Springe nei ynhâld

Polyandry

Ut Wikipedy
Draupadi, in keninginne út it Sanskrityske epos Mahābhārata, mei har fiif manlju, de Pandava's.

Polyandry (fan it Grykske πολυ-, poly-, "in protte", en ἀνήρ, aner, "man") is in foarm fan polygamy wêrby't in frou troud is mei mear as ien man tagelyk. Oarsom, as in man troud is mei mear as ien frou tagelyk, sprekt men fan mearwiverij of polygyny. Polyandry is folle seldsumer as polygyny. Yn 'e Ethnographic Atlas út 1980 waarden mar 4 maatskippijen teld dêr't polyandry foarkaam, tsjin 186 dêr't (binnen it houlik) inkeld monogamy foarkaam, 453 dêr't njonken monogamy soms ek polygyny foarkaam, en 588 dêr't polygyny in protte foarkaam. Lykwols is polyandry ek wer net sa seldsum as dy sifers suggerearje, want resinter ûndersyk hat polyandry fêststeld yn nochris 50 maatskippijen dêr't it troch de Ethnographic Atlas oer de holle sjoen wie. Yn 'e breedste sin kin mei de oantsjutting polyandry ek ferwiisd wurde nei seksuële relaasjes fan in frou mei mear as ien man tagelyk bûten it houlik.

Omstannichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Saakkundigen ornearje dat polyandry faker foarkomt yn maatskippijen dêr't natuerlike helpboarnen krap binne, mei't it in maatskiplik akseptabele manear wêze kin om sawol befolkingsgroei as bernestjerte te beheinen. Beheining fan 'e befolkingsgroei wurdt dêrby feroarsake troch it simpele feit dat in frou net nochris swier reitsje kin as se it al is. Dus as se twa manlju hat, sette dy by har yn prinsipe likefolle bern oan as hie se mar ien man. En trochdat in húshâlding twa (of mear) heiten omfettet, is der ek twaris (of mear) safolle ynkommen, wat bern in bettere kâns jout om te oerlibjen. Dat polyandry yn sokke maatskippijen net inkeld foarkomt yn earmoedige fermiddens, mar ek by de boppeklasse, hat te krijen mei kulturele omtinkens.

Sa is it by beskate folken yn 'e Himalaya bygelyks wenst dat twa of mear bruorren mei deselde frou trouwe, in kultureel ferskynsel dat te krijen hat mei 'dielbere heitesteat', it dêre libjende leauwe dat in bern mear as ien biologyske heit hawwe kin. Fierders spilet ek de krappens fan bebouber lân mei: troch it trouwen fan alle bruorren út in húshâlding mei ien frou giet it lân fan 'e húshâlding yn syn gehiel oer nei de folgjende generaasje. As eltse broer in eigen gesin stifte, soe it lân opspjalten wurde moatte yn lytse hoekjes dêr't nimmen fan libje koe. Om't dat lêste omtinken foar harren net spile, kaam polyandry yn it Noardyndiaaske Ladach foarhinne minder foar by earme lju dy't sels gjin grûn yn eigendom hiene. Itselde probleem waard yn 'e Midsiuwen yn Jeropa oplost troch inkeld de âldste soan ervje te litten, wylst de jongere bruorren gauris selibatêre mûntsen waarden of (benammen yn Skotlân en Switserlân) út 'e foarâlderlike lânsdouwe weiteagen as hierlingen.

Polyandry kaam al yn 'e Aldheid foar, en nei't men oannimme mei ek yn 'e prehistoarje. Ien fan 'e âldste ynskripsjes dy't oangeande dizze praktyk oerlevere is, beskriuwt de herfoarmings dy't yn Sûmearje trochfierd waarden ûnder it bewâld fan kening Oerûkagina fan Lagasj, dy't omtrint 2300 f.Kr. libbe. Ien fan 'e fernijings wie in ferbod op polyandry op straffe fan stienniging fan froulju dy't mei mear as ien man trouden. Polyandry waard yn 'e Aldheid ek bedreaun troch de Wite Hunnen, dy't har út Mongoalje ferspraten nei Perzje en dêr in ryk stiften.

Yn modernere tiden waard oan polyandry dien troch de Gûantsje, de oarspronklike bewenners fan 'e Kanaryske Eilannen (dêr't beboubere grûn ek krap wie). Fierders kaam it foar yn guon pre-koloniale maatskippijen yn Polyneezje, lykas dy fan 'e bewenners fan 'e Marquesaseilannen, al wie it dêr nei alle gedachten beheind ta froulju út 'e heechste maatskiplike klassen. Yn 'e njoggentjinde iuw wie polyandry de noarm by de Aleoeten fan 'e Aleoeteneilannen en de Inûyt fan noardlik Kanada. Yn it lêst fan dy iuw kaam it noch foar mank de Giljaken fan Sachalin, en yn 1937 wie it noch frij algemien by de Kanaken fan Nij-Kaledoanje.

Tsjintwurdich is polyandry benammen bekend fan 'e etnyske Tibetanen fan Tibet en oangrinzgjende kriten yn Sina. Foarhinne wie it dêr tige algemien, en in ûndersyk troch de Universiteit fan Tibet út 1988 ûnder 753 Tibetaanske húshâldings stelde fêst dat it doe noch altyd troch 13% fan 'e befolking bedreaun waard. It komt ek noch foar by beskate oare etnyske groepen yn 'e Himalaya-lannen Nepal en Bûtan en yn noardlik Yndia. Sa is it noch tige wiidferspraat ûnder de Sjerpa's. Oare foarbylden fan folken dy't oan polyandry dogge, binne de Toda fan súdlik Yndia, de Mosûo fan súdwestlik Sina (dy't trouwens ek oan polygyny dogge), de Masai fan súdlik Kenia en noardlik Tanzania, en de Soé yn Brazylje.

Religieuze hâldings foar polyandry oer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it hjoeddeistige hindoeïsme kin gjin sprake wêze fan polyandry, mar yn it âlde en wrâldferneamde hindoeïstyske epos Mahābhārata spilet keninginne Draupadi in rol, dy't mei de fiif Pandava-bruorren troud is. De tekst sels bliuwt neutraal oer dat feit, mar der wurde noch twa oare gefallen fan polyandry yn neamd (Jatila dy't troud is mei sân bruorren en Pracheti dy't troud is mei tsien bruorren), wat suggerearret dat der yn 'e Aldheid yn it hindoeïsme in iepener hâlding foar polyandry oer bestie.

Yn 'e Tenach, de Bibel fan it joadendom, wurde gjin foarbylden fan polyandry jûn, mei't it ferskynsel yn 'e joadske kultuer ûnbekend wie, mar de omskriuwing fan oerhoer makket op net mis te fersteane wize dúdlik dat de praktyk foar joaden ûntalitber is.

It kristendom set fan âlds sterk yn op it monogame houlik. In passaazje út 'e Brieven fan Paulus (1 Korintiërs 7) kin ynterpretearre wurde as in ferbod op polyandry. By de mormoanen, dy't yn 'e njoggentjinde iuw oant 1890 polygamy preken, kaam benammen mearwiverij foar. Nettsjinsteande dat bestiene der ier yn harren skiednis wol deeglik ek ferskate polyandryske houliken, al wiene dy folle seldsumer as polygyne houliken.

Yn 'e islaam, dy't manlju tastiet om mei maksimaal fjouwer froulju te trouwen, is polyandry lykwols strang ferbean. It ferskynsel kaam wol yn pre-islamityske Arabyske kultueren foar, en wurdt sadwaande yn 'e islaam noch altyd sterk assosjearre mei heidendom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.