Edward Hopper
Edward Hopper | ||
keunstner | ||
Edward_Hopper, om 1937 hinne | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 22 july 1882 | |
berteplak | New York | |
stoarn | 15 maaie 1967 (84 jier) | |
stjerplak | New York | |
wurkpaad | ||
wurksum as | keunstskilder, etser | |
streaming | Realisme | |
bekendste wurk(en) |
Automat (1927) Chop Suey (1929) Nighthawks (1942) Office in a Small City (1953) |
Edward Hopper (Nyack, New York, 22 july 1882 – Manhattan, New York, 15 maaie 1967) wie in Amerikaansk keunstskilder en etser dy't skilderijen makke mei temas dy't it Hoppers fyzje op it Amearika fan syn tiid wjerspegelje. Syn keunst is realistysk en beheart ta de American scène.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Edward Hopper waard 1882 yn Nyack/New York as twadde bern fan Garret Henry Hopper en Elizabeth Griffiths Smith Hopper berne. Fan 1900 oant 1906 studearre er oan de Parsons The New School for Design yllustraasje by Frank Vincent Dumond en Arthur Keller en ek skilderjen by William Merritt Chase, Kenneth Hayes Miller en Robert Henri, de mentor fan de Ashcan School. Yn de jierren 1906/1907, 1909 en 1910 reizge er troch Jeropa en besike er ûnder oaren Parys, Londen, Brussel, Amsterdam en Berlyn.
Fan 1905 ôf arbeide Hopper as yllustrator foar reklameburoos (meast foar C. C. Phillips & Co.) om troch de tiid te kommen; hy die at wurk 20 jier lang, mar beskôge it net as it skeppen fan keunst. Yn 1913 die er mei oan de Armory Show yn New York City en ferkocht dêr foar 250 dollar syn earste skilderij, Sailing. Nei 1915 makke der in stikmannich etsen dy't net sa bekend binne; Hopper koe lykwols oant syn 42 jier net fan it skilderjen allinne libje.
Yn 1923 krige Hopper yn Gloucester (Massachusetts) kunde oan de skilderes Josephine Nivison mei wa't er op 9 july 1924 troude. Sy joech it skilderjen op en waard it model dat op in protte fan Hoppers wurken te sjen is. Sy wie ek dejinge dy't foar Hoppers meidwaan oan in ynternasjonale tentoanstelling yn it Brooklyn Museum of Art bemiddele, dat foar Hopper de trochbrek betsjutte. It Brooklyn Museum of Art kocht it skilderij The Mansard Roof foar 100 dollar oan. It wie it twadde skilderij day Hopper ferkeapje koe. Itselde jier wie ek syn earste solotentoanstelling yn de galery fan Frank Rehn, dêr't er oant syn dea ta eksposearjen bliuwe soe.
Under de krisisjierren waard er in wurdearre bekende skilder yn de FSA. Hopper ferkocht bygelyks yn 1929 twa oaljeferven, 14 akwarellen en 80 stiks grafyske wurken foar totaal 6.211 dollar. Fan 1935 oant 1937 wûn er fjouwer wichtige prizen. Der soene noch in protte folgje.
Yn 1941 bereizge er de westkust fan de Feriene Steaten yn 'e auto en yn 1943 folge de earste reis nei Meksiko. Yn 1950 wie syn earste grutte oersjochtentoanstelling yn it Whitney Museum, dy't ek yn Boston en Detroit holden waard. Noch itselde jier krige er in earedoktoraat fan it Art Institute of Chicago. Op de Biënnale yn Feneetsje fan 1952 wie er fertsjintwurdige mei trije oare Amerikaanske skilders.
Om 1960 kearde Hopper him mei klam tsjin de hegemony fan de abstrakte keunst yn dy tiid. Itselde jier wie der yn it Wadsworth Atheneum yn Hartford (Konnektikut) in útstalling fan syn wurk. Yn 1962 folge in oersjochtentoanstelling yn it Philadelphia Museum of Art en yn 1964 in twadde yn it Whitney Museum of American Art yn New York.
Op 15 maaie 1967 stoar Hopper yn syn New Yorkske atelier oan Washington Square, dêr't er sûnt desimberin 1913 ûnûnderbrutsen wenne hie. Hy waard twa dagen letter beïerdige yn it famyljegrêf op Oak Hill Cemetery yn syn berteplak Nyack, New York.[1]
Temas
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]John Updike wie fan betinken: 'De minske wie it haadmotyf fan Hopper, hoewol't er minsken net goed skilderje koe. Se lykje faak stiif en bleek...... Dochs fiele wy dat syn portretten fan de conditio humana mear yndruk meitsje en jin mear yn it moed taaste as dy fan skilders as Reginald Marsh en Thomas Hart Benton".
