Springe nei ynhâld

Mitsubishi G4M

Ut Wikipedy
Mitsubishi G4M
In Mitsubishi G4M2a Model 24 fan de 763e Kōkūtai
In Mitsubishi G4M2a Model 24 fan de 763e Kōkūtai
algemiene ynformaasje
rol Middelswiere (torpedo)bommesmiter, drager kamikazefleantugen
lân f. oarspr. Japan
makker Mitsubishi
ûntwerper Kiro Honjo
gebrûk
earste flecht 23 oktober 1939
yn tsjinst 2 april 1941
út tsjinst 1945
tal makke 2.435 (1939–1945)
grutste brûker Japanske Keizerlike Marineloftmacht
In formaasje G4M-50s
Leechfleanende USAAF Douglas A-20 Havoc falt in Japanske Mitsubishi G4M Betty oan yn Lae, Nij-Guinea, om 1943 hinne

De Mitsubishi G4M (alliearde koadenamme Betty [1]) wie in twamotorige, op lân basearre middelswiere bommesmiter dy 't eartiids produsearre waard troch Mitsubishi Aircraft Company, in ûnderdiel fan Mitsubishi Heavy Industries, dy't brûkt waard troch de Keizerlike Japanske Marine fan 1940 oant 1945. De G4M waard troch Japanske marinepiloaten meastentiids oantsjut as Hamaki ('sigaar', letterlik blêdrol) fanwegen de silindryske foarm fan de romp en om't er frij maklik yn'e brân fleach nei in treffer. Hy waard doedestiids beskôge as de bêste marinebommewerper dy't fan lân ôf operearre. Dat waard berikt troch syn strukturele lichtens en in hast folslein gebrek oan beskerming foar de bemanning, sûnder pânserbeplating of selstichtjende brânstoftanks. [2]

It is de meast produsearre en ferneamdste bommewerper dy 't troch de Japanners brûkt waard yn de Twadde Wrâldoarloch en it type die tsjinst yn hast alle gefjochten yn de oarloch yn de Pasifiskyske Oseaan. It fleantúch waard ek brûkt as memmeskip dat de Yokosinen MXY-7 Oka ferfierde, in spesjaal boud selsmoardwapen tsjin skippen yn de lêste jierren fan de oarloch.

It fleantúch, boud troch Mitsubishi, waard boud yn opdracht fan de Japanske marine foar de Japanske marine loftmacht. Neffens de plannen fan Mitsubishi soe it tastel eins útrist wurde mei fjouwer motoaren, mar de marine keas foar in twamotoarige ferzje. It bysûndere oan dizze bommewerper wie it grutte berik, mooglik makke troch tanks dy 't yn de wjukken yntegrearre wiene.

Nei syn earste flecht op 23 oktober 1939 waard de G4M yn maaie 1941 yn de Sineeske boargeroarloch foar it earst tige suksesfol ynset yn Súdeast-Sina.

De Mitsubishi G3M's en harren mear avansearre opfolger G4M's hiene har grutste sukses doe 't se it Britske slachskip HMS Prince of Wales en de slachkruser HMS Repulse te sink brochten mei pânsertrochboarjende bommen en torpedo's yn de wetters fan Maleizië op 10 desimber 1941, twa dagen nei de oanfal op Pearl Harbor.[3] It wie de earste kear dat kapitale skippen dy 't har aktyf ferdigenen inkeld troch in loftmacht ta sinken brocht waarden wylst se op iepen see wiene.

Goed 250 fleantugen wiene belutsen by de ynvaazjes fan de Filippinen en Maleizië. Nei de Slach om Guadalcanal yn augustus 1942 waard dúdlik dat de grutte, relatyf stadige en ûnpânsere fleantugen frij maklik yn 'e brân fleagen en delstoarten nei rekke te wêzen.

Neigeraden dat de oarlochssituaasje minder waard, waarden raids oerdeis praktysk ûnmooglik fanwegen de hege ferliezen, sadat allinnich noch nachtmissys útfierd waarden. Boppedat waard tsjin de ein fan de oarloch in spesjale ferzje fan de G4M brûkt as draachfleantúch foar de bemanne Yokosinen MXY-7 Oka, de saneamde 'kamikaze gliidbommen'.

De Mitsubishi G4M waard yn fjouwer haadferzjes makke, de G4M 1 Model 11, G4M 2 Model 22, G4M 3 Model 34 en de G6M 1. Der wiene ek in pear sub-ferzjes lykas de G6M 1-L2, dy 't ûntwurpen wie as transportfleantúch. Der waarden yn totaal 2435 tastellen boud, dêr't der oan de ein fan de oarloch noch mar sa'n 160 fan oer wiene.

Op 19 augustus 1945 waard de Japanske kapitulaasjedelegaasje yn twa G4M1 fleantugen ferfierd nei Ijima op de Ryūkyū-eilannen. De fleantugen wiene wyt skildere mei griene krusen as teken fan oerjefte.

Technyske gegevens G4M2

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Parameters Gegevens
Bemanning 5–7
Lingte 20,00 m
Spanwiidte 25,00 m
Fleugeloerflak 78,13 m²
Fleugellingte 8.0
Maks. fleugelbelêsting 197 kg/m²
Hichte 6,00 m
Oandriuwing twa 14-silinder-stjermotors Mitsubishi MK4P (Ha-32)21 Kasei 21
  • Start/Needfermogen 1.876 hk by 2.600/min tichtby de grûn
  • Gefjochtsprestaasje 1.703 hk by 2.500/min op 2.100 m
  • Gefjochtsprestaasje 1.561 hk by 2.500/min op 5.500 m
  • By krúsfaasje 1.278 hk by 2.300/min op 6.218 m
Heechste faasje 523 km/o op 6.096 m hichte

430 km/o tichtby de grûn

Fleanberik 5.295 km mei folle tank by 246 km/o op 457 m sûnder lading

3.750 km mei 5.674 l brânstof by 328 km/o op 457 m en 1.000 kg bommen

Tsjinstplafond 9.388 m
Brânstofkapasiteit 6.492 l (en 100 l. foar wetterynjeksje)
Gewicht leech 7.902 kg
Startgewicht 14.506 kg
Maks. startgewicht 15.009 kg
Bewapening twa 20-mm-kanonnen (270 patroanen it stik), fjouwer 7,7-mm-MGs (600 patroanen it stik)
Bomlading maks. 1000 kg

-De folgjende beladingsfarianten oan bommen koene ek:

  • 12 × 60 kg
  • 4 × 250 kg
  • 1 × 500 kg
  • 1 × 800 kg (bommen of torpedo)

[4]

  • Francis Crosby Bommenwerpers - geïllustreerd historisch overzicht van de ontwikkeling van de bommenwerper; Veltman Uitgevers, 2006

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Francillon, René J. (1969). Imperial Japanese Navy bombers of World War Two. Windsor (Berks.): Hylten Lacy Publishers. ISBN 0-85064-022-9. OCLC 199384
  2. Murphy, Justin D.; McNiece, Mathew A. (1979). Military Aircraft, 1919-1945: An Illustrated History of Their Impact. London: Putnam & Company Limited. s. 150–151. ISBN 1851094989.
  3. Joseph M. Horodyski, British Gamble In Asian Waters, Military Heritage Band 3, desimber 2001, siden 68–77
  4. Naval Intelligence (Hrsg.): Technical Air Intelligence Center Summary #7 Betty22 – G4M2. OPNAV-16-V #T107, 1 september 1944.