan natuere in rûchhouwer [...] in dronken swetser dy't der fernoegen yn skoep [...] om nerveuze manlju en timide froulju benaud te meitsjen."

It Hickok-Tutt-duël

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst er as gokker yn Springfield omhong, kaam Hickok yn it foarjier fan 1865 yn 'e kunde mei Davis Tutt, in âld-soldaat út it Konfederearre Leger. Hy liende ferskate kearen jild fan Tutt en de beide mannen rekken befreone, mar se krigen rûzje oer in frou, Susannah Moore, dy't in relaasje mei Hickok hie. It geroft giet dat Hickok dêrnjonken in affêre mei Tutt syn suster hie en in bern by har oansette, mar dat kin ek in betinksel wêze. Yn elts gefal wegere Hickok noch poker te spyljen mei Tutt, dy't weromsloech troch oare pokerders jild en advys te jaan om te besykjen en meitsje Hickok bankrot.

De rûzje berikte in hichtepunt doe't Hickok, ta frustraasje fan Tutt, dy't ien fan syn tsjinstanners bystie, oanhâldend wûn yn in pokerspul. Tutt easke daliks de werombetelling fan in liening fan $40, dêr't Hickok oan foldie. Doe easke er de werombetelling fan in oare liening fan $35. Hickok wegere dat, om't dy liening mar $25 omfieme hie. Dêrop pakte Tutt it horloazje fan Hickok, dat op 'e tafel lei. De oare deis, 21 july 1865, droech Tutt prominint it horloazje doe't er de saloon ynkaam. Hickok woe it werom hawwe, mar Tutt easke der doe $45 foar. Hoewol't se besleaten der net om te fjochtsjen, draaide it dêr om 18.00 oere jûns dochs op út, doe't se beide út ferskillende rjochtings op 'e saloon ôf kamen. It wie it earste quick draw-duël út 'e skiednis, wêrby't de beide mannen sa fluch mooglik harren revolver út it holster loeken, rjochten en skeaten. Oars as yn 'e westernfilms makke troch de filmyndustry fan Hollywood, stiene de beide mannen net mei de foarkant fan it lichem nei-inoar ta, mar mei de side, yn 'e klassike duëlstyl, sadat se in lytser doelwyt foarmen. Fan in ôfstân fan 75 yards (krapoan 69 m) miste Tutt, wylst Hickok rekke skeat. Tutt rôp út: "Jonges, ik bin dea," foel del en stoar.

In yllustraasje fan it duël fan Wild Bill Hickok en Davis Tutt by it artikel oer Hickok yn Harper's Magazine, yn 1865.

Twa dagen letter waard Hickok oppakt foar moard, mar de oanklacht waard letter fermindere ta deaslach. Hy kaam yn ruil foar $2.000 op boarchtocht frij en waard op 3 augustus 1865 berjochte. Oan 'e ein fan 'e rjochtsaak joech rjochter Sempronius H. Boyd de sjuery twa inoar tsjinsprekkende ynstruksjes. Earst stelde er dat Hickok ûnder de wet inkeld skuldich ferklearre wurde koe. Mar dêr heakke er oan ta dat de sjuery ek beslisse koe dat hjir de ûnskreaune wet fan it "earlik gefjocht" fan tapassing wie, sadat Hickok frijsprutsen wurde koe. De sjuery besleat ta frijspraak. In pear wiken letter joech Hickok in fraachpetear oan kolonel George W. Nichols, dat ôfprinte waard yn it tydskrift Harper's New Monthly Magazine (wêrby't syn namme trouwens misstavere waard as "Hitchcock"). Yn it artikel waard ferteld oer de "hûnderten" manlju dy't Hickok eigenhandich ombrocht hie, en it omfieme ek beskriuwings fan oare oant yn it absurde oerdreaune eksploaten. Hoewol't dat it begjin wie fan Hickok syn ferneamdheid, wie it artikel tige kontroversjeel op plakken dêr't men him koe, sasear sels dat ferskate kranten yn Kansas en Missoery har roppen fielden om korrizjearjende artikels oer Hickok op te nimmen.

