Springe nei ynhâld

Maria Montessori

Ut Wikipedy
Maria Montessori
Maria Montessori op in Italiaanske Lire

Maria Montessori (31 augustus 18706 maaie 1952) is betinker fan de Montessori-metoade, in ûnderwiis-fernijings-metoade.

Maria Montessori wie nei har skoalletiid begûn oan in stúdzje as yngenieur, letter keas se foar medisinen. Se wie dêrmei ien fan de earste froulike medisynstudinten fan Itaalje en yn 1896 waard se de earste froulike arts.

Yn augustus 1896, in moanne nei har ôfstudearjen waard Maria Montessori útkeazen om Itaalje te fertsjintwurdigjen op in ynternasjonaal frouljuskongres yn Berlyn. Har taspraak op it kongres waard tige entûsjast ûntfongen. Yn novimber 1896 kaam se yn it Santo Spirito sikehûs yn Rome. Se kaam dêr yn kontakt mei saneamde 'idioate' bern. Se ûntdekte dat dizze bern perfoarst net gek wienen, mar dat se totaal gjin boartersguod of learmiddels hienen om har te ûntwikkeljen. Se ferdjippe har yn de psychology en de pedagogy en ûntwikkele, ynspirearre troch it wurk fan de dokters Itard en Segui, sintúchlik ûntwikkelingsmateriaal.

Yn 1898 waard Maria Montessori direktrise fan in ynstitút dat nije learkrêften oplate foar geastlik beheinde bern. Twa jier letter waard sy learkrêft oan it Regio Instituto Superiore Femminile di Magistero, in hegeskoalle foar froulju yn Rome. Yn 1904 waard Maria Montessori beneamd ta heechlearaar yn de antropology oan de universiteit fan Rome, in learstoel dy't sy beklaaie oant 1916. Tagelyk skreau sy har yn as studint pedagogyk.

Yn 1907 krige se de mooglikheid om har ideeën yn de praktyk te bringen yn de earmoedige wyk San Lorenzo yn Rome. Dêr stifte sy har Case Dei Bambini, de bernetehuzen, wat it begjin fan de triomftochten betsjutte foar it Montessori-ûnderwiis. Yn 1915 gie Mario Montessori nei De Feriene Steaten. Foar de wrâldtentoanstelling yn San Fransisko waard in klaslokaal ynrjochte mei in glêzen muorre. Dêrefter koenen taskôgers mei eigen eagen sjen hoe't 21 bern oan de slach gongen mei de metoade fan Maria Montessori. It makke grutte yndruk op de minsken.

Montessori-ûntwikkelingsmateriaal

Yn 1916 sette se har ta wenjen yn Barselona, dêr't se oant 1936 bliuwe soe. Yn de tuskentiid hat se ek noch twa jier yn Itaalje west. Yn 1934 ferliet Maria Montessori Itaalje; Mussolini woe mear te sizzen hawwe oer lessystemen. Hy woe bygelyks skoalle-unifoarmen. Dat wie foar Maria Montessori net akseptabel. Fan de iene op oare dei hold it Montessori-ûnderwiis yn Itaalje op te bestean. Maria Montessori gie werom nei Barselona. Mar yn 1936 moast se dêr ek wer wei troch de Spaanske boargeroarloch. Se gie fan Spanje nei Ingelân. Dêr waard it Fiifde Ynternasjonaal Montessori-kongres hâlden. Sy prate dêr foar it earst oer it fuortset ûnderwiis en lansearret it Erdkinder-plan. Datselde jier noch, fêstige sy har yn Nederlân. Yn Nederlân stiet ek no noch it haadkertier fan de Montessori-beweging. Yn Laren waard in Montessori-skoalle iepene. Maria Montessori wie fan doel om dêr fiif moanne yn it jier les te jaan. Yn oktober 1939 ferliet sy Nederlân mei har soan Mario. Se gongen nei Yndia. Yn Yndia joech se in grut tal lêzings, organisearre troch de teosofyske beweging. Ek joech sy Montessori-kursussen oer de Montessori-metoade.

Troch it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich waard it in lange reis fan wol 6 jier. Yn 1946 kaam se werom nei Nederlân. Fjouwer jier letter waard se beneamd ta offisier yn de oarder fan Oranje Nassau. Ek krige se in earedoktoraat oan de Frije Universiteit.
Op 6 maaie 1952 kaam se te ferstjerren, in pear moanne foar har 82e jierdei. Maria Montessori waard beïerdige yn Noardwyk.