Midlum (Reiderlân)
Midlum | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Jemgum | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 295 30 juny 2015 | |
Oerflak | 7,42 km² | |
Befolkingsticht. | 40 ynw./km² | |
Hichte | 1 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 26844 | |
Koördinaten | 53° 17′ 1″ NB, 7° 22′ 18″ EL |
Midlum is in doarp yn de gemeente Jemgum yn de Eastfryske lânkring Lier. Yn 2015 hie it doarp 295 ynwenners op in oerflak fan 7,42 km². Hy is it tredgrutste doarp yn Jemgum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It terpdoarp oan de Iems ûnstie likernôch om it begjin fan de jiertelling hinne. It âldste gebou is de romaanske tsjerke fan Midlum út ± 1200. De tsjerke hat in histoarysk oargel fan Hinrich Just Müller. Njonken de tsjerke stiet faaks de âldste Eastfryske klokketoer. De frijsteande toer stammet út de 13e iuw en is 14 meter heech. De toer hinget 6,74 graden út it lead en is dêrmei skever as de toer fan Pisa. Eins is it gjin echte toer om't syn hichte net in mearfâld is fan syn trochsneed. Sadwaande wint de toer fan Suurhusen it fan Midlum, dy't dêrom yn it Guinness Book of Records is opnommen.
Midlum hat in boarch hân. Dêrfan tsjûget in testamint út 1461 fan de haadling Wiard fan Oldersum en Uphusen. De boarch, dêr't neat mear fan werom te finen is, stie noardwestlik fan Midlum yn Burgstede.
Sûnt 1 jannewaris 1973 heart Midlum by de gemeente Jemgum.
Stienfabriken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas yn it hiele Reiderlân hie ek Midlum oant de jierren 1960 in stienfabryk. Fuort oan de Iems tsjûgje noch twa hege skoarstiennen fan de bloei fan de stienfabriken. Ien fan de fabriken waard foar in part restaurearre en is in museum.
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ziegelei Museum, Midlum
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Midlum (Reiderlân) fan Wikimedia Commons. |
- Beskriuwing fan Midlum yn it doarpsdatabank fan it Ostfriesische Landschaft
- Ziegeleimuseum yn Midlum
- Berjocht oer Midlum fan SAT1 op Youtube
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Helmut Anneessen (Hrsg.): Die Familien der Kirchengemeinde Midlum (1704–1900) (= Ostfrieslands Ortssippenbücher, Bd. 77; Deutsche Ortssippenbücher, Bd. A 414). Upstalsboom-Gesellschaft, Auwerk 2006, ISBN 3-934508-26-X.
- Anna Sophie Inden (tekst), Martin Stromann (foto's): Gottes Häuser im Rheiderland. Yn: Ostfriesland Magazin. 2/2015, SKN Druck und Verlag, Norden 2015, S. 48 ff.
- Hajo van Lengen: Geschichte des Emsingerlandes vom frühen 13. bis zum späten 15. Jh. (= Abhandlungen und Vorträge zur Geschichte Ostfrieslands. Band 53). Utjouwerij Ostfriesische Landschaft, Auwerk 1973, S. 250.
- H. Wilhelm H. Mithoff: Fürstenthum Ostfriesland und Harlingerland (= Kunstdenkmale und Alterthümer im Hannoverschen. Band 7). Helwing, Hannover 1880, S. 147.
- Otto Houtrouw: Ostfriesland: Eine geschichtlich-ortskundige Wanderung gegen Ende der Fürstenzeit. Dunkmann, Auwerk 1889, S. 265 f.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen, sjoch (Rheiderland) Einzelnachweise op dizze side. |
Jemgum | ||
---|---|---|
Haadplak: Jemgum | ||
Doarpen: Böhmerwold • Critzum • Ditzum • Hatzum • Holtgaste • Marienchor • Midlum • Nendorp • Oldendorp • Pogum | ||
· · |