Plysje, ferkenner, akteur

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn septimber 1865 ferlear Hickok de ferkiezings foar it amt fan marshal fan Springfield. Neitiid rekrutearre er seis Yndianen en trije cowboys en sette mei dat selskip nei Niagara Falls, yn New York, dêr't er himsels op 'e nij besocht út te finen as toanielakteur. Hy hie de haadrol yn it iepenloftspul The Daring Buffalo Chasers of the Plains, dat lykwols om ferskate redens mislearre. Yn it foarste plak koed er gjin yntree heffe om't it stik yn 'e iepen loft spile waard, sadat der jild by moast ynstee dat it jild opbrocht. Fierders bliek er sels in alderferskriklikst minne akteur te wêzen. En boppedat waarden guon rollen fertolke troch seis echte Amerikaanske bizons, in brune bear en in aapke. Ien opfiering einige jammerdearlik doe't ien fan 'e bizons net meiwurkje woe en Hickok syn selsbehearsking ferlear. Hy loek syn revolver en skeat yn 'e loft, mei as gefolch dat it publyk yn panyk rekke en de bizon lulk waard. Guon taskôgers waarden sels ûnder de foet rûn troch de bizons. Dêrmei rûn Hickok syn aktearkarriêre op 'e non.

Sadwaande kearde er werom nei it Wylde Westen en gied er nei Fort Riley, yn Kansas, dêr't er in skoft plakferfangend U.S. marshal wie. Letter begûn er yn 'e Flakte-Yndiaanske oarloggen as ferkenner foar it Amerikaanske Leger te wurkjen, ûnder mear foar it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Neffens it ferhaal wie Hickok "in fûleindige hater fan 'e Yndianen", mar it is dreech om op dat mêd feit fan fiksje te skieden. Tsjûgeferslaggen befêstigje in ynsidint doe't er as ferkenner yn Fort Harker legere wie. Dat wie op 11 maaie 1867, doe't er oanfallen waard troch flinke kloft krigers, dy't lykwols útnaaiden nei't Hickok twa fan harren deasketten hie. Yn july fan dat jier fertelde Hickok oan in sjoernalist dat er by in oar ynsidint, op 2 july, mei in stikmannich soldaten de efterfolging ynset hie op Yndianen dy't yn 'e neite fan it fort fjouwer blanke manlju deade hiene. Nei eigen sizzen hiene hy en syn selskipslju tsien krigers deasketten en wiene se yn Fort Harker weromkeard mei fiif Yndiaanske finzenen. Tsjûgeferslaggen hâlde lykwols út dat Hickok der yndie mei in tal soldaten op út teach, mar dat se nea in Yndiaan seagen en sûnder wat bedijd te hawwen weromkamen.

Yn it neijier fan 1867 stelde Hickok himsels ferkiesber foar it amt fan sheriff fan Ellsworth County, yn Kansas, mar op 5 novimber fan dat jier waard er ferslein troch in E.W. Kingsbury. Yn desimber 1867 arrivearre Hickok foar it earst yn Hays City (Kansas). It is ûndúdlik wat er yn 'e tuskentiid útfûn, mar in fearnsjier letter, yn maart 1868, wied er op 'e nij yn Hays City. Hy hie doe wer de funksje fan plakferfangend U.S. marshal. Yn dy hoedanichheid pikte er yn Hays City alve deserteurs út it Amerikaanske Leger op, dy't er oerbringe moast nei Topeka, om berjochte te wurden. Hickok tsjinne in fersyk yn foar in militêre eskorte, en krige doe syn âlde kunde William Frederick Cody en fiif soldaten tawiisd, mei wa't er op 2 april yn Topaka oankaam. Yn augustus fan dat jier wie Hickok wer yn Hays City, doe't er dêr twahûndert Sjajinnen (Cheyenne) ôflevere om as toeristyske attraksje te tsjinjen.

Wild Bill Hickok yn 1869.

