Slach by Salamis
De Slach by Salamis wie in seeslach en gie tusken de Grykske stêdsteaten en Perzje. De seeslach fûn plak yn septimber 480 f.Kr. yn de seenaute tusken Piraeus en it eilân Salamis.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tidens de Twadde Perzyske Oarloch krige Temistokles, de Grykske oerbefelhawwer yn 'e gaten, dat de Perzen noch lang net foargoed ferslein wienen nei de oerwinning behelle by Maraton. De Griken besleaten dêrom in grutte fleat bouwe te litten, dat sy betellen mei jild dat fertsjinne waard mei de mynbou. Fierders soargen sy der ek foar dat de Grykske roeiers goed treend wienen om de skippen te foarsjen fan snelheid. Doe't de Griken ree wienen wachten sy yn in lytse baai by Salamis op harren tsjinstanners.
De seaslach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It leger fan de Perzen wie yn it foardiel, omdat sy in gruttere fleat hienen en oer mear manlju beskikten. Mar de Griken, dy't oanfold waarden, fochten foar harren frijheid en wienen nei alle gedachten in stik fanatiker.
Temistokles hie in tûk plan makke om de Perzen foar de gek te hâlden. Hy stjoerde in soldaat nei de Perzyske kening Kserkses I dy't him foardie as oerrinner en bewearde dat de Griken fia de smelle Strjitte fan Megara besochten te flechtsjen. De Griken leinen yn werklikheid te wachtsjen yn de baai by it eilân Salamis. Kserkses skiede dêrop syn fleat yn twaen en stjoerde beiden der op út, de iene helte soe de Grykske fleat opwachtsje by de Strjitte fan Megara, de oare moast fia Salamis de Griken fuortjeie. No't de Perzyske fleat yn twaen skieden wie koenen de Grieken de Perzen folle makliker oan. Boppedat wienen sy yn it foardiel trochdat de Perzen der net op betocht wienen.
Doe't de Perzyske fleat de baai fan Salamis by del farde, foelen de Griken oan en ferneatigen de skippen fan de Perzen. Dêrnei foelen sy de oare helte fan de Perzyske fleat oan. Allinnich in lyts eskader koe op tiid fuortkomme. Dat wienen 5 skippen ûnder befel fan admiraal-keninginne Artemisia fan Karye yn Lyts-Aazje. Yn it nau dreaun troch de Griken foelen sy in Perzysk skip oan. De Griken holden har foar in bûnsmaat en lieten har gewurde. Hjirtroch koenen sy flechtsje.
Neidat er de slach ferlern hie luts de Perzyske kening him foargoed werom út Grikelân en de rest fan it Middellânske See-gebiet.
Boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Herodotus, Historiën VII.