Springe nei ynhâld

Strjitte fan Makassar

Ut Wikipedy
Strjitte fan Makassar
geografy
type wetter seestrjitte/rânesee
lokaasje tusken Borneo en Selebes
lân Yndoneezje
ûnderdiel fan Selebessee
sifers
maks. breedte >200 km

De Strjitte fan Makassar is in seestrjitte tusken de Yndonezyske eilannen Borneo en Selebes. De Strjitte fan Makassar is de ferbining tusken de Selebessee yn it noarden en de Javasee yn it suden en is in wichtige skipfeartrûte, benammen foar skippen dy't te grut binne om troch de Strjitte fan Malakka

De seestrjitte is neamd nei de havenstêd Makassar op Selebes. Oare havens oan dit wetter binne Balikpapan en Palu. De Mahakam rivier op Borneo mûnet yn de Strjitte fan Makassar.

Yn 1942 spile de Slach yn de Strjitte fan Makassar him hjir ôf.