Op 1 septimber 1868 naam Hickok yn Lincoln County tsjinst as ferkenner by it Amerikaanske 10e Kavaleryrezjimint, dat bestie út swarte buffalo soldiers. Trije dagen letter, op 4 septimber, rekke er licht ferwûne oan in foet doe't er yn 'e Dobbe fan Bijou Creek in stikmannich cowboys rêde dy't besingele rekke wiene troch Yndiaanske krigers. Mei it 10e Kavaleryrezjimint arrivearre er yn oktober yn Fort Lyon, yn Kolorado, dêr't er neitiid in goed healjier legere wie.

Yn july 1869 wie Hickok werom yn Hays City, dêr't er op 23 augustus by in tuskentiidske ferkiezing keazen waard ta sawol marshal fan Hays City as ta sheriff fan it omlizzende Ellis County. Dy county hie problemen om oan in sheriff te kommen, dêrfandinne de dûbele funksje. Hickok hie op it stuit fan 'e ferkiezing nei alle gedachten al in interimoanstelling as sheriff, sjoen dat in pleatslike krante op 18 augustus berjochte dat er lju arrestearre hie dy't har misdroegen, en dat de kommandant fan Fort Hays Hickok op 21 augustus yn in brief priizge foar syn ynset. By geregelde ferkiezings, op 2 novimber 1869, ferlear Hickok it fan syn helpsheriff Peter Lanihan, mar fanwegen stimbusfraude by de ferkiezings, dêr't sawol Hickok as Lanihan in J.V. Macintosh as skuldige foar oanwiisden, beholden de beide mannen harren amt.

Yn syn earste moanne as marshal fan Hays City en sheriff fan Ellis County skeat Hickok twa manlju dea. De earste wie in Bill Mulvey, dy't syn revolver flugger loek as Hickok. Dyselde seach lykwols by him lâns en rôp út: "Sjit him net yn 'e rêch; hy is dronken!" Mulvey liet him dêrtroch ôfliede, wat Hickok de tiid joech om sels syn revolver te lûken en de man del te sjitten. De twadde wie de cowboy Samuel Strawhun, dy't Hickok en syn helpsheriff Lanihan om 1.00 oere nachts tsjinkamen yn in saloon dêr't er lju lestich foel. Nei't Strawhun "opmerkings makke tsjin Hickok," skeat dy him troch de holle doe't er, nei eigen sizzen, "regaad besocht te meitsjen." Nei dat ynsidint waard in gerjochtlik ûndersyk ynsteld, mar nettsjinsteande "tige tsjinstelde" tsjûgeferslaggen fûn de sjuery it deasjitten fan 'e cowboy te rjochtfeardigjen.

Op 17 july 1870 wie Hickok yn Hays City belutsen by in sjitpartij mei oproerige soldaten fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint. Twa soldaten, Jeremiah Lonergan en John Kyle (soms skreaun as 'Kile'), besprongen Hickok yn in saloon. Wylst Lonergan de sheriff tsjin 'e grûn oan drukte, sette Kyle Hickok in pistoal tsjin 'e holle oan en helle de trekker oer. It wapen wegere lykwols, wêrnei't Hickok syn eigen revolvers loek. Lonergan waard yn 'e knibbel rekke, wylst Kyle, dy't twaris yn 'e romp sketten waard, de oare deis kaam te ferstjerren.

Nei't Hickok yn it neijier fan 1870 net werkeazen waard as sheriff, gied er nei Abilene (Kansas), dêr't er op 15 april 1871 marshal waard as ferfanger foar Tom "Bear River" Smith, dy't op 2 novimber 1870 deasketten wie. Abilene wie yn dy tiid in feestedsje oan 'e noardlike útein fan it Chisolm Trail út Teksas, dêr't de longhorns op 'e trein set waarden nei de slachthuzen fan St. Louis en Chicago. It wie in wyld plak dat geregeldwei folrûn mei útlitten, dronken cowboys dy't oan 'e ein fan in lange feedriuwerij yn 'e saloons en bordelen mei alkohol en prostituees fiere woene dat de put derop siet en se einlings lean útbetelle krigen hiene.