Hopper krearret in ûnwerklike, desolate sfear yn syn skilderijen. Yn in protte fan syn skilderijen hearsket in psychologyske spanning. De minsken op syn skilderijen sjogge der nea lokkich út. Teffens roppe de skilderijen in gefoel fan "meiïoar, mar dochs allinne" op.
At jin it hiele oeuvre fan Hopper oersjogge kin konkludearre wurde dat fierwei it grutste part fan syn skilderijen de isolaasje fan it yndividu sintraal stiet. Der wurdt komselden kontakt mei in oar lein, sels al binne der mear as ie persoan yn it byld oanwêzich. Foarbylden binne de wurken dêr't persoanen yn in teäter wachtsje op it begjinnen fan de foarstelling. Net ien fan harren hat kontakt mei in oar. In oar foarbyld is it ferneamde Nighthawks.
De figueren yn it wurk fan Hopper binne faak foar of efter in raam pleatst wat it isolemint folslein makket, der is wol in bûtenwrâld, mar dêr hat de persoan gjin diel oan, al liket dy somtiids wol wat te ferwachtsjen.
In oar elemint yn Hoppers wurk is it hûs yn in lânskip. Hoewol't it hûs hast altyd in foardoar hat, rint der gjin paad nei dy doar. It liket wol oft it hûs net yn it lânskip thúsheart. Dat lit wer it isolemint fan in inkelt gebou sjen.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar út syn tekeningen:
-
Manlik neaken (1905/1906)
-
Night on the El Train (ets, 1918)
-
East Side Interior (1922)
Museums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1968 stoar syn frou, Josephine Verstille Nivison. Neffens de winsk fan har man krige it Whitney Museum of American Art yn Manhattan syn keunstwurken op 'e noed. De neilittenskip omfieme mear as 3000 skilderijen, tekeningen, akwarellen en grafyske wurken. Dêrmei besit it museum de grutste samling fan Hoppers wurk yn de wrâld. De famylje Sanborn, dy't mei Hopper befreone wie, skonk it Whitney-Museum boppedat 4.000 argyfstikken út de neilittenskip fan Hopper.[2]
Titel | Datum | Kolleksje |
---|---|---|
Painter and Model | 1902-1904 | Whitney Museum of American Art |
Bridge in Paris | 1906 | Whitney Museum of American Art |
Le Pont des Arts | 1907 | Whitney Museum of American Art |
Après-midi de juin | 1907 | Whitney Museum of American Art |
Les lavoirs à Pont Royal | 1907 | Whitney Museum of American Art |
Louvre and Boat Landing | 1907 | Whitney Museum of American Art |
The El Station | 1908 | Whitney Museum of American Art |
Summer Interior | 1909 | Whitney Museum of American Art |
The Louvre in a Thunderstorm | 1909 | Whitney Museum of American Art |
Le Pont Royal | 1909 | Whitney Museum of American Art |
Le Quai des Grands Augustins | 1909 | Whitney Museum of American Art |
Le pavillon de Flore | 1909 | Whitney Museum of American Art |
The Wine Shop | 1909 | Whitney Museum of American Art |
American Village | 1912 | Whitney Museum of American Art |
Squam Light | 1912 | |
Queensborough Bridge | 1913 | Whitney Museum of American Art |
Soir bleu | 1914 | Whitney Museum of American Art |
Road in Maine | 1914 | Whitney Museum of American Art |
Blackhead, Monhegan | 1916-1919 | Whitney Museum of American Art |
Stairways | 1919 | Whitney Museum of American Art |
Night Shadows (ets) | 1921 | Museum of Modern Art |
Girl at Sewing Machine | 1921 | Museo Thyssen-Bornemisza |
The New York Restaurant | c. 1922 | Muskegon Art Museum, Michigan |
Railroad Crossing | 1922-1923 | Whitney Museum of American Art |
The Mansard Roof (akwarel) | 1923 | Brooklyn Museum |
The Locomotive (ets) | 1923 | Whitney Museum of American Art |
House by the Railroad | 1925 | Museum of Modern Art |
Self-Portrait | 1925-1930 | Whitney Museum of American Art |
Sunday | 1926 | Phillips Collection, Washington |
Drug Store | 1927 | Museum of Fine Arts, Boston |
Lighthouse Hill | 1927 | Dallas Museum of Art |
