Springe nei ynhâld

Studio F

Ut Wikipedy

Studio F is de namme fan de learmetoade Frysk foar it basisûnderwiis dy't yn 2006 út kaam. De metoade hat trije parten:

  • lesboeken
  • telefyzje-útstjoerings
  • webside

Studio F is de earste folsleine lesmetoade Frysk foar it basisûnderwiis (folslein útfierd yn kleur en ek dat is foar it earst). Mei de metoade kin lesdifferinsjaasje tapast wurde. Foar elke groep is der in basisboek en dêrby heart in wurkboek. Dy wurkboeken binne op fjouwer nivo's skreaun sadat elke learling op syn eigen nivo oan it Frysk wurkje kin. De basisboeken binne tematysk fan opset. Dy opset is foar alle groepen (fan groep 4 oant en mei 8) itselde. Oan de oarder komme: Feest, Natoer, Taal, Tiid, Technyk, Keunst, Omjouwing en Sport.

Omrop Fryslân makket de skoaltelefyzje-útstjoerings dy't by de tema's oanslute.

Op de webside fan Studio F kinne bern bydragen kwyt. Ek is dêr in soarte fan Guinness book of records.

Yn 2007 wurdt noch wurke oan materiaal foar de groepen 1 oant en mei 3.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Webstee Studio F