Yn it foarjier fan 1871 kaam op dy manear de sochte bandyt John Wesley Hardin yn Abilene, in ferneamd revolverman dy't yn syn libben teminsten 27 manlju deade. Neffens syn postúm publisearre autobiografy, út 1895, rekke er yn Abilene befreone mei Hickok, nei't er dyselde by harren earste konfrontaasje ûntwapene hawwe soe, doe't Hickok him oppakke woe om't er him yn Abilene bejûn hie sûnder syn fjoerwapens yn te leverjen. Histoarisy beskôgje dat ferhaal op syn minst as oerdreaun, en mooglik as in folslein betinksel. Oan 'e oare kant blykt út Hardin syn autobiografy wol dat er heech by Hickok opseach. Hickok sels hie gjin idee dat 'Wesley Clements', sa't Hardin himsels doedestiden neamde, in sochte bandyt wie. Hy rette de man inkeld oan om problemen út 'e wei te gean salang't er yn Abilene wie, en doe't er Hardin frege om syn wapens yn te leverjen, die Hardin dat. Hardin bewearde ek dat, doe't syn neef Mannen Clements arrestearre wie foar de moard op twa cowboys, Hickok op Hardin syn fersyk regele dat Clements ûntkomme koe. Ek dat ferhaal wurdt troch histoarisy yn 'e kiif steld. Yn augustus 1871 skeat Hardin yn in hotel yn Abilene in Charles Couger dea "om't er te lûd snoarke." Doe't er foar it ferstân krige dat Hickok efter him oan kaam, makke Hardin dat er út Kansas wei kaam, wêrnei't er dy steat mijde as de pest om in konfrontaasje mei Hickok út 'e wei te gean.

Wild Bill Hickok (l.), mei Texas Jack Omohundro (m.) en Buffalo Bill Cody (rj.).

Mei Phil Coe, de eigner fan in saloon yn Abilene dy't in kunde fan Hardin wie, hie Hickok in slepend konflikt dat einige yn in sjitpartij. Coe en syn sakepartner Ben Thompson hiene yn it feestedsje tegearre de Bull's Head Tavern opset, en om harren gelegenheid ûnder oandacht fan 'e cowboys te bringen, ferven se in ôfbylding fan in bolle mei in grutte ereksje op 'e side fan it gebou. Doe't de boargers fan Abilene dêroer klagen by Hickok, frege dy oan Coe en Thompson om der wat oan te dwaan. Dat wegeren se, dat doe paste Hickok de ôfbylding op eigen manneboet oan. Coe wie des duvels en besocht om Hardin oan te setten ta in konfrontaasje mei de marshal, mar Hardin antwurde: "As Bill dea moat, wêrom sjitst him dan sels net dea?" Tsjin Hickok sels sei Coe, besykjend om 'e sheriff te yntimidearjen mei syn skerpsjitten, dat er noch wol "in krie op 'e wjuk" deasjitte koe. Hickok syn (mooglik apokrife) beskie is ien fan 'e bekendste útspraken út it Wylde Westen: "Hie dy krie in pistoal? Skeat er werom? Want dat doch ìk wol."

Doe't Hickok him op 5 oktober 1871 tusken de minsken bejoech om slaanderij op 'e strjitte del te bêdzjen, fjurre Coe twa skotten ôf, dêr't er Hickok lykwols mei miste. Hy tocht blykber dat it tusken sa'n kliber folk net opfalle soe wa't sketten hie, mar Hickok hie him daliks yn 'e rekken en sei him oan dat er ûnder arrest stie foar it ôfsjitten fan in fjoerwapen binnen de beboude kom fan Abilene. Coe lei dêr tsjinyn dat er inkeld op in strjithûn sketten hie, mar ynienen swaaide er syn wapen yn 'e rjochting fan Hickok. Dy loek fluch syn revolver en skeat it earst, wêrmei't er Coe deade. Doe seach er út syn eachhoeke wei immen op him tadraven, dat hy draaide him sûnder fierder nei te tinken fansiden en fjurre noch twa kûgels ôf. Dêrmei skeat er syn eigen helpmarshal Mike Williams dea, dy't oandraven kaam om him te helpen. Hoewol't eltsenien it deroer iens wie dat dat in oprjocht fersin wie, en Hickok der net foar ferfolge waard, soe dat barren him de rest fan syn libben efterfolgje. Hy waard krapoan twa moanne nei de fatale sjitpartij út syn funksje as marshal fan Abilene ûntheft en ferliet de stêd.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1873 nûgen Buffalo Bill Cody en Texas Jack Omohundro Hickok út om mei te spyljen yn in toanielstik dat Scouts of the Plains hiet. Hickok en Texas Jack joegen it aktearjen nei ferrin fan tiid oer, mar Cody sette dermei troch en soe yn 1882 syn ferneamde Buffalo Bill's Wild West Show oprjochtsje.

Op 5 maart 1876 troude Hickok yn Cheyenne (Wyoming) mei Agnes Thatcher Lake, de fyftichjierrige eigneresse fan in sirkus. In oare leginde fan it Wylde Westen, Calamity Jane, skreau letter yn har autobiografy dat se mei Hickok troud west hie en op syn fersyk fan him skieden wie sadat er wertrouwe koe mei Agnes Lake. Der binne lykwols nea dokumintêre bewizen fûn om dy bewearing te ûnderstypjen. Hickok en Calamity Jane soene mei-inoar yn 'e kunde kommen wêze doe't se op in stuit diel útmakken fan deselde karavaan kapweinen dy't út Fort Laramie wei oer de Grutte Flakten teach.

Hickok ferliet Agnes Lake in pear moanne letter al, hoewol't er har koart foar syn dea noch in leafdesbrief stjoerde. Hy joech him by it selskip joech fan Charlie Utter, byneamd Colorado Charlie, dat bestie út lju dy't har fortún ûnder de Goudkoarts fan 'e Black Hills yn Súd-Dakota meitsje woene. Se arrivearren yn july 1876 yn 'e Black Hills, dêr't Hickok him bejoech nei it goudsikersstedsje Deadwood. Tsjin dy tiid rekke er mei syn sûnens wat yn 'e minnichte. In dokter yn Kansas City (Missoery) hie by him staar en eachûntstekking fêststeld, oandwanings dy't neffens Hickok syn fijannen perfoarst it resultaat wêze moasten fan alle geslachtssykten dêr't er mei oanhelle wie. Ek finansjeel gie it net goed Hickok, mei't er yn 'e foargeande jierren ferskate kearen arrestearre wie foar lânrinnerij.

De 'deademanshân'.

Der wurdt wol sein dat Hickok in foargefoel hie dat er yn Deadwood stjerre soe, en dat er dat ûnderweis dêrhinne oan syn freon Charlie Utter fertelde. Op 2 augustus 1876 spile Hickok poker yn Nuttal & Mann's Saloon yn Deadwood, dat doe yn it Territoarium Dakota lei, en no yn Súd-Dakota. Hoewol't dat oars net syn wizânsje wie, siet er mei de rêch nei de doar ta, mei't dat it iennichste frije plak wie doe't er him by it pokerspul joech. Hy frege twaris oan in oare pokerder, Charles Rich, om fan plak te wikseljen, mar dy't wegere dat beide kearen. Doe't de eardere bizonjager Jack McCall, byneamd Crooked Nose Jack ("Kromnoas Jack"), de saloon binnen kaam, wie Hickok him dêr net fan bewust. McCall rûn de saloon yn oant er fuort efter Hickok stie, loek doe syn revolver en raasde út: "Ferrek do! Pak oan!" wêrnei't er Hickok fan deunby yn 'e efterholle skeat. Hickok wie op slach dea. De kûgel kaam troch syn wang wer nei bûten ta en rekke dêrnei in oare pokerder, in kaptein Massie, yn 'e lofterpols.

Doe't er deasketten waard, spilen Hickok en de oaren de pokerfariant five card stud. Hy hie op dat stuit twa swarte asen en twa swarte achten yn 'e hân. De fyfde kaart hied er fuortdien en de ferfangende kaart hied er wierskynlik noch net krigen. De identiteit fan dy fyfde kaart hat neitiid it ûnderwerp fan in protte spekulaasje west. De kombinaasje fan twa swarte asen en twa swarte achten kaam neitiid bekend te stean as de 'deademanshân'. Yn 1979 waard Hickok opnommen yn 'e Poker Hall of Fame. Op it stuit dat er stoar, hied er, ynsafier bekend, 36 manlju deade. De moard op him en de arrestaasje fan McCall wurde tsjintwurdich simmerdeis eltse jûn yn Deadwood neispile.

