Rampefilm
In rampefilm is in film oer in ramp dy’t kommendeweis is of geande is, lykas fulkaanútbarstings, brannen, nukleêre rampen, sykten, ierdbevings ensafuorthinne.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn rampefilms spylje gauris in soad akteurs (faak grutte stjerren) en sitte mear ferhaallinen. Kwa ferhaal binne rampefilms ûnder te ferdielen yn trije groepen:
- De earste groep befettet films dêr’t alles yn draait om in ramp op kommendewei. Yn dy films is de wichtichste plot faak dat se besykje de ramp te kearen of har der sa goed mooglik op ta te rieden (bygelyks Armageddon).
- De twadde groep giet om films dêr’t hast de hiele film of in grut part derfan him ôfspilet ûnder de ramp. Dêryn is de wichtichste ferhaalline dat se besykje dy ramp te oerlibjen (bygelyks Dante's Peak).
- De tredde groep befettet films dêr’t de ramp al frij gau yn de film of sels foar’t dy begjint syn beslach krijt, wêrnei’t de rest fan it ferhaal giet om hoe’t se mei de gefolgen fan de ramp omgeane (bygelyks I Am Legend).
Meastal stjert op syn minst ién haadpersonaazje, en in soad fan de oare personaazjes.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rampefilms binne al sawat sa âld as it filmmedium sels. De film Intolerance (1916) fan D.W. Griffith befettet eleminten fan in ramp, krekt as de films út de tritiger jierren San Francisco (ierdbeving) en In Old Chicago (brân). It sjenre sloech foar master op yn de santiger jierren, nei it súkses fan Airport. Films út dy tiid binne ûnder oare The Poseidon Adventure, The Towering Inferno en Earthquake.
In koarte weroplibbing krige de guit yn de midden fan de njoggentiger jierren, doe’t spesjale effekten rampen mei mear spektakel mooglik makken. Yn 1996 mong Independence Day in sciencefictiontema (bûtenierdske ynfaazje) mei rampefilmeleminten. Fierder folgen Twister, Daylight, Volcano, Dante's Peak en de twa meteoritefilms Armageddon en Deep Impact. Yn 1997 ferskynde ek de film Titanic.
Soarten rampen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsaken fan de rampen kinne ûnderskaat wurde yn de folgjende kategoryen:
- Natoerrampen op ierde:
- Natoerrampen mei bûtenierdsk ûnheil:
- Ungemakken mei technyk lykas bewegend reau en masines:
- Epidemyen fan syktes en firussen:
Gefolgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gefolgen kinne ferskaat wêze.
- Sa kinne minsken opsletten sitte yn in bouwurk:
- Of yn in transportmiddel:
- Ek hiele mienskippen kinne yn de problemen komme: