Renga
De renga (連歌) is in fan oarsprong Japansk keatlingdicht, ornaris skreaun troch in groep fan dichters. Troch it werhellen fan twa fersfoarmen ûntstiet in gedicht twa oant hûndert fersen. De ynteraksje tusken dichters soarget foar fariaasje fan bylden, wat de renga in tige libben karakter jaan kin. De oarspronklike Japanske foarm skriuwt rigellangten foar yn moren, mar de Westerske foarm telt de wurdlidden.
Tan-renga
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tan-renga (短連歌), wat oerset wurde kin as koart keatlingdicht is de koartste foarm: in koart gedicht dêr de parten fan ferbûn binne troch assosjaasje. De renga is nei de foarm gelyk oan in tanka, mar wurdt troch twa dichters skreaun. De earste skriuwt in hokko, in begjinfers, fan 5-7-5wurdlidden, deselde foarm as de haikû. De twadde skriuwt in waki, in ferfolchfers, mei deselde gedachte of itselde gefoel, mei 7-7 wurdlidden. Sa ûntstiet in poëtykse dialooch yn twa fersen. Dizze koarte foarm in tige gaadlik as yntroduksje yn it dichtsjen fan in renga.
Nijuin-renga
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De nijuin-renga is in wat langere renga-foarm, mei 20 fersen, ôfwikselend 5-7-5 en 7-7. Njonken de bân tusken de fersen moat der by dizze gruttere renga ek feroaring wêze; elts fers moat eat tafoege dat nij is, foar dy renga. Yn in nijuin-renga hat it tredde fers oarnaris in ferwizing nei de Moanne; it foarlêste fers hat in ferwizing nei in blom en earne yn it gedicht moat leafde foarkomme, as in tema dat almeast twa as trije fersen duorret.
Kasen-renga
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kasen-renga (歌仙) hat 36 fersen. Elts los fers is dêrby de omskriuwen fan in konkrete sitewaasje, mar it trochgean soarget foar tema's en sfear. Njonken de bysûndere fersen dy't ek yn de nijuin-renga foarkomme is der noch in twadde blommefers. By de kasen-renga wurdt de hokko as mooglik skreaun troch in earegast, dy't sa de sfear fan de renga sette kin. De waki dy't dêr oanfêst komt, de wakiku, wurdt skreaun troch dejinge dy't de renga organisearre hat.
Hyakuin-renga
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hyakuin-renga (百韻連歌), wat oerset wurde kin as hûndert fers keatlingdicht, is de âldste foarm fan de renga, mei hûndert fersen. Oars as by de oare foarmen hat dizze in ôfwikende foarm foar de ageku, it slotfers. It slotfers hat in bysûndere funksje by de renga, omdat it de ein foarmje moat fan de keatling. By de hyakuin-renga hat de ageku 9-9 wurdlidden.