Neisleep fan 'e moard

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

McCall syn motyf foar de moard is ûnbekend. De wierskynlikste reden wie dat er in dei earder mei Hickok pokere hie, wêrby't er al syn jild ferlern hie. Hickok soe him doe oanbean hawwe om him genôch jild te jaan sadat er de moarns dêrop teminsten it brea-iten betelje koe, wat McCall opfette as in delbûgende opmerking dy't foar him sâlt yn 'e wûne wie. Doe't er nei de moard berjochte waard, bewearde McCall lykwols dat er Hickok fermoarde hie út wraak, om't Hickok earder syn broer deade hie. Dat liket op it earste gesicht in optocht ferlechje, mar by neier ynsjen soe it wier wêze kinne, mei't it bekend is dat in Lew McCall yn Abilene troch in marshal deasketten is, hoewol't net oerlevere is oft dyselde in broer hie of wa't de marshal wie. In trêde mooglike motyf, dat by McCall syn twadde rjochtsaak oppenearre waard, wie dat er foar de moard ynhierd wie troch lju dy't it mei de wet net sa nau namen en dy't benaud wiene dat Hickok yn Deadwood oansteld wurde soe as marshal.

It grêf fan Wild Bill Hickok.

Yn Deadwood waard nei de moard op Hickok in saneamde 'goudsikerssjuery' gearroppen, in ad hoc-rjochtbank fan pleatslike goudsikers en ûndernimmers, dy't nei in rjochtsaak fan twa oeren besleat om McCall frij te sprekken fan moard. De haadredakteur fan 'e Black Hills Pioneer skreau yn reäksje dêrop: "Mochten wy ea it ûngelok hawwe om in man te deadzjen [...] dan soene wy ienfâldichwei freegje om berjochte te wurden yn 'e goudsikerskampen fan dizze heuvels." Letter gie it ferhaal dat Calamity Jane in lulke kliber folk oanfierd hie dy't drige McCall te lynchen, mar doe't Hickok stoar, waard Jane fêstholden troch de militêre autoriteiten, dat dat kin net wier wêze. Likegoed ferdie McCall gjin tiid mear yn Deadwood, en sette er nei syn frijspraak daliks ôf nei Wyoming.

Doe't er dêr opspriek dat er Wild Bill Hickok deasketten hie, waard er lykwols op 'e nij oppakt en moast er foar de twadde kear foar de rjochter komme. Normaal sprutsen kin immen yn 'e Feriene Steaten net twaris foar itselde misdriuw berjochte wurde; soks hjit double jeopardy, en dêr binne wetten tsjin. Mar yn dit gefal wie Deadwood in stedsje dat offisjeel noch net bestie, mei't it troch goudsikers yllegaal op grûn boud wie dy't offisjeel eigendom fan 'e Lakota wie. Sjuery noch útspraak fan 'e berjochting yn Deadwood waarden dêrom troch de Amerikaanske autoriteiten erkend. McCall waard oerbrocht nei Yankton, de doetiidske haadstêd fan it Territoarium Dakota, dêr't in nije, offisjele rjochtsaak úteinsette. Lorenzo Butler, in broer fan Hickok, reizge út Illinois dêrhinne ôf en spriek nei ôfrin fan 'e berjochting mei McCall, dy't neffens him net it minste teken fan berou joech. Diskear waard McCall skuldich befûn oan moard, en krige er de deastraf oplein. Hy waard op 1 maart 1877 ophongen, en neitiid begroeven op it roomske begraafplak fan Yankton. Doe't dat yn 1881 mei liken en al nei in nije lokaasje ferpleatst waard, dobbe men ek McCall wer op, dy't oantroffen waard mei de strûp noch om 'e hals hinne.

