Koeban (regio)
De Koeban (Russysk: Кубань, Kuban, sekuerdere transliteraasje: Kubaň; Sirkassysk: Пшызэ, Pṡyze) is in geografyske regio yn súdlik Jeropeesk Ruslân, dy't ferneamd is nei de rivier de Koeban. Yn 'e ingere sin beslacht de Koeban-regio allinnich it ôfwetteringsgebiet fan 'e rivier, mei dêrûnder it territoarium Krasnodar, de autonome republiken Adygeä en Karatsjai-Tsjerkesje en dielen fan it territoarium Stavropol. Yn bredere sin (sa't it almeast bûten Ruslân brûkt wurdt), beflapt men ûnder de beneaming "de Koeban" lykwols it hiele diel fan Súd-Ruslân dat útstekt tusken de Swarte See en de Kaspyske See.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Koeban yn bredere sin wurdt begrinzge troch:
- yn it suden de Kaukasus;
- yn it easten de Kaspyske See;
- yn it noarden de Pontysk-Kaspyske Steppe en de Wolgadelta;
- yn it westen de Swarte See, de Strjitte fan Kerch (dy't it gebiet skiedt fan it skiereilân de Krim) en de See fan Azov.
Dêrmei beslacht de Koeban dan:
- it territoarium Stavropol
- it territoarium Krasnodar
- de autonome republyk Adygeä
- de autonome republyk Karatsjai-Tsjerkesje
- de autonome republyk Kabardo-Balkaarje
- de autonome republyk Noard-Osseesje
- de autonome republyk Tsjetsjeenje
- de autonome republyk Yngûsjeesje
- de autonome republyk Dagestan
- de autonome republyk Kalmukje
- it súdeasten fan 'e provinsje Rostov
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik waard de westlike Koeban befolke troch de Sirkassiërs (ek wol Tsjerkessen of Adygeeërs neamd), wylst it easten bewenne waard troch folken as de Nogai, Koemukken en Kalmukken. Fanôf de Russysk-Turkske Oarloch fan 1868-1774 begûnen de earste etnyske Russen har yn it gebiet nei wenjen te setten. Tusken 1792 en 1794 waarden grutte oantallen (etnysk Russyske) Donkozakken en (etnysk Oekraynske) Swarte-Seekozakken nei de Koeban ta stjoerd, wat feitliks delkaam op in kolonisaasje fan it gebiet.
Nei't yn 1864 einlings en te'n lêsten de Sirkassiërs ferslein wiene en der fiergeande etnyske suverings yn it gebiet trochfierd wiene, folge in nije weach fan etnysk Russyske kolonisten. De etnyske Oekraïners, dy't yn guon dielen fan it gebiet tsjin 1900 mear as 95% fan 'e befolking útmakken, waarden yn 'e tweintichste iuw mei grou geweld twongen om te russifisearjen, sadat fan 'e mear as oardel miljoen Oekraïners dy't om 1925 hinne yn 'e Koeban wennen, der tsjintwurdich noch mar sa'n 66.000 oer binne dy't har eigen kulturele identiteit beholden hawwe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side. |