Skotske sniehin
Skotske sniehin | ||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||||
| ||||||||||||||
ûndersoarte | ||||||||||||||
Lagopus lagopus scotica | ||||||||||||||
Latham, 1787 | ||||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||||
De Skotske sniehin (wittenskiplike namme: Lagopus lagopus scotica, foarh. Lagopus lagopus scoticus) is in ûndersoarte fan 'e moerassniehin (Lagopus lagopus). Dat is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e sniehinnen (Lagopus). Nettsjinsteande syn namme komt de Skotske sniehin net inkeld yn Skotlân foar, mar yn ferskate dielen fan 'e Britske Eilannen. Hy ûnderskiedt him benammen fan oare ûndersoarten fan 'e moerassniehin toch in readbrún fearrekleed dat winterdeis deselde kleur hâldt (en dus net ferfearret ta in wite skutkleur). De Skotske sniehin is in wichtige fûgel foar de jacht. It is ek it logo fan it whiskymerk The Famous Grouse ("De Ferneamde Sniehin") en spilet yn animearre foarm in rol yn 'e reklamespotsjes foar dat produkt. Fierders is de Skotske sniehin it embleem fan it ornitologyske tydskrift British Birds. De IUCN klassifisearret de Skotske sniehin as net bedrige.
Taksonomy en nammejouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Skotske sniehin waard foarhinne rûnom beskôge as in selsstannige soarte, mar wurdt tsjintwurdich oer it algemien sjoen as in ûndersoarte fan 'e moerassniehin (Lagopus lagopus). Lang waard de wittenskiplike namme misstavere as Lagopus lagopus scoticus, fanwegen it misferstân dat de lêste beide letters fan Lagopus in manlike útgong oanjouwe. Yn it Latyn hie dat ek grif sa west, mar Lagopus is Aldgryksk en betsjut "hazzepoat", ferwizend nei de befearre poaten fan 'e sniehinnen. It lêste diel is sadwaande in latinisearring fan it Grykske πους, pous, dat "poat" betsjut. Dat is in froulik wurd, en it eigenskipswurd dat derop folget, moat dêrom ek froulik wêze, dus waard it Lagopus lagopus scotica.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Skotlân komt de Skotske sniehin yn hast it hiele lân foar, de measte ôfhandige eilannegroepen ynbegrepen, lykas de Bûtenste Hebriden, de Orkney-eilannen en sels de Sjetlâneilannen. De fûgel ûntbrekt inkeld yn tichtbefolke gebieten, lykas de kriten om Glasgow en Edinburgh hinne.
Oars as de namme liket oan te jaan, is de Skotske sniehin yn syn fersprieding net inkeld beheind ta Skotlân. Hy komt ek foar yn noardlik Ingelân: yn Kumbria, Noardumberlân, it greefskip Durham, it meastepart fan Yorkshire en it Penninysk Berchtme. Yn súdwestlik Ingelân libbet in isolearre populaasje op 'e heide fan Dartmoor, yn Devon. In oare isolearre populaasje op 'e heide fan Exmoor, yn itselde greefskip, liket no útstoarn te wêzen. In yntrodusearre populaasje yn Suffolk, yn it súdeasten fan Ingelân, stoar tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw út, en in oare yntrodusearre populaasje op Cannock Chase yn Staffordshire yn 'e rin fan dy iuw.
Yn Wales komt de Skotske sniehin foar yn bercheftige kriten, mei as wichtichste bolwurken Snowdonia yn it noarden, it Kambrysk Berchtme yn it easten en de Brecon Beacons yn it suden. Yn it súdeasten rint it ferspriedingsgebiet troch nei Shropshire, oer de grins mei Ingelân. Op it eilân Man, yn 'e Ierske See, is de Skotske sniehin konsintrearre yn it heuvelige suden. Yn Ierlân en Noard-Ierlân is de fersprieding fersnipele, mei ferskate wichtige isolearre populaasjes yn it westlike greefskip Mayo, op it plato fan Antrim yn it noarden, en yn it Slieve Bloomberchtme yn sintraal Ierlân en it Knockmealdownberchtme yn it suden. Der libbet ek noch altyd in lytse isolearre populaasje besuden Dublin.
Oan it begjin fan 'e 1890-er jierren waarden der troch de rike Dútske tekstylfabrikant Scheibler út Monschau mear as 70 briedpearen fan 'e Skotske sniehin as eksoat yn it wyld útset yn it doe ta it Keizerryk Dútslân hearrende Hege Feanen, in diel fan 'e saneamde Eastkantonnen, dy't nei de Earste Wrâldoarloch by Belgje kamen te hearren. Al yn 1904 koene trije jagers dêre op ien dei 40 fûgels sjitte. It bestân yn dy krite waard doe op 1.000 Skotske sniehinnen rûsd. Yn 1911 rekke it mei de yntrodusearre populaasje yn it neigean troch in grutte feanbrân en fan it oerbleaune bestân sette tsjin 1930 in grutte weromgong yn. Tusken 1960 en 1962 kamen se yn it gebiet inkeld noch yn foar op it Sinjaal fan Botrange (in heuveltop), mar tsjin it begjin fan 'e 1970-er jierren wiene se folslein weiwurden.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De reade sniehin ferskilt kwa grutte en gewicht net fan 'e oare ûndersoarten fan 'e moerassniehin. Hy hat in kop-sturtlingte fan 35–44 sm, in wjukspanne fan 60–65 sm en in gewicht fan 430–810 gram. Der bestiet tusken hoannen en hinnen net folle seksuele dimorfy wat grutte en gewicht oangiet.
It fearrekleed fan 'e Skotske sniehin is fel readbrún, wat de reden is foar de Ingelske namme foar de fûgel, red grouse ("reade sniehin"). Dat is in grut ferskil mei oare ûndersoarten fan 'e moerassniehin, dy't brún binne. In oar wichtich ûnderskie is dat de Skotske sniehin hjerstmis by it ferfearjen syn readbrune kleur hâldt, wylst de oare ûndersoarten dan in wyt winterkleed krije om yn it winterhealjier in skutkleur te hawwen. De sturt fan 'e Skotske sniehin is swart en hy hat wite streken oer de ûnderkant fan 'e wjukken. Boppe de eagen sitte healrûne reade kammen, dy't wol wynbrauwen lykje.
De hinnen fan 'e Skotske sniehin hawwe minder rodzige fearren as de hoannen en ek de eachkammen binne by harren minder opfallend. Healwoeksen eksimplaren binne fealer fan kleur en hawwe hielendal gjin kammen boppe de eagen. Skotske sniehinnen fan 'e populaasjes op it eilân Ierlân binne wat bleker fan kleur as dy op it eilân Grut-Brittanje, en de hinnen hawwe in wat nei gielens útskaaiend fearrekleed dat op 'e bealch fyn streekbûnt is. Soms wurde de Skotske sniehinnen út Ierlân op basis fan dat ûnderskie beskôge as in aparte ûndersoarte fan 'e moerassniehin: de Ierske sniehin (Lagopus lagopus hibernica).
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Skotske sniehin libbet benammentlik yn heide- en heechfeangebieten, en teffens op kealige heuvel- en berchskeanten.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Skotske sniehin kin op it gehoar identifisearre wurde oan syn rop "tsjat-tsjat-tsjat-tsjat-tsjat-tsjat!" of oan 'e fokalisaasje dy't Ingelsksprekkers ynterpretearje as "goback-goback-goback!" (letterlik: "geanwerom-geanwerom-geanwerom!")
Hoannen en hinnen fan 'e Skotske sniehin foarmje hjerstmis pearkes, dy't de hiele winter troch byinoar bliuwe. De hoannen wurde yn dy snuorje wat langer wat mear territoriaal. De peartiid falt yn april en maaie. De hin skrabet yn 'e grûn in ûndjip dobke út mei in diameter fan 20 sm, dat beklaaid wurdt mei fegetaasje. Dat docht tsjinst as nêst foar de 6–9 aaien dy't se nei de pearing leit. De aaien hawwe in fealgiele grûnkleur en binne swier bespikkele mei dûnkerbrune plakjes.
De briedtiid duorret 19–25 dagen. De pykjes binne nêstflechters, dy't koart nei't se út it aai kommen binne, it nêst al ferlitte kinne. Under tafersjoch fan 'e hin sykje se fan dy tiid ôf op eigen manneboet har kostje al byinoar. Mei 12–13 dagen kinne de piken fleane en mei 30–35 dagen binne se folwoeksen.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Skotske sniehin is foar it meastepart in herbivoar, dy't benammentlik blêden, sied en blommen fan heideplanten fret. Ek fret er wol beien en nôt en soms follet er syn menu oan mei ynsekten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Skotske sniehin hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Yn totaal wurdt it bestân op 250.000 briedpearen rûsd, wêrfan mar 1.000 oant 5.000 yn hiel Ierlân.
De Skotske sniehin is fral yn it Feriene Keninkryk foar de jacht ien fan 'e wichtichste fûgels en wurdt elts jier yn grutte oantallen ôfsketten. It jachtseizoen foar Skotske sniehinnen begjint tradisjoneel op 12 augustus, in dei dy't bekend stiet as de Glorieuze Tolfde. Der bestiet gâns konkurrinsje tusken foaroansteande Londenske restaurants om op 'e jûn fan dy deis farsk sketten Skotske sniehin oan 'e gasten foar te setten. Dêrfoar wurde de fûgels halje-trawalje mei loftferfier fan 'e jachtgebieten nei Londen ta brocht.
Populaasjes fan 'e Skotske sniehin fertoane in periodike syklus, wêrby't se oanwinne oant in tige hege populaasjedruk om dan nei in pear jier yn te stoarten, wêrnei't de opbou op 'e nij begjint. De wichtichste oarsaak fan dat rûngeande patroan is neffens de measte saakkundigen in parasitêre rûnwjirm, Trichostrongylus tenuis. Yn syn boek Evolution through Group Selection út 1986 skreau V.C. Wynne-Edwards lykwols dat de primêre reden foar de periodike hege stjerte yn populaasjes Skotske sniehinnen de (ûn)beskikberens fan fretten is, en dat 'sniehinnesykte' feroarsake troch Trichostrongulus tenuis in foutive diagnoaze is fan 'e neiwurking fan sosjale bûtensluting.
Hoe dan ek, om 'e stân fan 'e ekonomysk wichtige Skotske sniehin tsjin 'e rûnwjirm te beskermjen, wurdt der sûnt likernôch it begjin fan 'e ienentweintichste iuw medisinaal behannele grit struid op plakken dêr't de fûgels foarkomme. Skotske sniehinnen hawwe it nammentlik foar de moade en slok stientsjes troch, saneamde gastroliten, dy't harren helpe by de spiisfertarring troch it iten yn 'e mage te pletten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Literatur, op dizze side.
|