Begraffenis en grêf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Charlie Utter, in freon fan Hickok, easke Hickok syn stoflik omskot op, dat er op 3 augustus om 15.00 oere middeis begrave liet op it pleatslike begraafplak. Hast alle ynwenners fan Deadwood wiene dêrby oanwêzich. Utter liet in houten grêfsark op it grêf pleatse mei dêryn de tekst kurven:

"Wild Bill, J.B. Hickock [sic] deade troch de moardner Jack McCall yn Deadwood, yn 'e Black Hills, 2 augustus 1876. Pard [koart foar pardner, in Amerikaansk-Ingelske ferbastering fan partner], we sille inoar wer sjen op 'e lokkige jachtgrûnen en nea wer ôfskie hoege te nimmen. Farwol, Colorado Charlie, C.H. Utter."

Hickok lei begroeven op Ingelside, it oarspronklike begraafplak fan Deadwood. Dat rekke neitiid gau-eftich fol, en yn 1879, op 'e dei ôf trije jier nei de begraffenis, betelle Utter om it lyk fan Hickok opdobje en werbegrave te litten op it nije begraafplak Mount Moriah. Hy wie dêr sels by oanwêzich, en stelde fêst dat hoewol't it stoflik omskot folslein preservearre wie, de balseming net goed útfierd wie. Fan gefolgen hie kalsiumkarbonaat út 'e grûn it fleis ferfongen yn in proses fan ferstienning. Ien fan 'e deagravers, Joseph McLintock, skreau neitiid in detaillearre ferslach fan 'e werbegraffenis, wêryn't er opnaam dat er mei in houten stôk it hiele lyk bekloppe hie, mar nearne sêft weefsel fine kinnen hie. Hy rûsde dat it lyk wol 180 kg weage hie. In oare deagraver, William Austin, hold it op 230 kg. De werbegraffenis wie sadwaande in hiele put.

In dime novel oer Wild Bill Hickok.

Ek de oarspronklike houten sark waard nei it nije grêf oerbrocht, mar tsjin 1891 wie dêr sawat neat mear fan oer om't sûvenirjagers der oanhâldend lytse stikjes fan ôfbrieken. Dêrom waard it doe ferfongen troch in stiennene grêfsark, dy't krektsa ferneatige waard troch itselde slach folk, wêrnei't yn 1902 in libbensgrut sânstiennen stânbyld fan Hickok op it grêf pleatst waard. Dat waard ek slim skeind, wat reden wie om der in izerne koai omhinne te bouwen. Dy waard yn 'e 1950-er jierren iepensnien mei swier ark, wêrnei't it hiele stânbyld ûntfrjemde waard. Tsjintwurdich stiet der in 3 m hege grêfstien mei in búste fan himsels op Hickok syn grêf, omjûn troch in stevich smei-izeren stek. Deunby stiet in monumint foar Hickok.

Njonken Hickok leit Calamity Jane begroeven. Neffens it ferhaal soe dat har lêste winsk west hawwe. Fjouwer leden fan 'e selsbeneamde kommisje dy't Jane har begraffenis berêde (Albert Malter, Frank Ankeney, Jim Carson en Anson Higby) ferklearren jierren letter lykwols dat, om't Hickok by syn libben "alhiel neat" fan Jane witte woe, it harren in moaie postume grap talike hie om har njonken him te begraven, sadat se yn 'e dea ûnskiedber wiene.

Der is neitiid sa'n soad oer Wild Bill Hickok skreaun, dat it dreech is om oangeande syn libben feit en fiksje te ûnttiizjen. Hickok wie de earste held fan 'e dime novel, de iere westernroman, en woeks út ta in kultureel ikoan fan it Wylde Westen, krekt as ûnder oaren Wyatt Earp, Davy Crockett, Calamity Jane, Sittende Bolle, Buffalo Bill Cody en Billy the Kid. Yn 'e dime novels waarden Hickok syn eksploaten presintearre yn heroyske foarm, wat him in statuer joech dy't mear as libbensgrut wie. Yn wurklikheid wiene de measte ferhalen oer him skroomlike oerdreaun of hielendal út 'e tomme sûgd, itsij troch de ûnderskate auteurs fan sokke romantsje, itsij troch Hickok sels.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.