Frederiksberg (gemeente)
Frederiksberg | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Denemark |
regio | Haadstêd |
boargemaster | Jørgen Glenthøj |
sifers en geografy | |
haadplak | Frederiksberg |
grutste plak | Frederiksberg |
ynwennertal | 104.410 (2018) |
oerflak | 8,70 km² |
skiednis | |
oprjochte | 1857 |
oar | |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.frederiksberg.dk |
Frederiksberg is in gemeente yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. It is mei in oerflak fan 8,70 km² de lytste gemeente fan it lân. Dêrnjonken is it ek de tichtstbefolke gemeente. Yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling fan 2007 bleau de gemeente selsstannich, mar Frederiksberg ferlear doe wol de provinsjale status.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik lei Frederiksberg westlik fan de Kopenhaagske fivers bûten Kopenhagen. Troch de anneksaasje fan in tal oanbuorjende gemeentes troch Kopenhagen kaam Frederiksberg sûnt 1901 as in enklave yn de stêd te lizzen.
Frederiksberg giet werom op kening Frederik III, dy't op 2 juny 1651 twintich boeren fan Nederlânske komôf fan it eilân Amager tastimming joech harren yn Ny Hollænderby (Nije Hollannerstêd) del te setten.
Tusken 1700 en 1703 liet Frederik IV in lusthôf op de Valby Bakker (Valby heuvel) bouwe, it lettere Slot Frederiksberg. Foar de bou hie de kening ynspiraasje opdien by syn reizen nei Frankryk en Itaalje.
De stêd groeide stadich en om 1800 hie Frederiksberg mar 1.200 ynwenners. Pas nei 1822, doe't de militêre demarkaajseliny om Kopenhagen hinne ferskode en op it lêst opheven waard, sette Frederiksberg útein te groeien. Yn 1857 waard de stêd in selsstannige gemeente, yn 1860 folge it merkrjocht en yn 1864 de ferbining mei it spoar.
Yn 1969 waard mei de bou fan de Domus Vista yn Frederiksberg it doedestiids heechste hûs fan Denemark en it heechste wengebou fan Skandinaavje boud. Sûnt 1976 is de Domus Vista it op ien nei heechste gebou fan Denemark en sûnt de iepening fan de Turning Torso yn Malmö it op ien nei heechste wengebou fan Skandinaavje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|