Ketliker Skar
Ketliker Skar | ||
Ketliker Skar | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Ketlik | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 270 ha | |
behear | It Fryske Gea |
It Ketliker Skar is in natuergebiet yn de Tsjongerfallei, en wurdt beheard troch It Fryske Gea. It leit oan de Tsjonger rûchwei tusken Mildaam en Aldhoarne. It skar beslaat sa’n 270 ha. It gebiet bestiet út in leech wiet gedielte direkt oan de kanalisearre Tsjonger. Dit gedielte bestiet meast út greidlannen. Op heger lizzende stikken bestiet it gebiet út bosk.
Ketlikerskar wie fanâlds de namme foar in hast ferdwûn heidegenbiet. In skar wie kwa begroeiing in heide, mar der moatte ferskillen west hawwwe yn it brûken en de eksploitaasje. Tsjintwurdich lizze yn it ôfwikseljende lânskip en neiste omjouwing sa'n 30 ha oan heiderestanten, dy't by de lêste resten heare fan de ea grutte heidefjilden en skarren yn de Fyske wâlden. Dêrneist lizze der ek fariearde bosken, swiere houtwâlden, finne-eftige greiden en modernisearree lânbougrûnen yn in swier beboske parkeftige omjouwing.
Yn it noarden slút it gebiet oan by de Katliker heide. Nei it suden slút it Skar oan by de Tsjongerdellen, in wiet natoergebiet yn de fallei fan de tsjintwurdich kanalisearre, mar earder tige meänderjende Tsjonger. It totale gebiet is mear as 413 ha grut. Dêr't nei it suden ta de bosk ophâldt stiet in útsjochtoer mei útsjoch oer de Tsjongerdellen.