Max Weber
Maximilian Carl Emil (Max) Weber (Erfurt, 21 april 1864 – München, 14 juny 1920) wie in Dútske ekonoom, skiedkundige, rjochtsgelearde en sosjolooch. Hy jildt as ien fan de grûnlizzers fan de sosjology.
Max Weber wie de soan fan in begoedige en konservatief politikus. Hy studeare rjochten en waard letter ta rjochter beneamd yn Berlyn. Syn grutte belangstelling foor sosjale herfoarmingen blykte út syn boek oer arbeid op it plattelân. Dit boek waard yn East-Dútslân sa goed ûntfongen dat hy ta heechlearaar beneamd waard oan de universiteit fan Freiburg.
Yn 1897 waard hy beneamd oan de universiteit fan Heidelberch en yn 1918 fan dy fan München. Syn oandacht ferlei him fan ekonomy nei sosjology. It bekendste wurk fan Weber is "Die protestantische Ethik und der Geist des Kapitalismus", wêryn hy op wittenskiplike wize de ynfloed fan de godstsjinst op it kapitalisme beskreau.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- SocioSite: Max Weber (1864-1920)
- Sociale Ongelijkheid en Klassen - Max Webers bydrage oan de teory fan sosjale ûngelikens en klassen troch: dr. Albert Benschop (Universiteit fan Amsterdam)
- Max Weber en het calvinisme fan prof.em. Albert Mok
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|