Hazzenút (kleur)
hazzenút | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #B5AE6E | |
RGBª (r, g, b) | (181, 174, 110) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 4, 39, 29) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Hazzenút is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún. It wurdt op ferskate manearen omskreaun, bgl. as in gielich ljochtbrún of as in dûnker bêzje. De namme komt fan 'e kleur fan 'e dop fan 'e hazzenút. As kleur wurdt hazzenút benammen brûkt om in beskate tint ljochtbrune eachkleur oan te tsjutten, de saneamde hazzenútkleurige eagen.
Kleurtechnyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is hazzenút in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it yn teory ek in tertiêre kleur, dy't produsearre wurdt troch it mingen fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt dêrby lykwols gebrûk makke fan swart ynstee fan syaan.
Besibbe tinten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]hazzenút | #B5AE6E | |
ekru | #C2B280 | |
Frânsk bêzje | #A67B5B | |
Frânsk ljochtbêzje | #C8AD7F | |
houtbrún | #C19A6B | |
khaki | #C3B091 | |
tan | #D2B48C | |
woastynsân | #EDC9AF |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |