Fjildbuorren
Fjildbuorren is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Fjildbuorren leit noardeastlik fan Brantgum en westlik fan Hantum. Fjildbuorren leit yn de himrik fan Brantgum.
De bebouwing fan Fjildbuorren leit oan de Fjildbuorren en de Fjildbuorsterwei. De kearn bestiet út 5 adressen oan de Fjildbuorren en 4 oan de Fjildbuorsterwei.
De buorskip leit yn de polder It Hantumerleech.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ûntstien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fjildbuorren is in relatyf jonge buorskip, ûntstean út de boerepleatsen Montzema State en de Mennerda State. De Fjildbuorsterwei hiet yn earste ynstânsje ek de Minnerdawei.
Yn it begjin fan 20ste iuw ûntstie mear bebouwing, wêrûnder ‘Veldzicht’ en sa ûntwikkele him in buorskip yn de polder It Hantumerleech. Yn 1958 waard de buorskip neamd as Veldburen.
Gemeentelike weryndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2019 leit Fjildbuorren yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|