Firefox OS
Firefox OS | |
---|---|
Standertapps op in mobyltsje | |
| |
Untwikkelder | Mozilla |
Meast resinte ferzje | 2.1.0 |
Lêste bêtaferzje | 2.2.0/ Deistich bywurke |
Platfoarm | Android (compatible), Linux (simulator, emulator, firmware), OS X (simulator, emulator), Windows (simulator) |
Kategory | Bestjoeringssysteem |
Lisinsje | MPL 2.0 |
Webstee | mozilla.org/firefoxos |
Firefox OS is in bestjoeringssysteem fan Mozilla, dat draaie kin op Android-compatible mobyltsjes en tablets en yn 'e oarspronklike ferzje útbrocht waard yn 2013. It wurdt kant-en-klear ferkocht, mar kin ek sels op besteande Android-tastellen ynstalleare wurde. Ek in pear telefyzjes wurkje op firmware mei Firefox OS. Foar pc's binne der simulator- en/of emulatorferzjes.
Ynstallaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sels ynstallearjen is in behyplik putsje, om't net sa folle typen offisjeel stipe wurde, en de standertynstallaasje dêrom sels oanpast wurde moat foar it tastel. Fierders kin in simulator- of emulatorferzje maklik kompilearre wurde, of ynladen as add-on yn Mozilla Firefox.
Oersetting nei it Frysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De programma's binne foar in part yn it Frysk beskikber.
Fryske staveringshifker
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske staveringshifkers fan Hunspell/Myspell en Aspell wurde stipe.