Coast Guard Station | 1927 | Montclair Art Museum |
Automat | 1927 | Des Moines Art Center |
The City | 1927 | University of Arizona Museum of Art |
Night Windows | 1928 | Museum of Modern Art |
Manhattan Bridge Loop | 1928 | Addison Gallery of American Art |
Railroad Sunset | 1929 | Whitney Museum of American Art |
The Lighthouse at Two Lights | 1929 | Metropolitan Museum of Art |
Chop Suey | 1929 | Barney A. Ebsworth Collection |
Early Sunday Morning | 1930 | Whitney Museum of American Art |
Tables for Ladies | 1930 | Metropolitan Museum of Art |
Corn Hill (Truro, Cape Cod) | 1930 | McNay Art Institute, San Antonio |
House in Provincetown (akwarel) | 1930 | University of Oklahoma Museum of Art |
Cobb's Barns, South Truro | 1930-1933 | Whitney Museum of American Art |
New York, New Haven and Hartford | 1931 | Indianapolis Museum of Art |
Hotel Room | 1931 | Museo Thyssen-Bornemisza |
Dauphinée House | 1932 | ACA Galleries |
Room in New York | 1932 | Sheldon Memorial Art Gallery en Sculpture Garden |
House at Dusk | 1935 | Virginia Museum of Fine Arts |
The Long Leg | 1935 | The Huntington Library Collection |
Macomb's Dam Bridge | 1935 | Brooklyn Museum |
The Circle Theater | 1936 | priveekolleksje |
Cape Cod Afternoon | 1936 | Museum of Art, Carnegie Institute |
Compartiment C, Car 193 | 1938 | IBM Corporation Collection |
New York Movie | 1939 | Museum of Modern Art |
Cape Cod Evening | 1939 | National Gallery of Art, Washington |
Ground Swell | 1939 | Corcoran Gallery of Art |
Gas | 1940 | Museum of Modern Art |
Office at Night | 1940 | Walker Art Center (Minneapolis) |
Nighthawks | 1942 | Art Institute of Chicago |
Dawn in Pennsylvania | Terra Museum of American Art | |
Hotel Lobby | 1943 | Indianapolis Museum of Art |
Summertime | 1943 | Delaware Art Museum |
Truro and Gloucestrer | 1944 | priveekolleksje |
Morning in a City | 1944 | Williams College Museum of Art |
Rooms for Tourists | 1945 | Yale University Art Gallery |
August in the City | 1945 | Norton Gallery of Art, West Palm Beach |
Summer Evening | 1947 | priveekolleksje |
Pennsylvania Coal Town | 1947 | Butler Institute of American Art, Youngstown (Ohio) |
Seven AM | 1948 | Whitney Museum of American Art |
High Noon | 1949 | Dayton Art Institute |
Conference at Night | 1949 | Wichita Art Museum |
Cape Cod Morning | 1950 | National Museum of American Art |
Rooms by the Sea | 1951 | Yale University Art Gallery |
Morning Sun | 1952 | Columbus Museum of Art |
Hotel by a Railroad | 1952 | Hirshhorn Museum and Sculpture Garden |
Sea Watchers | 1952 | priveekolleksje |
Office in a Small City | 1953 | Metropolitan Museum of Art |
South Carolina Morning | 1955 | Whitney Museum of American Art |
Hotel Window | 1956 | The Forbes Magazine Collection |
Four Lane Road | 1956 | priveekolleksje |
Western Motel | 1957 | Yale University Art Gallery |
Sunlight in a Cafeteria | 1958 | Yale University Art Gallery |
Excursion into Philosophy | 1959 | priveekolleksje |
Second Story Sunlight | 1960 | Whitney Museum of American Art |
People in the Sun | 1960 | National Museum of American Art, Washington |
A Woman in the Sun | 1961 | Whitney Museum of American Art |
New York Office | 1962 | Montgomery Museum of Fine Arts |
Intermission | 1963 | priveekolleksje |
Sun in an Empty Room | 1963 | priveekolleksje |
Chair Car | 1965 | priveekolleksje |
Two Comedians | 1965 | priveekolleksje |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Edward Hopper yn de National Gallery of Art
- (in) Artchive
- Edward Hopper op Artcyclopedia mei in protte ferwizingen
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Edward Hopper fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|