Springe nei ynhâld

Fryske Shakespeare Stifting

Ut Wikipedy
Fryske Shakespeare Stifting
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. stifting
wurkmêd útjaan fan it wurk fan Shakespeare
yn 'e Frysktalige oersetting
haadkertier Drachten (Fryslân)
oprjochte 1953
opdoekt 1976
offisjele webside
n.f.t.

De Fryske Shakespeare Stifting wie in te Drachten fêstige frijwilligersorganisaasje en gelegenheidsútjouwerij. Hy waard oprjochte nei de tragyske dea fan oersetter Douwe Kalma, by in auto-ûngemak yn 1953, om 'e útjefte te fersoargjen fan Kalma syn fertalings yn it Frysk fan 'e toanielstikken en poëzij fan 'e wiidferneamde elizabetaanske Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare.

Tusken 1955 en 1976 ferskynden Kalma syn oersettings ûnder de titel Shakespeare's Wurk yn acht mânske dielen, dy't Shakespeare syn hiele oeuvre omfetten ynsafier't dat doe bekend wie (it stik De Twa Aadlike Neven, dêr't pas frij resint fan fêst kommen is te stean dat it fan Shakespeare is, ûntbrekt yn dizze samling). Diel I o/m III beslane de Shakespeariaanske komeedzjes; diel IV omfettet de lêste komeedzjes en de earste fan 'e Shakespeariaanske histoaryske of keningsstikken; diel V beslacht de oare keningsstikken; diel VI en VII binne opmakke út 'e Shakespeariaanske trageedzjes; en yn diel VIII binne de lêste trageedzjes gearbrocht mei de Shakespeariaanske poëzij. De ôfsûnderlike dielen wiene net los te krijen; men moast jin ynskriuwe foar de hiele rige.

Yndieling fan Shakespeare's Wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(Foar it doel fan dit artikel binne de titels oan 'e hjoeddeiske stavering oanpast; de oarspronklike titels kinne yn 'e boarnefernijing ûnderoan dizze side fûn wurde.)

Douwe Kalma.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. I: Komeedzjes: In Komeedzje Fol Forsinnen, Leafde's Lêst Net Leanne, De Twa Eallju fan Verona, Drachten, 1956 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN-nûmer.
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. II: Komeedzjes: De Fekke Nuet, In Midsimmernachtdream, De Keapman fan Veneesje, Drachten, 1959 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. III: Komeedzjes: Folle Spul om Neat, De Fleurige Wyfkes, Nei Jim Bileavjen, Trije Keningejoun, Lyk om Lyk, Ein Goed, Alles Goed, Drachten, 1962 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. IV: Lette Komeedzjes: It Winterjounsteltsje, De Stoarm; Keningsstikken: Kening Hindrik VI (diel I, II en III), Kening Richard III, Drachten, 1963 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. V: Keningsstikken: Kening Richard II, Kening Jan, Kening Hindrik IV (1), Kening Hindrik IV (2), Kening Hindrik V, Kening Hindrik VIII, Drachten, 1965 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN.
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VI: Titus Andronicus, Romeo en Julia, Julius Caesar, Troilus en Cressida, Hamlet, Drachten, 1966 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VII: Trageedzjes: Othello, de Moar fan Veneesje, Kening Lear, Macbeth, Timon fan Athene, Antonius en Cleopatra, Drachten, 1969 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN.
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VIII: Coriolanus, Pericles, Cymbeline, Venis en Adonis, De Rôf fan Lucretia, Sonnetten en Fersen, Drachten, 1976 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.
wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater