Springe nei ynhâld

Lisieux

Ut Wikipedy
Lisieux
Flagge Wapen
Polityk
Lân Frankryk
Regio Normandje
Departemint Calvados
Sifers
Ynwennertal 20.171 (2018)
Oerflak 13,07 km²
Befolkingstichtens 1.543 / km²
Stêdekloft 28.123 (2017)
Hichte 32-152 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 49° 08' 44" N 0° 13' 32" E
Webside Side Lisieux

Lisieux is in stêd en gemeente yn it Frânske departemint Calvados, yn de regio Normandje. Lisieux leit oan de Touques. It is in ûnderprefektuer fan de Calvados en it haadplak fan it arrondissemint Lisieux en fan trije kantons. Ek is Lisieux it wichtichste plak fan it Pays d'Auge. De stêd is in katolyk beafeartsplak foar de hillige Theresia fan Lisieux.

Lisieux leit op it plak dêr't de Touques en ferskillende sydrivieren gearrinne: de Orbiquet, de Cirieux en de Graindain.

De stêd leit yn it hert fan it Pays d'Auge, wêrfan't Lisieux de haadstêd is. It leit midden yn it foar Normandje karakteristike kûlissenlânskip, dêr't fral molkkij greidzje en siderapels (dêr't sider en de drank calvados fan makke wurdt) teelt wurde.

Lisieux is de âlde haadstêd fan it Gallyske folk de Lexovii. Nei de fal fan it Romeinske Ryk waard de stêd in biskopsstêd. De biskoplike sit waard ferlitten en bleau in skoftke leech by de ynfallen fan de Wytsings. Yn de 10e iuw waard de stêd plondere troch Rollo, de earste hartoch fan Normandje. Yn de hartogelike tiid waard in romaanske katedraal boud, dy't letter ferfongen is troch in goatyske katedraal. Oan it begjin fan de Hûndertjierrige Kriich waard de stêd op 2 augustus 1346 troch troepen fan Edwert III ferneatige.

Ald-Lisieux, Bûtermerk

Nei de hillichferklearring fan karmelitesse Sint-Theresia waard op ien fan de heuvels om Lisieux de grutste Frânske tsjerke fan de 20e iuw boud: de basilique Sainte-Thérèse. De neobyzantynske tsjerke ferkrong al gau de âlde katedraal, dy't in parochytsjerke waard. De devoasje ta de hillige Sint-Theresia, dy't yn de Karmel fan Lisieux wenne, makke fan Lisieux it op ien nei wichtichste beafeartsplak fan Frankryk. Allinne Lourdes wurdt noch drokker besocht.

Oant 1944 wie Lisieux ryk oan smelle strjitsjes mei midsiuwske fakwurkhûzen en fersierde gevels, mar op 6 en 7 juny waard de stêd troffen troch alliearde bombardeminten. Mear as 800 minsken kamen by it kriichsgeweld om en de stêd waard foar twatredde ferneatige. Under de gebouwen dy't ferlern gyngen wie ek it kleaster fan de benediktinen, tweintich nonnen liet it libben. De stêd waard op 23 augustus 1944 befrijd.

Yn 1960 waard de oanbuorjende stêd Saint Jacques by Lisieux foege.

Op 2 juny 1980 kaam paus Jehannes Paulus II nei Lisieux by syn earste besite oan Frankryk om te bidden by de tome fan Sint-Theresia.

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2006 2018
Ynwennertal 21.156 23.830 25.521 24.940 23.703 23.166 23.343 20.171
Boarnen: Cassini en INSEE

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Musée d'Art et d'Histoire de Lisieux, 38 boulevard Pasteur
  • Musée de cire (Museum by de basilyk mei waksfoarstellings út it libben fan Sint-Theresia)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]