Owen Lars
Owen Lars personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | boer | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Beru Lars Luke Skywalker Cliegg Lars Shmi Skywalker Anakin Skywalker Obi-Wan Kenobi | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1976 |
Owen Lars is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in boer op 'e planeet Tatooine en de de styfomke en pleechheit fan 'e jonge Luke Skywalker. Syn frou hjit Beru. Owen Lars waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. It personaazje waard yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) spile troch Phil Brown en yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) en de tillefyzjesearje Obi-Wan Kenobi troch Joel Edgerton.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Owen is op 'e woastynplaneet Tatooine berne as de soan fan Cliegg Lars en dy syn earste frou Aika. As syn heit nei it ferstjerren fan syn mem wertrout mei Shmi Skywalker, wurdt Owen de styfbroer fan 'e Jedi Anakin Skywalker. Dat bart yn 'e tsien jier romte dy't tusken de films Star Wars: Episode I – The Phantom Menace en Star Wars: Episode II – Attack of the Clones út 'e Star Wars-prequeltrilogy yn sit. Yn dyselde snuorje trout Owen sels mei Beru Whitesun.
Sa't yn Attack of Clones te sjen is, wurdt Shmi yn 22 f.Sl.Y. ûntfierd troch Tusken-kapers en mishannele oant se oan har ferwûnings beswykt. Owen syn heit Cliegg, dy't dan foar de twadde kear widner wurdt, komt koarte tiid letter te ferstjerren en lit Owen syn fochtbuorkerij nei.
Sa't toand wurdt yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith ferfalt Anakin yn 19 f.Sl.Y. ta de tsjustere kant fan de Krêft. Hy jout him by de boasaardige keizer Palpatine en nimt de Sith-namme Darth Vader oan. Padmé Amidala, mei wa't er yn it djipste geheim troud is, bringt fuort letter in twilling te wrâld, dy't se Luke en Leia neamt. Hja ferstjert net lang dêrnei yn it kreambêd. De Jedi Obi-Wan Kenobi en Yoda beslute de twillingen te ferbergjen foar Darth Vader en harren foar har eigen feilichheid útinoar te heljen. Obi-Wan nimt Luke mei nei Tatooine en jout de poppe dêr oan Owen en Beru om grut te bringen.
Owen en Beru ferkeare ûnder de yndruk dat Anakin by de steatsgreep fan Palpatine ombrocht is om't er in Jedi wie. Dat, om Luke te beskermjen lizze se it near op alles dat mei de Jedi te krijen hat. Owen ferbiedt Obi-Wan ek om Luke te trainen of sels mar om op lykfol hokker manear kontakt mei him te hawwen. Ynstee besiket er Luke waarm te krijen foar it boerewurk, eat dêr't de jonge, dy't smacht nei aksje en aventoer, gjin boadskip oan hat.
Yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope, as Luke njoggentjin jier is, keapet Owen fan 'e Jawa's in pear androïden, R2-D2 en C-3PO. Sûnder dat er it wit, befettet R2-D2 in boadskip fan Luke syn suster, prinsesse Leia Organa fan Alderaan, oan Obi-Wan. As Luke mei de androïde omnifelet, stjit er op dat boadskip. Hy wit net wa't "Obi-Wan Kenobi" is, mar ken wol in Ben Kenobi, dy't as klúzner yn 'e woastyn omhúsmannet. As R2-D2 útnaait en Luke him mei C-3PO efternei giet, bedarje se trijeresom by Obi-Wan.
Wylst Luke ôfwêzich is, wurdt de pleats oerfallen troch stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk, dy't op 'e siik binne nei de beide androïden. R2-D2 befettet nammentlik net inkeld in boadskip foar Obi-Wan, mar ek de troch it Rebelleferbûn stellen blaudrukken fan 'e Deadsstjer, it nije romtestasjon anneks massaferneatigingswapen fan keizer Palpatine. De stoarmtroepers fermoardzje Owen en Beru. As Luke letter syn omke en muoike dea oantreft, jout er him by Obi-Wan om as Jedi traint te wurden.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |