Springe nei ynhâld

Lelibis

Ut Wikipedy
skobde ibis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai Afrikaanske griene ibissen (Bostrychia)
soarte
Bostrychia carunculata
Rüppell, 1837
IUCN-status: net bedrige

De lelibis (Bostrychia carunculata) is in fûgel út 'e famylje ibissen en leppelbekken, dy't foarkomt yn de Hoarn fan Afrika.

Lelibis.

De lelibis is tusken de 65 oant 76 sm grut en dêrmei te ferlikenjen mei de dêr op lykjende Hadada-ibis, mar de fearren binne dúdlik donkerder. Opfallend is de grutte wite flek op 'e wjukken, dy't mei it swart kontrastearret. Ek de iris fan 'e fûgel is wyt. Oare skaaimerken binne de swarte toeffearren en in swarte kiellel.

Opfallende ferskillen tusken mantsjes en wyfkes binne der net. De fearren fan 'e juvenilen binne doffer sûnder de wite flek op 'e wjukken en de swarte lel.

De fûgel libbet oan rivieren mei rotseftige iggen, yn sompen en wiet lân, mar ek yn iepen bosk en op ikkers. Lelibissen libje yn it Etiopysk Heechlân tusken in hichte fan 1500 m en 4100 m. Meastentiids is de ibis yn lytse groepkes te sjen en net selden ek by bewenning, lykas bygelyks yn Addis Ababa.

It iten fan 'e lelibis bestiet út ynsekten, larven, wjirms, slakken, spinnen, gaanders en somtiden ek lytse reptilen, sûchdieren en kikkerts. De fûgel foerazjeart lykas oare ibissoarten en brûkt de snaffel om yn 'e boaiem nei iten te sykjen. Faak folget er ek kij en oar fee om yn 'e dong nei krobben te sykjen.

It nêst wurdt boud fan takken, gers en blêden op horizontale takken fan beammen of op rotsen, faak yn lytse koloanjes. It lechsel bestiet út twa oant trije aaien.

It ferspriedingsgebiet is beheind ta it Etiopysk Heechlân yn Etioopje en Eritreä, dêr't er relatyf algemien foarkomt. De IUCN rûst de wrâldpopulaasje op 1.000 oant 25.000 fûgels (resp. 670 oant 17.000 folwoeksen fûgels) en klassifisearret de fûgel as net bedrige.

Takomstige bedrigings foar de fûgel binne it kappen fan beammen en de wize fan feehâlderij yn it leefgebiet. Fierder foarmje eroazje en de omsetting fan it leefgebiet yn agrarysk lân, de oarloch en drûchte in bedriging foar de fûgel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Klunkeribis (ferzje 16 juny)